thumb|250px|left|Kaart fan gemeente Eaststellingwerf
Eaststellingwerf (Nederlânsk en offisjeel: Ooststellingwerf; Stellingwerfsk: Ooststellingwarf) is in gemeente yn it súdeasten fan Fryslân, mei in oerflak fan 226,11 km², wêrfan 2,69 km² wetter. De gemeente hat ynwenners ().Informatie gemeente Ooststellingwerf, AlleCijfers.nl
Eaststellingwerf foarmet tegearre mei Weststellingwerf de Stellingwerven. De gemeente leit oan de grins mei Drinte; op dizze grins leit it nasjonaal park it Drintsk-Fryske Wâld, dêr't grutte bosken lizze en in sânferstowing, dy't it Aekingersân of de Keale Duinen neamd wurdt. It heechste punt yn de gemeente is de op 26,6 m lizzende top fan de Boskberch, ek flakby Appelskea. Oan de eastkant fan de gemeente, tusken Appelskea en Feanhuzen leit it Fochtelerfean. De rivieren de Lende en de Tsjonger ûntspringe yn dizze gemeente.
Skiednis Yn 1328 skieden de Stellingwerven, en dus ek it gebiet dat hjoed de dei Eaststellingwerf foarmet, harren ôf fan Drinte dat op dat stuit ûnder it bewâld fan de biskop fan Utert stiet. Sûnt dan foarmet it gebiet in eigen autonoom gebiet dat bewâlde wurdt troch stellingen, wat de namme foar it gebiet ek ferklearret. Yn 1498 komt it gebiet yn hannen fan Albrecht fan Saksen, dy't it gebiet yn 1504 by Fryslân yndield. De Stellingwerven waarden sadwaande ien fan de Fryske gritenijen. Yn 1517 folget de splissing tusken East- en Weststellingwerf en ûntstiet it gebiet sa't dat der no is.
It gebiet foarme lange tiid in buffer foar fijannen dy't Fryslân ynlûke woenen. By Aldeberkeap, de Bekhofskâns, en by Donkerbroek, de Breeberchskâns, waarden fortifikaasjes makke. Tegearre mei ferskate ynundaasjes hawwe de forten der ûnder oare ta laat dat Bommen Berend it gebiet net ynlûke koe.
Yn de 18e iuw kaam de feanterij opsetten yn it gebiet. Nije feankoloniale doarpen ûntstienen dêr't it libben min wie. Under dizze omstannigens ûntstie in gebiet wêr't it sosjalisme in soad oanhingers hie. De gritenij Eaststellingwerf waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.
Hjoed de dei is Easterwâlde it haadplak fan de gemeente. Mar yn it ferline binne ek Makkingea en Aldeberkeap haadplak fan it gebiet west. Sûnt 1885 is Easterwâlde definityf it haadplak fan de gemeente wurden.
Plakken It haadplak is Easterwâlde (Makkinga, 1812 - 1855 Aldeberkeap, 1855 - 1886 Makkinga). De Nederlânske plaknammen binne yn Eaststellingwerf de offisjele.
Doarpen De folgjende doarpen lizze yn de gemeente Eaststellingwerf: +Fryske plaknammeStellingwerfsk plaknammeNederlânske plaknammeOantal ynwennersAldeberkeapBerkoopOldeberkoop1.500AppelskeaAppelscheAppelscha4.940DonkerbroekDonkerbroekDonkerbroek1.920EasterwâldeOosterwooldeOosterwolde9.680ElsloElseElsloo685De FochtelDe FochtelFochteloo360De HauleDe HauleHaule580HaulerwykHaulerwiekHaulerwijk3.185LangedikeLangediekeLangedijke330MakkingeaMakkingeMakkinga1.035NijeberkeapNi'jberkoopNijeberkoop270RavenswâldRaevenswooldRavenswoud405WaskemarWaskemeerWaskemeer835 De sifers komme út it jier 2024, fan https://allecijfers.nl/.
Wapens en flaggen
Wapens
Flaggen De plakken Aldeberkeap, De Fochtel, De Haule, Easterwâlde, Langedike, Makkingea, Nijeberkeap, Ravenswâld en Waskemar ha gjin wapen. De plakken De Haule, Easterwâlde, Langedike en Nijeberkeap ha gjin flagge.
Polityk De gemeenterie fan Eaststellingwerf bestiet út 21 sitten. De Partij fan de Arbeid hat lange tiid de grutste partij fan Eaststellingwerf west, mar sûnt de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 is de lokale partij EaststellingwerfskBelang de grutste. It kolleezje wurdt sûnt 2022 foarme troch it EaststellingwerfskBelang, GrienLinks, de PvdA en de VVD. Hjirûnder stiet de gearstalling fan de gemeenterie sûnt 1998.
Gemeenterie Ferkiezingsresultaten foar de gemeenterie sûnt 1998:Ooststellingwerf, nlverkiezingen.com
Gemeenteriedssiten Partij 1998 2002 2006 2010 2014 Ooststellingwerf, Kiesraad (ôfwykt fan resultaat fanwegen listferbining PvdA en GrienLinks) 2018 2022 OoststellingwerfsBelang ¹ 4 7 6 7 5 GrienLinks 2 2 1 1 2 2 3 PvdA 8 7 8 5 4 3 3 CDA 5 6 4 4 4 3 2 VVD 4 4 3 2 2 3 2 Vrije Partij Ooststellingwerf 2 Lokaal Sociaal Ooststellingwerf 2 KristenUny ² 1 1 1 1 1 1 1D66 1 1 1 1 1 1 StellingwerfPlus 1 1 Totaal 21 21 21 21 21 21 21 Opkomst 63,2% 59,5% 63,7% 56,9% 55,7% 54,3% 52,5%
¹ Frysk: EaststellingwerfskBelang <br/ > ² GPV in 1998
Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders 2018-2022:College van B&W, gemeente Ooststellingwerf Boargemaster: Sandra Korthuis (VVD) Wethâlders: Esther Verhagen (EaststellingwerfskBelang) Fimke Hijlkema (PvdA) Marcel Bos (CDA) Marian Jager-Wöltgens (ûnôfhinklik) 2022-2026:
Boargemaster: Jack Werkman (VVD) Wethâlders: Esther Verhagen (EaststellingwerfskBelang) Gerben But (GrienLinks) Jelke Nijboer (PvdA) Jan van Weperen (VVD)
Media yn Eaststellingwerf Kranten De Nieuwe Ooststellingwerver (regionale krante, útjûn op woansdei)
Radio Omroep Odrie (lokale stjoerder)
Taal Histoarysk sjoen makket Eaststellingwerf ûnderdiel út fan de Stellingwerven, mar it Stellingwerfsk is foar it meastepart al ferdreaun út it gebiet. De taal is benammen troch it Nederlânsk en it Frysk ferdreaun. Yn Eaststellingwerf hat likernôch 11% fan de minsken it Stellingwerfsk as memmetaal, wylst it Nederlânsk troch 44% en it Frysk troch 38% fan de minsken as memmetaal sprutsen wurdt.* (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 266 ISBN 9789001779047 It Frysk wurdt benammen yn it noardlike part fan de gemeente, boppe de Tsjonger sprutsen, yn de doarpen Haule, Haulerwyk, Waskemar en Donkerbroek. Troch de eardere migraasje fan in soad Fryske feanarbeiders wurdt der ek yn Appelskea in soad Frysk praat. Yn Makkingea en Aldeberkeap bestiet in treftige mienskip Friezen.
Yn Eaststellingwerf bestiet gjin gemeentlik belied makke op it mêd fan de Fryske taal.* (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 177 ISBN 9789001779047
Untwikkeling ynwennertal 2003 - 26.760 2006 - 26.125 2010 - 26.235 2016 - 25.571 2021 - 25.464
Sjoch ek Fryske doarpen Fryske gemeenten List fan grytmannen fan Eaststellingwerf List fan boargemasters fan Eaststellingwerf
Kategory:Stellingwerven Kategory:Sânwâlden Kategory:Gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851