Foarfallen 1477 - Karel de Stoute komt om it libben yn de Slach by Nancy. 1349 - Margareta stelt har soan Willem V oan as greve en betinget in útkearing fan 15.000 gûne mei in jierjild fan 6000 gûne. 1896 - Yn de Wiener Presse ferskynt it earste publike artikel oer de troch Wilhelm Röntgen ûntdutsen röntgenstrieling. 1924 - It earste nasjonaal kampioenskip Koartebaan wurdt hâlden yn Ryptsjerk. 1933 - Der wurdt begûn oan de bou fan de Golden Gate brêge yn San Fransisko. 1941 - Stasjon Pepergea wurdt sluten. 1953 - Premjêre "Wachtsjen op Godot" fan Samuel Beckett. 1956 - Earste NTS sjoernaal op de Nederlânske telefyzje. Underwerpen: stiiffêste glêdens, ynterview mei Caroline, de dochter fan skaakkampioen Max Euwe en jonge bollen troch de strjitten fan Pamplona. 1981 - De earste útstjoering fan it NOS Jeugdsjoernaal, presintearre troch Leontien Ceulemans. 1989 - De earste útstjoering fan it telefyzjespultsje Lingo. Presintator is Robert ten Brink. 1976 - De earste útstjoering fan it radioprogramma Met het Oog op Morgen. 1998 - Nei in iisstoarm en temperatueren fan -35 °C yn de omkriten fan Montreal, Quebec, Kanada, wurde tûzene ynwenners út harren hûzen helle en wurde 15.800 soldaten nei it gebiet stjoert. 2005 - De mummy fan Toetankhamon wurdt yn in CT-skenner stutsen. Dêrmei wurdt de deadsoarsaak fan de farao ûntdekt.
Berne 1835 - Hendrik van Rijgersma, Frysk dokter, botanikus, soölooch († 1877) 1846 - Rudolf Eucken, Eastfrysk filosoof († 1926) 1855 - King Camp Gillette, Amerikaansk útfiner († 1932) 1869 - jhr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga, Frysk abbekaat en oersetter († 1946) 1876 - Konrad Adenauer, bûnskânselier fan West-Dútslân († 1967) 1888 - Lauri Pihkala, Finsk sporter, militêr en útfiner († 1981) 1896 - Hendrik Algra, Frysk ûnderwizer, sjoernalist en politikus († 1982) 1907 - Volmari Iso-Hollo, Finsk atleet († 1969) 1910 - John Lovelock, Nijseelânsk atleet († 1949) 1913 - István Molnár Hongaarsk wetterpoloër († 1983) 1917 - Herman Buyen, Nederlânsk reedrider en reedrydtrainer († 1986) 1921 - gruthartoch Jan fan Lúksemboarch († 2019) 1928 - Walter Mondale, Amerikaansk politikus en diplomaat († 2021) 1932 - Umberto Eco, Italiaansk skriuwer († 2016) 1944 - Jan de Vries, Frysk motorkoereur († 2021) 1973 - Diamond Foxxx, Amerikaansk pornoaktrise 1978 - January Jones, Amerikaansk aktrise en model 1981 - Deadmau5, Kanadeesk DJ en muzykprodusint
Ferstoarn 1425 - Jan fan Beieren, biskop fan Luik, greve fan Hollân, Seelân en Henegouwen (* 1374) 1448 - kening Kristoffel III fan Denemark (* 1416) 1477 - hartoch Karel de Stoute fan Boergonje (* 1433) 1589 - Catharina de' Medici, keninginne-gemalimne fan Frankryk (* 1519) 1626 - Cornelis Hooft, Nederlânsk keapman en politikus (* 1547) 1740 - Antonio Lotti, Italjaansk komponist, kapelmaster en oargelist (* 1665 of 1667) 1820 - Johannes Fockema, Frysk boargemaster en ûndernimmer (* 1745) 1858 - Josef Radetzky von Radetz, Eastenryksk militêr en politikus (* 1766) 1922 - Halbe Binnerts, Frysk politikus (* 1842) 1922 - Ernest Shackleton, Iersk ûntdekkingsreizger (* 1874) 1956 - Hartman Sannes, Frysk skiedkundige en publisist (* 1890) 1979 - Peter Bonnet, Frysk ûnderwizer en keunstsamler (* 1896) 1986 - Ilmari Salminen, Finsk atleet (* 1902) 1998 - Sonny Bono, Amerikaansk sjonger, muzykprodusint, akteur en politikus (* 1935) 2005 - Ramadan Aitoty, Iraaksk-Koerdysk asylsiker (* 19??) 2010 - Sander Simons, Nederlânsk nijslêzer en sjoernalist (* 1962) 2014 - Eusébio da Silva Ferreira, Portegeesk fuotballer (* 1942) 2015 - Cees Greuter, Frysk sjonger (* 1950) 2024 - Henk Zoetendal, Frysk fuotballer (* 1941)
Kategory:Datum 05