Opsterlân (Nederlânsk en offisjeel: Opsterland) is in gemeente yn it easten fan Fryslân, mei in oerflak fan 227,64 km², wêrfan 3 km² wetter. Op hie dizze gemeente ynwenners (boarne: CBS).
Skiednis In grûnfynst jout oan dat der 150.000 lyn al bewenning west hat yn Opsterlân, mar der is earst in trochgeande rige fynsten fan 15.000 jier lyn. Fan 1000 f.Kr. oant 1000 n.Kr. hawwe der minsken wenne yn it westlike, lege part fan de gemeente, mar úteinlik wie der safolle oerlêst fan it wetter dat de minsken nei it eastlik part ferhuzen. Dat is de hege grûn dêr't it Alddjip, dat wol sizze, de Boarn begjint. Yn dy tiid wie dat allegear iepen heidefjild, mei oan de noard- en súdkant heechfean.
Oan it begjin fan de 18e iuw is it heechfean doe ôfgroeven, en dêrfan binne de fearten en wyken noch werom te finen. Ek waard der yn de 18e en 19e iuw in soad bosk oanplante, en dêrtroch is eastlik part fan Opsterlân no sa grien. Yn it westlik part is yn de 19e iuw it leechfean ôfgroeven en oant yn de 20e iuw hat men dwaande west mei it drûch meitsjen fan de plassen dy't dêr fan oerbleaunen. Dat part fan de gemeente is no meast greidlân.
De gritenij Opsterlân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.
Taal Yn Opsterlân wurdt troch 64% fan de ynwenners Frysk sprutsen. Nederlânsk is foar 29% de memmetaal. Dêrnjonken binne der lytse mannichten dy't Stêdsk (4% fan de befolking), Stellingwerfsk (2%) of in útlânske taal (1%) as memmetaal hawwe.De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Producties), ISBN 978-9 00 17 79 047, s. 268.
Plakken De gemeente Opsterlân telt 17 wenplakken. It haadplak fan de gemeente is Beetstersweach. De Nederlânske plaknamme binne de offisjele.
Doarpen en flekke De folgjende doarpen en flekke (De Gordyk) lizze yn de gemeente Opsterlân: +Fryske plaknammeNederlânske plaknammeOantal ynwennersBakkefeanBakkeveen1.915BeetstersweachBeetsterzwaag3.720Fryske PeallenFrieschepalen990De GordykGorredijk7.525De HimrikHemrik745Jonkerslân -265LangsweagenLangezwaag1.055LippenhuzenLippenhuizen1.305LúkswâldLuxwoude435Nij Beets -1.640OerterpUreterp4.900Olterterp -70SigerswâldSiegerswoude835Terwispel -1.010De TynjeTijnje1.615WynjewâldWijnjewoude2.105
Wapens en flaggen
Wapens
Flaggen It plak Drachten-Asân hat gjin wapen en/of flagge.
Polityk De gemeenteried fan Opsterlân telt 21 sitten. De útslaggen fan 'e gemeenteriedsferkiezings binne (fan 2018 ôf):
partijferkiezings 2018Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27 ferkiezings 2022Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27% sitten%sitten Opsterlânsk Belang 23,9 6 24,1 5 CDA 14,9 3 12,3 3 PvdA 12,6 3 12,4 3 KristenUny 11,6 2 10,5 2 VVD 9,9 2 9,2 2 D66 5,1 1 6,4 1 FNP 4,3 1 15,6 3 GrienLinks - - 9,4 2 oare partijen 17,8 0 0 0 ûnjildich & blanko 0,6 - 0,5 - opkomst/totaal sitten 57,9% 21 55,0% 21
Berne yn Opsterlân Dirkje Postma (1951), heechlearaar Patofysiology en winnares fan û.o. de Aletta Jacobspriis 1995 S.A. Veenstra (1893-1981), arsjitekt Gerrit Roorda (1890-1977), politikus, Frysk steatelid
Sjoch ek Fryske doarpen Fryske gemeenten List fan grytmannen fan Opsterlân List fan boargemasters fan Opsterlân
Keppelings om utens Webstee fan de gemeente
Kategory:Sânwâlden Kategory:Gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851