Jan Bruin (Hollum, 30 septimber 1969) is in eardere proffuotballer út Fryslân. Hy wie in tûke spits dy't yn syn profperioade in protte jierren by Cambuur yn Ljouwert fuotballe hat. Yn Ljouwert wienen sy tige wiis mei him. Se wienen wei fan syn typyske wize fan rinnen as er krekt skoard hie: mei lange passen en de earmen wiid útstrekt nei de Cambuursupporters.
Jan Bruin debutearre yn it betelle fuotbal yn it seizoen 1991/1992 foar SK Cambuur Ljouwert. By dizze klup spile hy oant en mei 1995, dêr't twa jier fan yn de Earedifyzje. Nei Cambuur soe er fuotbalje by FK Swol, ek in profklup dêr't er goed twa jier spyljen bleau. Fia FC Volendam kearde Bruin by Cambuur werom, dêr't er dêrnei noch 5 jier yn de oanfal stie. Nei dat tiidrek by Cambuur like hy ôfskreaun foar it betelle fuotbal, mar fuotbalklup Stormvolgels Telstar hie belangstelling foar him, dat hy koe yn 2005 by dizze klup tekenje.
En ek by Stormvogels Telstar liet er blike it skoaren noch net ferleard te hawwen. Op de ein fan it seizoen 2006/2007 makke hy bekend stopje te sillen, mar omdat er yn april 2007 al wer 16 kear trefseker west hie, kaam er op dy beslissing werom, tekene noch in jier by en bleau oant en mei de simmer fan 2008 fuotbaljen en stoppe doe foargoed mei it betelle fuotbal.
Jan Bruin wurdt beskôge as de bêste fuotballer fan It Amelân. Hy stiet bekend om syn iepenheid en positive wize fan omgong mei supporters. Bruin is sûnt it seizoen 2008/2009 wer by Cambuur werom, dêr't er him no dwaande hâldt mei de jongerein en wurket as kommersjeel meiwurker. Hy is ek jeugdtrainer by Cambuur. Fan 2013 ôf oan is er assistint-coach by it earste alfetal. Bruin wennet yn Tsjom.
Karriêre Seizoen Klup Wedstriden Doelpunten Kompetysje 1991/92 SK Cambuur Ljouwert 2 0 Earste difyzje 1992/93 SK Cambuur Ljouwert 17 1 Earedifyzje 1993/94 SK Cambuur Ljouwert 22 2 Earedifyzje 1994/95 SK Cambuur Ljouwert 22 5 Earste difyzje1995/96 SK Cambuur Ljouwert 10 4 Earste difyzje FK Swol 22 6 Earste difyzje 1996/97 FK Swol 33 14 Earste difyzje 1997/98 FK Swol 34 18 Earste difyzje 1998/99 FK Folendam 12 6 Earste difyzje 1999/00 FC Volendam 22 10 Earste difyzje 2000/01 SK Cambuur Ljouwert 24 8 Earste difyzje 2001/02 SK Cambuur Ljouwert 26 16 Earste difyzje 2002/03 SK Cambuur Ljouwert 31 19 Earste difyzje 2003/04 SK Cambuur Ljouwert 33 10 Earste difyzje 2004/05 SK Cambuur Ljouwert 19 8 Earste difyzje 2005/06 Stoarmfûgels Telstar 32 14 Earste difyzje 2006/07 Stoarmfûgels Telstar 37 18 Earste difyzje 2007/08 Stoarmfûgels Telstar 35 5 Earste difyzje Totaal 433 164
Kategory:Frysk fuotballer Kategory:Frysk fuotbaltrainer Kategory:Amelânsk persoan Kategory:Persoan berne yn Hollum Kategory:Persoan berne yn 1969 Kategory:Cambuur Ljouwert