Ale Geert de Vries (Kollumersweach, 13 novimber 1980) is in earder proffuotballer út de provinsje Fryslân dy't sûnt 2001 ûnder de latte stiet as keeper by SK Cambuur Ljouwert.
De Vries begûn te fuotbaljen by de Friesche Boys en kaam as 11-jierich talint by de jeugd fan Cambuur terjochte.
Yn 2007 wie De Vries de reservekeeper fan Cambuur efter Peter van der Vlag. De Vries hie in kontrakt oant 2010 by Cambuur. Yn it seizoen 2008/09 is er ferhierd oan AGOVV Apeldoorn. Syn ôfrinnend kontrakt waard troch Cambuur oan de ein fan it seizoen 2009-2010 net ferlingd. De Vries fuotballe fan it seizoen 2010/2011 ôf trije seizoenen foar ONS Sneek. Hy besleat syn spilerskarriêr yn it seizoen 2013/14 by VV Balk.
Karriêre Seizoen Klup Wedstriden Doelpunten Kompetysje2001/02Cambuur Leeuwarden10Earste Difyzje2002/03Cambuur Leeuwarden20Earste Difyzje2003/04Cambuur Leeuwarden290Earste Difyzje2004/05Cambuur Leeuwarden10Earste Difyzje2005/06Cambuur Leeuwarden00Earste Difyzje2006/07Cambuur Leeuwarden110Earste Difyzje2007/08Cambuur Leeuwarden00Earste Difyzje2008/09AGOVV Apeldoorn80Earste DifyzjeTotaal 520
Keppeling om utens Spilerspaspoart fan De Vries op VI.nl
Kategory:Frysk fuotballer Kategory:Persoan berne yn Kollumersweach Kategory:Persoan berne yn 1980 Kategory:Cambuur Ljouwert