Chris de Wagt (Snits, 19 maaie 1985 - dêre, 19 jannewaris 2020) wie in proffuotballer út de provinsje Fryslân.
Karriêre De 23-jierrige Chris de Wagt trochrûn by SK Cambuur Ljouwert de hiele jeugdoplieding en is op it stuit dwaande mei syn tredde jier as basisspiler. Hy foarme yn syn earste jier in hecht duo mei Koen Brack, dêr't er in soad fan opstuts.
De Wagt tekene yn april 2008 in nij kontrakt dat him oant 2010 by Cambuur hâlde sil. Hy einige syn wurkpaad as aktive fuotballer yn 2010 by Top-Oss, wêrnei't er noch fjouwer jier fuotballe yn it earste fan ONS.
Fan it seizoen 2015-2016 ôf oan wie die haadtrainer fan Olyphia mei as assistint Ronny Venema. Ein desimber 2015 ferlingde De Wagt syn kontrakt by Olyphia mei ien seizoen. Yn 2017 waard er op parttimebasis jeugdtrainer by SC It Hearrenfean. Nei in kampioenskip mei it beloftenteam krige er yn 2018 in fulltime oanstelling.
Yn de simmer fan 2018 waard bonkekanker by him fêststeld. Nei in wiidweidige behanneling die ein 2019 bliken dat er útbehannele wie. Yn jannewaris 2020 stoar Chris de Wagt oan de gefolgen fan de sykte. Hy waard 34 jier.
Karrière Seizoen Klup Wedstriden Doelpunten Kompetysje 2005/06 SK Cambuur Ljouwert 30 3 Earste difyzje 2006/07 SK Cambuur Ljouwert 34 4 Earste difyzje 2007/08 SK Cambuur Ljouwert 27 4 Earste difyzje 2008/09 SK Cambuur Ljouwert 0 0 Earste difyzje 2009/10 SK Cambuur Ljouwert 11 0 Earste difyzje 2009/10 Top-Oss 4 0 Earste difyzje Totaal 105 11 Bywurke oant en mei febrewaris 2010
Kategory:Frysk fuotballer Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan stoarn yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1985 Kategory:Persoan stoarn yn 2020 Kategory:Cambuur Ljouwert