thumb|Jan Sluijters (1951) thumb|Jan Sluijters (troch Willem van Schaik) Jan Sluijters ('s-Hertogenbosch, 17 desimber 1881 - Amsterdam, 8 maaie 1957) wie in Nederlânsk keunstskilder. Hy ûntwurp ek affysjes en wie boekbânûntwerper.
Hy hâlde in soad ta yn Itaalje, Spanje en Frankryk. Stie ûnder ynfloed fan Cézanne, Gauguin en Van Gogh kaam ta in ferienfâldiging fan de foarm; sinlik en hertstochtlik koloryt, dat him benammen yn syn blommen en neakten oppenearret. Syn portretten tsjûgje fan in skerpe psychologyske observaasje. Fierders skildere er stillibbens, figuerstikken, lânskippen ensfh. Ek makke er yllustraasjes foar berneboeken.
Museums Noardbrabânsk Museum yn 's-Hertogenbosch (ôfdieling mei ferskate skilderijen fan Jan Sluijters) Dordrechts Museum yn Dordrecht Van Abbemuseum yn Eindhoven Van Gogh Museum in Amsterdam Steedlik Museum Alkmaar yn Alkmaar
Skilderijen Rêstend neaken, 1931 Two Women Embracing, 1905 Spaanse danseres, 1906 Boomgaard te Heeze, 1909 Villa Vita Nuova, 1910 Landschap met korenschoven, 1910 Portret van Dorry Kahn, 1920 Liesje is jarig, 1929
Keppelings om utens Ofbyld fan in skilderij út 1931 Tentoanstelling Jan Sluijters yn de Keunsthal Jan Sluijters op Artcyclopedia mei in soad links Jan Sluijters as boekyllustrator
Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk boekbânûntwerper Kategory:Nederlânsk yllustrator Kategory:Bergenske Skoalle Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1881 Kategory:Persoan stoarn yn 1957