Peter van der Vlag (Ljouwert, 5 desimber 1977) is in proffuotballer, ôfkomstich út de provinsje Fryslân dy't op it stuit by BV Veendam fuotballet as keeper.
Van der Vlag spile foar Wildervank, ear't hy by BV Veendam terjochte kaam. Sûnt it seizoen 1998/99 stie hy foar fiif jier by Veendam ûnder de latte. Yn 2003 gong er fuort nei Go Ahead Eagles dêr't er mar ien jier fuotbalje soe. Sûnt 2004 kaam er út foar Cambuur.
Yn it seizoen 2005-2006 waard Van der Vlag troch it fuotbalblêd Voetbal International sjoen as de bêste spiler fan de Earste Difyzje. Van der Vlag stiet oant 2009 ûnder kontrakt by Cambuur en kearde doe werom nei Veendam..
Karriêre
Seizoen Klup Cambuur Wedstriden Doelpunten Kompetysje 1997/98 BV Veendam 0 0 Earste difyzje 1998/99 BV Veendam 22 0 Earste difyzje 1999/00 BV Veendam 28 0 Earste difyzje 2000/01 BV Veendam 28 0 Earste difyzje 2001/02 BV Veendam 34 0 Earste difyzje 2002/03 BV Veendam 33 0 Earste difyzje 2003/04 Go Ahead Eagles 34 0 Earste difyzje 2004/05 SC Cambuur-Ljouwert 35 0 Earste difyzje 2005/06 SC Cambuur-Ljouwert 38 0 Earste difyzje 2006/07 SC Cambuur-Ljouwert 28 0 Earste difyzje 2007/08 SC Cambuur-Ljouwert 38 0 Earste difyzje 2008/09 SC Cambuur-Ljouwert 38 0 Earste difyzje 2009/10 BV Veendam 28 0 Earste difyzje 2010/11 BV Veendam 28 0 Earste difyzje Totaal 419 0
Bywurke oant en mei 10 septimber 2010
Kategory:Frysk fuotballer Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1977