Minka, berne as Michelle Kim (Seoul, 7 septimber 1960), is de artystenamme fan in Súdkoreaansk-Amerikaansk neakenmodel, stripper en porno-aktrise yn it grutte-boarstesjenre.
Minka hat Fjetnameesk en Frânske foarâlden en waard grut yn Súd-Koreä. Nei de middelbere skoalle gie se oan 't wurk as stripper. Dêrnjonken beoefene Minka op heech nivo tennis, en wûn se yn 1993 mei har partner it dames-dûbelevenemint op 'e saneamde "Aziatyske Olympyske Spullen" dy't dat jiers yn Chicago holden waarden. Sa bedarre Minka yn 'e Feriene Steaten, dêr't hja neitiid besocht om in karriêre as tennistrener op te bouwen. Dat slagge har lykwols net om't se sakke foar in eksamen Ingelsk dat hja nedich hie foar it beheljen fan har Amerikaanske ûnderwiisfoech.
Yn 1995 liet hja har boarsten fergrutsje. Minka seit dat dy 6,1 kg it stik wage. Sy hat te sjen west yn ferskate Amerikaanske telefyzjeshows, û.o. by de The Jerry Springer Show (1996).
Prizen AVN Award foar "bêste grutte-boarstefideo fan it jier" (1998) Hustler Busty Beauties "Centerfold of the Year" Exotic Dancer Magazine "bêste grutte-boarste-artyste fan it jier" (2000) Score Model of the Year 2005 (djipste dekolletee) (2006) Erotica Hall of Fame (2007)
thumb|left|Minka by de oanrikkemandaasje fan it MWF ûnôfhinklik wrakseljen.
Keppeling om utens Minka har offisjele webside Biografy by LukeIsBack.com
Kategory:Súdkoreaansk tennisser Kategory:Súdkoreaansk neakenmodel Kategory:Súdkoreaansk stripper Kategory:Súdkoreaansk pornoakteur Kategory:Amerikaansk tennisser Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan East- of Súdeastaziatysk komôf Kategory:Koreaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Fjetnameesk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1960