thumb|Anje Wubbina Boelma en Hebbe Hebbes thumb|Hebbe Hebbes

Hebbe Hebbes (Wierum (Westdongeradiel), 15 augustus 1850 - Wolvegea, 15 septimber 1931) wie boargemaster fan de eardere gemeente Skoatterlân fan 1 maart 1906 oant ein april 1928.

Hebbes folge Lambertus Feits Gzn. op, wylst boargemaster Falkena syn opfolger waard. Hy fêstige him op It Hearrenfean, Anjewier, op 11 maaie 1906 kommende fan Delfsyl. Ut it befolkingsregister fan Skoatterlân waard hy op 30 april 1928 ôfskreaun fanwege fertrek nei Beetstersweach. Hy hat ek yn Grins wenne. Foardat er boargemaster fan Skoatterlân waard wie hy ofsier yn it KNYL, boargemaster fan Súdbroek en boargemaster fan Delfsyl.

Hebbes wie troud mei Anje Wubbina Boelma (Nieuw-Beerta, 1858); harren dochter Maria Petronella Anna waard berne op 09-01-1878 op Amboina (Ambon) en Wubbina Frederika Gesina (1888-1976) waard berne yn Saparoea (Nederlânsk-Ynje)

Hebbes wie Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Op It Hearrenfean is de yn 1949/1950 oanleine H. Hebbesstrjitte nei him neamd. It is de ferbining yn noardeastlike rjochting fan de Boargemaster Falkenawei mei de Coehoorn van Scheltingawei (lâns de foarside fan 'Marijke Hiem').

Kategory:Frysk ofsier Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Skoatterlân Kategory:Nederlânsk ofsier Kategory:KNYL-militêr Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Wierum Kategory:Persoan stoarn yn Wolvegea Kategory:Persoan berne yn 1850 Kategory:Persoan stoarn yn 1931