Joris in 't Veld (Dubbeldam, 5 july 1885 - De Haach, 15 febrewaris 1981) wie in mearsidich sosjaaldemokratysk politikus (û.o. minister), heechlearaar yn Leien, lid fan de Ried fan Steat, bestjoerder en ien fan de grûnlizzers fan bestjoerswittenskippen yn Nederlân.
Yn 1937 folge hy Kornelis ter Laan op as boargemaster fan Saandam en waard yn dat jier lid fan de Earste Keamer foar de SDAP. As Partij fan de Arbeid-minister fan Weropbou en Folkshûsfesting yn de kabinetten-Beel I en -Drees I en -Drees II brocht hy ûnder mear de Wederopbouwet ta stân.
Hy hearde fuort nei de oarlochsjierren ta de oprjochters fan Humanitas en it Humanistysk Ferbûn. Hy wie foarsitter fan Humanitas en siet yn it haadbestjoer fan it Humanistysk Ferbûn en wie sadwaande fan grutte betsjutting foar uit humanistyske folksdiel. Op It Hearrenfean is in humanistysk wenkompleks nei him neamd. It stiet oan de P.J. Troelstrawei.
Publikaasjes In 't Veld skreau ferskate artikels en tsientallen boeken, wêrûnder: 1929, Nieuwe vormen van decentralisatie 1932-34, De inrichting van onzen staat gezien van sociaaldemocratisch standpunt. Amsterdam. 1936, Nog steeds: naast de rode de blauwe vaan. Utrecht 1938, Bestuursinrichting van de Wieringermeer Alphen aan den Rijn 1945, Economische en sociale ordening. Amsterdam 1950, De betekenis der gemeente voor de toekomst van West-Europa. Heemstede 1953, Krotopruiming en vernieuwing van bebouwde kernen. De Haach. 1962, Inleiding tot de bestuurswetenschap ism H.A. Brasz en A. Kleijn. 1968, Essays in administration. De Haach. 1970, Vooruitziende bestuurswetenschap. Een futurologische verkenning. De Haach 1972, Ons staatsbestuur in een stroomversnelling, De Haach. 1979, Beginselen van behoorlijk bestuur, Zwolle. 1980, Planning als maatschappelijke vormgeving, J. in 't Veld (red.). Dimter: Van Loghum Slaterus.
Literatuer - Veld, Joris in 't (1895-1981), in: Biografisch Woordenboek van Nederland, deel IV, 512 - Prof.mr. Joris in 't Veld (1895-1981). Een knappe, saaie socialist, yn: De Nederlandse Gemeente 35 (1981). - In bescheiden mate: liber amicorum Mr J. in 't Veld, Nysingh Bitter & De Vries Robbé advocaten. (1994),
Keppeling om utens Veld, Joris in 't (1895-1981) A.A. de Jonge, Biografysk Wurdboek fan Nederlân Beskriuwing fan syn libbensrin, Europa-nu
Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:SDAP-politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk provinsjaal politikus Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Nederlânsk minister fan Folkshûsfesting en Romtlike Oardering Kategory:Lid fan de Ried fan Steat Kategory:Nederlânsk rjochtsgelearde Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk humanist Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1885 Kategory:Persoan stoarn yn 1981