It Nederlânsk (Nederlânsk: Nederlands) is in Westgermaanske taal dy't fan âlds sprutsen wurdt yn Nederlân, noardlik Belgje (Flaanderen) en lytsere oangrinzgjende dielen fan Frankryk en Dútslân. It wurdt ek sprutsen yn Suriname, op 'e Nederlânske Antillen en op oare plakken yn 'e wrâld. It Afrikaansk, út Súdlik Afrika, is in dochtertaal fan it Nederlânsk. Yn totaal binne der sa'n 19 miljoen minsken op 'e wrâld dy't it Nederlânsk as memmetaal sprekke. Fan oarsprong is dizze taal nau besibbe oan it Dútsk, mar troch de iuwen hinne is der ferwiding ûntstien. Oare nau besibbe talen binne it Nedersaksysk en it Limburchsk, dat minderheidstalen yn Nederlân binne dy't as sadanich offisjeel erkenning genietsje ûnder it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen. It Westerlauwersk Frysk is fan oarsprong minder nau oan it Nederlânsk besibbe, mar troch iuwenlange beynfloeding fan it Frysk troch it Nederlânsk groeie de beide talen hieltyd fierder nei inoar ta.

Sibskip It Nederlânsk heart ta de grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje, en dêrbinnen ta de Westgermaanske kloft fan 'e Germaanske talen, dêr't fierders ek talen as it Ingelsk, it Frysk en it Dútsk ta hearre. Mei it Limboarchsk en it Afrikaansk foarmet it Nederlânsk de Nederfrankyske taalgroep. Foarhinne waard it Limboarchsk beskôge as in Nederlânsk dialekt, mar yn 1997 krige dat erkenning as in aparte taal, al is dy erkenning beheind bleaun ta Nederlân en sjocht men it yn Flaanderen noch altyd as in dialekt.

It Afrikaansk, de taal fan 'e Afrikaners, in etnyske groep yn Súdlik Afrika dy't fierhinne ôfstammet fan Nederlânske kolonisten, giet tebek op it Súdhollânsk, in subdialekt fan it Hollânske dialekt fan it Nederlânsk. Lange tiid waard it Afrikaansk as in foarm fan Nederlânsk beskôge, mar yn 1925 waard it der offisjeel fan loskeppele en krige it de status fan taal. Ek Siuwsk-Westflaamske taalaktivisten krewearje al jierren om harren dialekt as taal erkend te krijen.

Fierders binne der ek guon kreoalske talen út it Nederlânsk fuortkommen, al binne dy ûnderwilens grutdiels útstoarn, lykas Negerhollânsk fan 'e Famme-eilannen, it Skepy Kreoalsk-Nederlânsk fan Guyana en it Jerseynederlânsk fan 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey (dat noch oant 1921 sprutsen waard troch ôfstammelingen fan santjinde-iuwske Nederlânske kolonisten). It Berbice Kreoalsk-Nederlânsk fan Guyana wurdt noch wol sprutsen.

Skiednis thumb|Dialekkaart fan it Nederlânsk om it jier 1450 hinne.Leginda: Histoarysk sjoen kin it Nederlânsk opdield wurde yn trije perioades: it Aldnederlânsk (±850 – 1100) it Midnederlânsk (1100 – 1500) it Nijnederlânsk (1500 – no) It Aldnederlânsk ûntstie yn 'e Iere Midsiuwen út it Aldfrankysk, de oertaal fan alle Nederfrankyske talen, wêrby't yn alle gefallen yn 'e njoggende iuw in werkenbere foarm fan Nederlânsk ûntstien wie. It âldste Nederlânske fragmint is de yn 1932 yn in fierders Latynsk manuskript ûntdutsen sin "Hebban olla uogala nestas bigunnan hinase hi[c] [e]nda thu uuat unbidan uue nu" ("Binne alle fûgels nêsten begûn behalven ik en do, wêr wachtsje wy op"). Ut it Aldnederlânske tiidrek is net folle skreaun materiaal oerlevere, en taalkundigen hawwe dat taalstadium dan ek fierhinne út it Midnederlânsk rekonstruëarje moatten.

Om 1100 hinne ûntjoech it Aldnederlânsk him stadichoan ta it Midnederlânsk. Dat wie in proses sûnder dúdlike skiedsline, wat elts oanwizen fan sa'n grins ta in arbitrêre beslissing makket. Yn 'e tolfde iuw briek lykwols in perioade oan dat it Nederlânsk folle mear brûkt waard as skriuwtaal, wat makke dat de taalkundige fernijings dy't meitiid slûpenderwize yn 'e taal trochkrongen wiene, foar it earst dúdlik oan it ljocht kamen. Doe die bliken dat it Nederlânsk tsjin dy tiid in hiel oare foarm krigen hie as dat de taal yn it Aldnederlânske tiidrek hie. Yn 'e Midnederlânske perioade wie der noch gjin standerttaal, mar ynstee in groep nau besibbe dialekten, dy't folle mear opinoar lieken as dat se faninoar ferskilden. Oars as út 'e Aldnederlânske perioade binne der út it Midnederlânske tiidrek wol de nedige teksten oerlevere, wêrûnder bekende titels as Karel ende Elegast, de Beatrijs, Mariken van Nieumeghen en Van den Vos Reynaerde.

Omtrint 1500 fûn der op 'e nij in stadige oergong plak, diskear fan it Midnederlânsk nei it Nijnederlânsk. De wichtichste ûntwikkeling út dy perioade wie de fêstiging fan in Nederlânske standerttaal. It proses fan standerdisaasje wie al yn 'e Midsiuwen begûn, doe't der ûnder ynfloed fan it mienskiplike Boergondyske bewâld oer ferskate Nederlânske gewesten yn it lêste trêdepart fan 'e fyftjinde iuw besocht waard om ta in gelikense skriuwtaal foar offisjele dokuminten te kommen. Yn dy tiid stiene fral de Brabânske en Flaamske dialekten yn oansjen, wat makke dat yn 'e skriuwtaal yn Hollân en oare gebieten súdlike foarmen begûnen te slûpen.

Pas ûnder de Tachtichjierrige Oarloch kaam it spul lykwols yn in streamfersnelling telâne, doe't troch de fal fan Antwerpen, yn 1585, grutte oantallen Brabânske en Flaamske flechtlingen yn Hollân bedarren en dêr in grutte ynfloed op 'e sprektaal yn 'e stêden útoefenen. Doe't yn 1618 de Synoade fan Doardt opdracht joech ta it meitsjen fan 'e Steatefertaling (fan 'e Bibel), waard dêrfoar sadwaande in Hollânske taalfoarm mei Brabânske en yn mindere mjitte Flaamske ynslaggen brûkt. De Steatefertaling, dy't reekaam yn 1637, waard iuwenlang yn hiel protestantsk Nederlân brûkt, en oefene sa in ûnbidige en ûnútwiskbere ynfloed út op frijwol alle Noardnederlânske dialekten en minderheidstalen.

Ferlykje de ûntwikkeling fan it Nederlânsk oan 'e hân fan 'e ûndersteande sin: taalfoarm foarbyldsin (Ps. 55:18) Fryske oersetting: Hy sil myn siel yn frede ferlosse fan dejingen dy't my tenei komme, want mank mannigen wie Hy mei my. Aldnederlânsk: Irlôsin sol an frithe sêla mîna fan thên thia ginâcont mi, wanda under managon He was mit mi. Midnederlânsk: Erlossen sal Hi in vrede siele mine van dien die genaken mi, want onder menegen Hi was met mi. Nijnederlânsk: (selde wurdfolchoarder) Verlossen zal Hij in vrede ziel mijn van degenen die [vervolgen] mij, want onder menigen Hij was met mij. Nijnederlânsk: (moderne wurdfolchoarder) Hij zal mijn ziel in vrede verlossen van degenen die mij vervolgen, want onder menigen was Hij met mij.

Hjoeddeistige sitewaasje Offisjele status It Nederlânsk is de offisjele taal fan 'e ûnôfhinklike lannen Nederlân, Belgje en Suriname en fan 'e autonome lannen Arûba, Kurasau en Sint-Marten. Yn Belgje dielt it de offisjele status mei it Frânsk en it Dútsk; op Arûba en Kurasau mei it Papiamintsk en op Sint-Marten mei it Ingelsk.

Yn Nederlân genietsje fierders trije regionale talen in ko-offisjele status mei it Nederlânsk, nammentlik: it Frysk yn 'e provinsje Fryslân; en yn Karibysk Nederlân it Papiamintsk op Bonêre en it Ingelsk op Saba en Sint-Eustasius. It Nedersaksysk en it Limboarchsk genietsje yn Nederlân wol erkenning as minderheidstaal, mar hawwe gjin offisjele status. Yn Belgje is it Nederlânsk de iennichste offisjele taal fan it gewest Flaanderen en fan 'e Flaamske Mienskip. Yn it gewest Brussel is it tegearre mei it Frânsk de offisjele taal.

It Nederlânsk is fierders ek de of ien fan 'e offisjele ta(a)l(en) fan ferskate ynternasjonale organisaasjes. Dêrûnder binne de Benelúks en de Jeropeeske Uny, en fia Suriname ek de Uny fan Súdamerikaanske Naasjes (UNASUR), de Karibyske Mienskip (CARICOM) en de Ferdrachsorganisaasje foar Gearwurking yn it Amazônegebiet (ACTO). It Nederlânsk wurdt regulearre troch de Nederlânske Taaluny, dy't trije leden hat: Nederlân, Belgje en Suriname.

Taalgebiet It Nederlânsk wurdt fan oarsprong sprutsen yn in diel fan Noardwest-Jeropa. Dêrta hearre de Nederlânske provinsjes Noard- en Súd-Hollân en Seelân hielendal, Flevolân útsein it eardere eilân Urk, Utert op it uterste noardeastlike hoekje nei en Noard-Brabân behalven it uterste súdeastlike stikje. Fierders omfiemet it Nederlânske taalgebiet yn Nederlân ek it súdlike diel fan Gelderlân, mei de Betuwe, de súdlike Feluwe en de Limers, en it noardlike trêdepart fan Limboarch. Yn 'e provinsje Fryslân hearre der fierders noch ta: de Waadeilannen Flylân en it Amelân; Midslân en omkriten op it eilân Skylge; en op it Fryske fêstelân de krite It Bilt, de stêden Ljouwert, Snits, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Dokkum en Starum, en de doarpen It Hearrenfean en Kollum.

Yn Belgje omfiemet it Nederlânsk taalgebiet it grutste diel fan it gewest Flaanderen, mei de provinsjes West- en East-Flaanderen en Antwerpen hielendal, Flaamsk-Brabân op 'e eastlike stripe nei, en dêropta noch de noardwestlike hoeke fan Belgysk Limboarch. Yn noardlik Frankryk is Frânsk-Flaanderen, ek wol de Westhoeke neamd, fan âlds in Nederlânsktalich gebiet (mei û.m. de stêd Dúntsjerk). Minder bekend is dat der ek yn westlik Dútslân in Nederlânsktalich gebiet bestiet, dat it streamgebiet fan 'e Ryn folget fan Kleef, by de Nederlânske grins, oan Bergneustadt ta, dat djip yn Dútslân leit. Deunby Kleef wurdt dat gebiet ûnderbrutsen troch de Paltsysktalige enklave by Kalkar.

Bûten Jeropa krige it Nederlânsk inkeld yn Súdlik Afrika fêste foet oan 'e grûn. Meitiid feroare de foarm fan 'e taal dy't dêr sprutsen waard, it Afrikaansk, lykwols sa dat it sûnt 1925 as in aparte taal beskôge wurdt (al moat opmurken wurde dat by dat beslút ek politike omtinkens in rol spilen). Yn 'e oare Nederlânske koloanjes, lykas Nederlânsk-Ynje, Suriname en de Nederlânske Antillen, waard it Nederlânsk nea de memmetaal fan in grut diel fan 'e befolking. De iennichste útsûndering wie datoangeande de yn 1674 ferlern giene Noardamerikaanske koloanje Nij-Nederlân, dêr't neitiid noch generaasjes lang Nederlânsk sprutsen waard oan 'e kust fan Nij-Jersey en by de rivier de Hudson lâns yn wat no de steat New York is. Martin Van Buren kaam bygelyks út dy Nederlânsktalige krite, en waard de iennichste presidint út 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten dy't net it Ingelsk as memmetaal hie.

Sprekkerstal Memmetaalsprekkers Oer it sprekkerstal fan 'e Nederlânske taal bestiet frijwat betizing. Faak wurdt dêrby in getal fan 23 miljoen memmetaalsprekkers neamd (anno 2026 bysteld nei 25 miljoen). Dat oantal is lykwols basearre op gegevens dy't oanlevere binne troch de Nederlânske Taaluny, in organisaasje dy't in soarte fan propaganda-oarloch foar it Nederlânsk liket te fieren. Sa wegeret de Taaluny om it Limboarchsk en Nedersaksysk as selsstannige talen te erkennen, en wurde yn 'e sifers fan 'e Taaluny sadwaande de Limboarchsk- en Nedersaksysktaligen mei de Nederlânsksprekkers op ien bulte smiten. Fierders ferspriedt de Taaluny healwize en simpelwei ûnwiere bewearings, lykas: "96% fan 'e Nederlânske befolking hat it Nederlânsk as memmetaal", "yn 'e twadde generaasje sprekke allochtoanen yn Nederlân faak Nederlânsk as memmetaal" en "mear as 60% fan 'e befolking fan Suriname hat it Nederlânsk as memmetaal". Oangeande de sitewaasje yn Belgje geane sifers fan ûndúdlike orizjine rûn dy't hawwe wolle dat 59% fan 'e lju dêr Nederlânsktalich is en 40% Frânsktalich, wat 1% oerlitte soe foar de Dútsktalige minderheid, dêrby folslein foarbygeand oan it feit dat der grutte allochtoane minderheden yn it lân wenje.