thumb|Shirley Temple yn 1944 thumb|left|Shirley (rjochts) mei Eleanor Roosevelt yn 1938 Shirley Jane Temple (Santa Monica (Kalifornje), 23 april 1928 - Woodside, Kalifornje, 10 febrewaris 2014) wie in Amerikaansk aktrise en diplomaat. Shirley Temple is foaral bekend wurden as bernestjerke. It famke mei de goudblûne krollen en fonkeljende eagen wurdt troch in protte minsken beskôge as it meast bekende bernestjerke út de filmskiednis. Sy wie tusken 1932 en 1949 yn mear as fyftich films te sjen. As Shirley Temple Black hat hja karriêre as ambassatrise foar de Feriene Steaten makke, nammentlik yn Gana en Tsjechoslowakije.
Shirley Temple wie tusken 1936 en 1938 in tige súksesfolle artyst yn Hollywood; oare studio's besochten dan ek yn te heakjen op it súkses, en brochten harren eigen films út mei lytse famkes yn de haadrol.
Doe't hja âlder waard, daalde har populêrens hurd.
Films 1932: War Babies 1932: Baby Burleske-Filmrige 1932: Red Haired Alibi 1933: To The Last Man 1933: Out All Night 1934: Carolina 1934: Mandalay 1934: Stand up and cheer 1934: Change Of Heart 1934: Little Miss Marker 1934: Now I'll Tell 1934: Baby take a bow 1934: Now and forever 1934: Bright Eyes 1935: The Little Colonel 1935: Our Little girl 1935: Curly Top 1935: The Littlest Rebel 1936: Captain January 1936: Poor Little Rich Girl 1936: Dimples 1936: Stowaway 1937: Wee Willie Winkie 1937: Heidi 1938: Rebecca of sunnybrook Farm 1938: Little Miss Broadway 1938: Just Around The Corner 1939: The Little princess 1939: Susannah of the Mounties 1940: The Blue Bird 1940: Young People 1941: Kathleen 1942: Miss Annie Rooney 1944: Als du Abschied nahmst 1944: I´ll be seeing you 1945: Kiss and tell 1947: Honeymoon 1947: The Bachelor and the Bobby-Soxer 1947: That Hagen Girl 1948: Fort Apache 1949: Adventure in Baltimore 1949: Mr. Belvedere Goes To College 1949: The Story Of Seabiscuits 1949: A Kiss For Corliss.
Keppelings om utens "Official site" (Legend Films memorabilia and merchandise site authorized by Shirley Temple Black) ShirleyTempleFans.com Shirley Temple films frij te heljen Shirley Temple Teater Shirley Temple's Ferhaleboek Foto's fan Shirley Temple
Kategory:Amerikaansk artyst Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk dûnser Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk ambassadeur Kategory:Eare-Oscar-winner Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 2014