thumb|right|Atje Keulen-Deelstra wurdt earste yn it algemien einklassemint by de nasjonale reedrydkampioenskippen 1972. Atje Keulen-Deelstra (Grou, 31 desimber 1938 - Ljouwert, 22 febrewaris 2013), ek wol Us Atsje neamd, is ien fan de ferneamdste Fryske reedrydsters. Se troude mei de Jirnsummer boer Jelle Keulen. Se krigen trije bern wêrfan't de jongste, Boukje ek yn wedstrydferbân reedriden hat, mar dêryn minder suksesfol wie as har mem. Fan de beide soannen Kees en Goos helle dy lêste in beskieden sukses as keatser troch yn 1983 mei syn maten foar Jirnsum in 4e priis op de Freulepartij yn Wommels te winnen.
Yn it begjin fan de santiger jierren fan de 20e iuw helle Atsje har grutte suksessen. Se soe 4 kear Wrâldkampioene en 3 kear nûmer ien op in Europeesk kampioenskip wurde. Dêrneist waard se ferskate kearen Nederlânsk kampioene en wie se in betûft koartebaanrydster, sa waard hja op har 16e famkeskampioene fan Fryslân. Op de Olympyske Winterspullen 1972 yn Sapporo wûn Keulen-Deelstra in sulveren en twa brûnzen medaljes. Keulen-Deelstra waard yn 1970 ferkeazen ta Sportfrou fan it jier.
Yn 1997 ried hja inkele wiken nei't hja ferwûne rekke wie by in ferkearsûngemak noch de Alvestêdetocht.
Grutste suksessen
Wrâldkampioene: 1 maart 1970 yn West Allis 5 maart 1972 op It Hearrenfean 25 febrewaris 1973 yn Strömsund 24 febrewaris 1974 op It Hearrenfean
Europeesk kampioene: 16 jannewaris 1972 yn Ynzell 11 febrewaris 1973 yn Brandbu 3 febrewaris 1974 yn Medeo
Op 14 maart 1970 ried se in wrâldrekôr op de 1500 meter: 2.17,2.
De Alvestêdetocht lei se sawol op redens, fytsend as rinnend ôf.
Resultaten (rest) jier NKAllround EKAllround WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 1969 7e 1970 4e 1971 4e NS2 4e 1972 4e 6e 500m 1000m 1500m 3000m 1973 1974 NS = net start op twadde ôfstân
Literatuerlist (1997) Schaatsseizoen '96-'97: 25e Jaargang 1996-1997, statistische terugblik Stichting Schaatsseizoen, Assen (2002) All Time International Championships, Complete Results: 1889 - 2002 WSSSA-Skøytenytt, Askim (1982) Een Eeuw Nederlandse Schaatssport Het Spectrum, Utert (1974) Us Atsje . Alternatyf, Bûtenpost (1971) 10 Jaar Topschaatsen Luitingh, Laren (Noard-Hollân) (1972) Topschaatsen 1972 Luitingh, Laren (Noard-Hollâ) (1973) Topschaatsen 3 Luitingh, Laren (Noard-Hollân) (1968) Schaatsjaarboek 1968/69, alles over het hardrijden op de lange baan Dico, Amsterdam (1969) Schaatsjaarboek 1969-'70, alles over het hardrijden op de lange baan Dico, Amsterdam (1970) Schaatsjaarboek 1970-'71, alles over het hardrijden op de lange baan Nymwegen (1971) Schaatsjaarboek 1971-'72, alles over het hardrijden op de lange baan Nymwegen (1970) Atje Keulen-Deelstra vertelt exclusief haar story La Rivière & Voorhoeve, Swol (1970) Heya, Heya! Het nieuwe boek van de Schaatssport La Rivière & Voorhoeve, Swol (1972) Van Jaap Eden tot Ard Schenk De Boekerij, Baarn (1989) Komplette Resultater Internasjonale Mesterskap 1889 - 1989: Menn/Kvinner, Senior/Junior, allround/sprint. Veggli, Noarwegen: WSSSA-Skøytenytt (Noarsk) (1972) (redaksje Dolf Koning) Schaatsgoud '72 Teleboek NV, Bussum
Keppelings om utens Atje Keulen-Deelstra by de NOC-NSF Atje Keulen-Deelstra by SkateResults.com Statistyk op Speedskatingnews
Kategory:Frysk reedrider Kategory:Alvestêdetochtrider Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn Grou Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Jirnsum Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 2013