Foarfallen 1579 - Ferklearring fan de Uny fan Atrecht (trou oan de Spaanske kening en it Roomsk-Katolisisme ) troch Flaamske en Waalske gewesten 1781 - Op de Royal Square yn Saint Helier op it Kanaaleilân Jersey ferslaan de Ingelsken de Frânsken yn de Slach om Jersey. 1838 - Alfred Vail en Samuel Morse demonstrearje de telegraaf wêrby't de morsekoade ferfongen is troch syn morse-alfabet. 1841 - Grut-Brittanje beset Hong Kong. Letter dat jier wenje der al 7.500 minsken. 1907 - Maria Montessori iepent yn Rome har earste skoalle. 1912 - It Territoarium Nij-Meksiko wurdt opheft en yn it plak dêrfan ûntstiet de Steat Nij-Meksiko, dy't as 47e steat opnommen wurdt yn 'e Feriene Steaten. 1929 - Heinrich Himmler wurdt de Reichführer-SS fan de Schutzstaffel (SS). 1929 - Mem Teresa komt oan yn Kolkota en begjint har wurk foar de earmste minsken fan it lân. 1981 - Kuorbalferiening DFD út Oentsjerk wurdt oprjochte.
Berne thumb|right|100px|Jeanne d'Arc 1367 - kening Richard II fan Ingelân († 1400) 1412 - Jeanne d'Arc, Frânsk heldinne († 1431) 1561 - Thomas Fincke, Deensk wiskundige en natuerkundige († 1656) 1617 - Kristoffel fan Gabel, Deenske politikus en koloniaal bestjoerder († 1673) 1655 - Willem van Haren († 1728) 1745 - Jacques Étienne Montgolfier, Frânsk ballonfarder († 1799) 1797 - Edward Turner Bennett, Ingelsk biolooch († 1836) 1842 - Salomon Siewerd de Koe, Frysk teolooch en predikant († 1886) 1861 - Victor Horta, Flaamsk arsjitekt († 1947) 1880 - Hendrik Kersken, Nederlânsk siler († 1967) 1882 - Fan Noli, Albaneesk politikus, geastlike, skriuwer en oersetter († 1965) 1912 - Frederick Manfred, Amerikaansk skriuwer († 1994) 1915 - Ibolya Csák, Hongaarsk heechspringster († 2006) 1920 - Hetty Blok, Nederlânsk aktrise, kabaretiêre, regisseur en sjongster († 2012) 1943 - W. Richard West jr., Amerikaansk abbekaat, aktivist en museumdirekteur 1944 - Alan Stivell, Bretonsk sjonger en muzikant 1946 - Johan Veenstra, Stellingwerfsk skriuwer en ferteller 1946 - Syd Barrett, Ingelsk sjonger en gitarist († 2006) 1955 - Rowan Atkinson, Ingelsk akteur en komyk 1986 - Anna Gimbrère, Nederlânsk sjoernaliste en presintatrise 1995 - Michaela DePrince, Amerikaansk ballerina († 2024)
Ferstoarn 1022 - greve Freark fan Ferdun, Frânsk ealman (* 1000) 1852 - Louis Braille, Frânsk útfiner (* 1809) 1884 - Gregor Mendel, Eastenryksk genetikus (* 1822) 1919 - Theodore Roosevelt, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1858) 1948 - Giulio Gaudini, Italjaansk skermer (* 1904) 1983 - Shabban Shahab-ud-Din, Yndiaask hockeyer (* 1909) 1996 - Karoly Grosz, premier fan Hongarije (* 1930) 2000 - Fokje Bleeker-Dijkstra, Frysk fersetsstrider (* 1910) 2026 - Jaap Pop, Nederlânsk boargemaster en fotograaf (* 1941)
Kategory:Datum 06