Jan Keestra (It Hearrenfean, 9 juny 1825 - dêre, 10 april 1885) wie gemeentesekretaris fan Skoatterlân.

Jan wie de soan fan dûmny D.G. Keestra fan It Hearrenfean. Hy begûn syn loopbaan as notarisklerk en waard yn 1855 sekretaris fan Skoatterlân, wat er oant syn dea ta bliuwe soe. Hy wie mei-oprjochter fan Keninklike Iisferiening Thialf, dêr't er tusken 1855 - 1861 de earste sekretaris fan wie. Mei syn sweager, dokter Groeneboom, stifte hy in túnkerij mei kassen yn It Mar (letter fa. Visser en yn 2002 blommist Volbeda). Hy wenne op de Dracht yn it pân fan winkelman Popma, letter reisburo).

De heakse ferbining tusken Karst de Jongwei en de Jan Mankesleane is yn 1958 nei him Keestrastrjitte neamd.

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk túnker Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Skoatterlân Kategory:Persoan berne yn 1825 Kategory:Persoan stoarn yn 1885