Foarfallen 366 - De Allemannen komme mei grutte oantallen de Ryn oer en falle it Romeinske Ryk yn. 1492 - Boabdil, de lêste Moarske emier fan Granada jout syn stêd oer oan de legers fan Ferdinand en Isabella nei in lang belis. 1788 - Georgia wurdt, troch de Amerikaanske Grûnwet te ratifisearjen, de 4e steat fan 'e Feriene Steaten. 1793 - De Twadde Poalske Dieling: Ruslân en Prusen anneksearje beiden in oansjenlik part fan Poalen. 1899 - Iepening fan 'e tramline fan Moaie Peal nei Ljouwert 1909 - Foarsitter S. Hylkema fan it Fryske iisbûn set it ljocht op grien foar de start fan de earste Alvestêdetocht. Fan de 48 dielnimmers helje mar 9 de einstreek op tei-iis. Winner wurdt de 24-jierrige teologystudint Minne Hoekstra fan Wargea (13 oere en 50 minuten). 1957 - De AOW (Algemiene Alderdomswet) giet yn Nederlân yn. 1965 - Earste útstjoering fan de Veronica Top 40. 1967 - Foar it earst wurdt reklame útstjoerd op de Nederlânske telefyzje. 1974 - It minimumlean yn Nederlân is fêststeld op: f 1049,10 de moanne; f 242,10 yn 'e wike en f 48,42 deis. 1985 - De musical Annie wurdt foar de 2377e en lêste kear opfierd op Broadway. 1997 - Henk Kroes kundiget, mei de wurden "It giet oan!", oan dat de Alvestêdetocht dit jier seker ferriden wurde sil. 2008 - Foar it earst wurdt 100 Amerikaanske dollar foar in fet oalje bean.

Berne 1635 - Wilhelmus à Brakel, Nederlânsk predikant († 1711) 1723 - David Ruhnken, Nederlânsk gelearde († 1798) 1796 - Jan Gelinde van Blom, Frysk dichter en skriuwer († 1871) 1906 - Frederic Seaman, Yndiaask hockeyer († 2000) 1911 - Gertruud Geertje Faber-Hornstra, Frysk bestjoerder († 2004) 1912 - Hisakichi Toyoda, Japansk swimmer († 1976) 1920 - Isaac Asimov, Amerikaansk skriuwer († 1992) 1924 - Hendrik Jan Broekstra, Nederlânsk pianist († 2015) 1925 - Jan Uitham, Nederlânsk reedrider († 2019) 1937 - Martin Ros, Nederlânsk útjouwer, publisist en literatuerkritikus († 2020) 1948 - Penney de Jager, Nederlânske dûnseresse 1953 - Jacques Tichelaar, Frysk politikus 1969 - Tommy Morrison, Amerikaansk bokser († 2013) 1971 - Nyk de Vries, Frysk skriuwer en muzikant 1974 - Petter Andersen, Noarsk reedrider 1975 - Dax Shepard, Amerikaansk akteur 1976 - Paz Vega, Spaansk aktrise 1981 - Flower Tucci, Amerikaansk pornoaktrise 1986 - Asa Akira, Amerikaansk pornoaktrise

Ferstoarn 1726 - Domenico Zipoli, Italjaansk komponist (* 1688) 1861 - kening Freark Willem IV fan Prusen (* 1795) 1917 - Edward Burnett Tylor, Ingelsk antropolooch (* 1832) 1918 - Sybe Kornelis Bakker, Frysk predikant en politikus (* 1875) 1940 - István Énekes, Hongaarsk bokser (* 1911) 1940 - Albert Richter, Dútsk hurdfytser (* 1912) 1956 - Fernand Jourdant, Frânsk skermer (* 1903) 1960 - Chris van Abkoude (Charles Winters), Nederlânsk skriuwer, sjoernalist en artyst (* 1880) 1960 - Fausto Coppi Italjaansk hurdfytser (* 1919) 1967 - Marcello Bertinetti, Italjaansk skermer (* 1885) 1975 - Robert Fein, Eastenryksk gewichtheffer (* 1907) 1990 - Belcampo (Herman Schönfeld Wichers), Nederlânsk skriuwer (* 1902) 1992 - Maurice Perrin, Frânsk baanhurdfytser (* 1911) 1992 - Hette Gerrit Abma, Frysk predikant (* 1917) 2016 - Nimr al-Nimr, Saûdysk sjiïtysk geastlike en minskerjochte-aktivist (* 1959) 2022 - Eric Walter Elst, Belgyske astronoom (* 1936) 2025 - Ágnes Keleti, Hongaarsk turnster (* 1921) 2025 - Ján Zachara, Slowaaksk bokser (* 1928)

Kategory:Datum 02