thumb|right|Kaartsje oer de Midsiuwen wêrop de Kop fan Oerisel noch ta Stellingwerf rekkene wurdt De Stellingwerven is it súdeastlikste part fan de provinsje Fryslân, súdlik fan de Tsjonger, oan de kanten fan de Linde.

It gebiet wurdt foarme troch de Fryske gemeentes Eaststellingwerf en Weststellingwerf. De grutste en wichtichste plakken hjir binne Wolvegea en Easterwâlde. Oare wichtige plakken binne Appelskea, Haulerwyk en Noardwâlde.

Om't de kop fan Oerisel, de gemeente Stienwikerlân, en in part fan de Drintske gemeente Westerfjild itselde dialekt en deselde kultuer hawwe, wurdt de namme in inkelde kear ek brûkt foar it hiele taal- en kultuergebiet.

Werf of Warf is in plak dêr't rjochtsprutsen wurdt en Stelling betsjut bestjoerder as rjochter. Eartiids waard Stellingwerf laat troch trije Stellingen. In Stelling is ien út it doarp dy't keazen wurdt troch de befolking. De Stellingen waarden alle jierren ferfongen en kamen hieltyd út in oar doarp.

Geografy thumb|right|250px|It Aekingersân by Appelskea, jannewaris 2005. thumb|right|250px|Lindefallei by De Blesse Geakundich sjoen heart it eastlike part fan de Stellingwerven by de oanswettende gebieten yn it noarden, de Fryske Wâlden. Nei it westen ta giet it gea stadich oer yn greiden en wetter. It heechste punt fan de Stellingwerven is de Bosberch, justjes súdlik fan Appelskea. Yn it grinsgebiet tusken Drinte en Fryslân leit it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld. Dat park bestiet út bosk, heide en stosânen. Benammen op de stosânen ûntstienen lytse heuvels en dunen. Op guon plakken is de sânlaach 5 meter tsjok. Dat sân waard yn de lêste iistiid oanfierd. De heidefjilden waarden te yntinsyf bebuorke. Dêrtroch begûn it sân te stowen. Om 1850 hinne bedrige de sânstowerij de doarpen en ikkers yn 'e omkriten. Om it stosân op te kearen waarden nuddelbeammen plante. Om 1900 hinne waard keunstdong brûkt by it beboskjen fan it stosân en de heidegrûn. By Appelskea is in besikerssintrum foar it Drintsk-Frysk Wâld delset. It Fochtelerfean is in natoergebiet yn it easten fan Eaststellingwerf, krekt noardeastlik fan it Drintsk-Fryske Wâld, op it plak dêr't Fryslân en Drinte byinoar komme. It Fochtelerfean is ien fan de minne en bêst bewarre heechfeangebieten fan Nederlân. Yn it Fochtelerfean komme sawol de ringslang, as ek de njirre en de glêde slang foar. De populaasje glêde slangen is sa grut, dat sûnt 2001 de slangearn wer yn de Fochtelerfean foarkomt. Súdeastlik fan de doarpen Munnikebuorren en Skerpenseel leit it natoerreservaat de Rottige Meente. It natoergebiet is troch it feangraven yn de 19e en 20e iuw ûntstien. It natoergebiet Rottige Meente is yn it besit fan Steatsboskbehear. Noardlik fan de Rottige Meente leit de Brandemar, in leechfeangebiet en sompe dy't ek troch feangraven yn de 19e en 20e iuw ûntstien is. Yn it westen fan Weststellingwerf rint de dyk tusken Skoattersyl en Slikenboarch oer de âlde seedyk. Dy seedyk beskerme Weststellingwerf, oant de ynpoldering fan de Noardeastpolder, tsjin de Sudersee.

Wetter Yn it noarden fan de Stellingwerven streamt de Tsjonger en beskiedet de noardgrins fan de Stellingwerven. De Linde rint yn it easten midden troch de Stellingwerven hinne, en foarmt westlik fan Blesdike de provinsjale grins tusken Fryslân en Oerisel. Tusken De Langelille en de Brandemar streamt de Tsjonger troch It Wide, in lytse mar op de grins fan Lemsterlân en Weststellingwerf. De Linde streamt yn it suden troch in oare lytse mar dat ek It Wide neamd wurdt, dy mar leit lykwols op de grins tusken Weststellingwerf en Stienwikerlân. Petgatten binne te finen yn de Rottige Meente en de Brandemar. De Kanadamar by Appelskea is troch it ôfgraven fan sân ûntstien. In oar marke dat troch sânôfgravings ûntstien is leit súdwestlik fan Noardwâlde, de Spoekeplas. De Spoekeplas is tsjintwurdich in marke fan sa likernôch fiif bunder yn it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld.

Doarpen Yn Weststellingwerf binne 26 doarpen mei doarpsstatus. Yn Eaststellingwerf binne 13 doarpen. Fan alle doarpen yn East- en Weststellingwerf hat allinnich Aldeberkeap in beskerme doarpsgesicht. De grutste plakken yn de Stellingwerven mei mear as 1.000 ynwenners wienen op 1 jannewaris 2008 (Bron: CBS): Fryske nammeStellingwerfske nammeNederlânske nammeYnwennertalWolvegeaWolvegeWolvega12.419EasterwâldeOosterwooldeOosterwolde9.836AppelskeaAppelscheAppelscha4.953NoardwâldeNoordwooldeNoordwolde3.789HaulerwykHaulerwiekHaulerwijk3.309AldeberkeapBerkoopOldeberkoop1.550DonkerbroekDonkerbroekDonkerbroek1.876SteggerdaSteggerdeSteggerda1.111AldeholtpeaHooltpaeOldeholtpade1.072MakkingeaMakkingeMakkinga1.036

Klimaat De Stellingwerven hawwe in matige seeklimaat. It klimaat wurdt beynfloede troch de Noardsee. Lykwols binne der wol lytse ferskillen tusken it waadgebiet yn it noardwesten fan de provinsje Fryslân en de Stellingwerven yn it súdeasten fan de provinsje. De klimaatgegevens binne fan it KNMI-mjitstasjon yn Ljouwert.

Skiednis It is net wis wêr’t de earste bewenners fan de Stellingwerven oarspronklik wei kamen. Der is in ferhaal dat se om 840 hinne fan ien fan de pakesizzers fan Karel de Grutte nei de Stellingwerven teagen as flechtlingen út in gebiet súdlik fan Hannover. Der binne gjin skriftlike stikken fan foar it jier 1000 oerlevere. By Aldeholtpea is in fûstbile fûn fan sa likernôch 70.000 jier f.Kr. Dy fûstbile is mooglik in bewyske fan Neandertalers yn it gebiet.De vroegste Geschiedenis fan de webside www.stellingwerf-heemkunde.nl Sa likernôch 10.000 f.Kr. wennen jagers en sammelders fan de saneamde Tsjongerkultuer yn it gebiet, mar yn dy rite wie der gjin fêste bewenning. Oer de iere midsiuwen is ek net folle bekend. Yn dy tiid wiene de Stellingwerven in ûnderdiel fan it Fryske wengebiet, oant de Franken yn it jier 734 de Friezen fersleinen yn de Slach oan de Boarn. Nei de ferdieling fan it Frankyske Ryk neffens it Ferdrach fan Ferdun yn 843 waarden de Stellingwerven in ûnderdiel fan it eastlike Frankyske Ryk. Ut it eastlike part fan it âlde Frankeryk ûntstie yn de njoggende iuw it Hillige Roomske Ryk. Op 26 novimber 944 joech Keizer Otto I fan it Hillige Roomske Riek "et recht van foreest" (it jachtrjocht) yn de Pagus Thriënte oan biskop Balderik fan Utert. Dêrmei kamen de hjoeddeistige Stellingwerven ûnder it bewâld fan it Uterske bisdom. De Pagus Thriënte (it goa Thriënte) omfiemet Drinte en Oerisel, oan de rivier de Tsjonger ta. Under de biskoppen fan Utert hie it gebiet de namme "Oerstift". thumb|left|Sân Fryske Seelannen neffens it traktaat fan 1417. De biskoppen fan Utert hienen yn Follenhove in tsjerke en kastiel, en behearsken fan dêr út it gebiet. Yn de rin fan de tiid makke hieltiten mear gebiet oan de kanten fan de Linde him los fan Follenhove. Yn 1309 hiene dizze boeren spul mei Follenhove oer pacht, en slueten se harren oanien foar in oanfal op Follenhove. Sa ûntstie in ûnôfhinklike republyk, de Frije Naasje fan de Stellingwerven. Dizze republyk waard laat troch trije keazen bestjoerders, de Stellingen. Yn it feangebiet fan dy tiid wie fansels rjocht sprutsen op de hichten, de werften. De Stellingwerf is dêrmei it rjochtsgebiet fan de stellingen. It Stellingwerver Lânrjocht is nei alle wierskyn yn de 14e iuw op skrift steld en ferskynde yn it jier 1480Omrop Fryslân; 'Unyk midsiuwsk dokumint' It lânrjocht beskriuwt it plak fan de Stellingwerven as Frysk gebiet. Neffens it lânrjocht waard eltse ynbreuk op de Fryske frijheid swier straft. Yn it Freeska Landriucht (yn 1480 it earste printe boek yn de Fryske taal) binne de Stellingwerven yn it Traktaat fan de Sân seelannen neamd as ûnderdiel fan it fjirde seelân. Traktaat van de Zeuven Zeelanen in et Ooldfries op Wikisource Doe't de Fryske Frijheid yn 1498 troch hartoch Albrecht fan Saksen ta in ein kaam, wie dat ek de ein fan de selsstannigens fan de Stellingwerven. Yn it jier 1500 waarden ek de Stellingwerven definityf ûnderwurpen troch de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Yn dat jier waard Stellingwerf as Fryske gritenij ûnderdiel fan de Sânwâlden. Yn 1504 kaam der in ein oan de âlde rjochten fan de Stellingen.De late Middeleeuwen fan de webside www.stellingwerf-heemkunde.nl De hartoch ferkocht Fryslân yn 1515 oan Karel V. Yn 1517 waard Stellingwerf dield yn twa gritenijen: Stellingwerf Westerein en Stellingwerf Easterein.www.friesarchiefnet.nl thumb|Gritenijen yn de Sânwâlden oan de ein fan de 17e iuw. De Stellingwerven kamen as ûnderdiel fan de provinsje Fryslân yn de twadde helte fan de sechtjinde iuw by de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, dy't yn 1568 formeel útroppen waard. In part fan de Linde en Tsjonger waarden nei 1580 ûnderdiel fan de Fryske Wetterliny. It gebiet by de skânsen del waard yn de Tachtichjierrige Oarloch tsjin de Spanjerts en yn it Rampjier tsjin Bernhard von Galen en Frânske helptroepen ûnder wetter set. Mei de komst fan de Frânsen yn 1795 waard de Bataafske Republyk stifte. Fan 1798 oant 1801 wie Sânwâlden in ûnderdiel fan it Frânske Departemint fan de Alde Isel. Yn 1801 gong de Bataafske Republyk oer yn it Bataafske Mienebest en it Departemint Fryslân waard stifte. Yn 1806 gong it Bataafske Gemenebest oer yn it Keninkryk Hollân dat oant 1810 bestien hat. Yn 1814 waard Fryslân in provinsje fan Nederlân. Yn de Frânske tiid waard Eaststellingwerf opdield yn twa gemeenten (mairies); Alderberkeap en Easterwâlde. Nei de Frânske tiid waarden Alderberkeap en Eastwâlde wer gearfoege ta ien gritenij/gemeente.Ooststelingwerf 1600-1850 op www.friesarchiefnet.nl

Yn de sântjinde en achttjinde iuw koe de mienskip troch feanwinning jild fertsjinje. Yn de twadde helte fan de 19e iuw wie it grutste part fan it fean ôfgroeven. Dêrtroch feroare der op sosjaal-ekonomysk mêd gâns. Yn Noardwâlde begûn de befolking mei it binen fan biezems en it meitsjen fan heidebjinders. Mei de wylgetien dy't oeral te krijen is waarden kuorren flechte. As der gjin wylgetien mear te krijen wie waard rotan ynfierd.Lokale skiednis op www.vlechtmuseum.nl Om 1900 hinne is it reidflechtsjen in wichtich ûnderdiel wurden fan de ekonomy fan Noardwâlde en omkriten. Yn de Twadde Wrâldkriich waard it Kamp It Petgat by Blesdike as strafkamp foar Joaden brûkt. It kamp is fjouwer moanne as strafkamp brûkt en waard yn de nacht fan 2 op 3 oktober 1942 ûntromme. Kamp Oranje en Ybenheer by De Fochtel waarden brûkt as wurkkampen foar manlike Joadske twangarbeiders. Op 2 oktober 1942 waarden 215 minsken op transport set nei Kamp Westerbork om dêrwei nei Auschwitz en Sobibór brocht te wurden.Ooststellingwerf op fochtelooerveen.info Yn de Stellingwerven begûn de befrijing yn de nacht fan 7 op 8 april 1945. 60 Frânske falskermspringers kamen by Haulerwyk en Appelskea del.De bevrijding van Friesland Nei de kriich waard Kamp Oranje by De Fochtel brûkt as strafkamp foar NSB'ers en letter as opfangkamp foar Molukkers. Kamp Ybenheer waard nei de kriich fan 1951 oant 1968 ek as opfangkamp foar Molukkers brûkt. Nei 1968 wie et eardere kamp in oefengebiet fan it Nederlânske leger. De oprjochting fan de suvelfabriken nei 1880 en de meganisaasje fan de lânbou nei de Twadde Wrâldkriich hawwe gâns ynfloed hân op de ekonomyske ûntjouwing en agraryske karakter fan it gebiet. Tagelyk ûntstie der in lichte yndustry dy't no noch beskiedend is foar de ekonomy fan de streek.

Lânrjocht Yn 2009 ûntduts de Fryske wittenskipper Oebele Vries yn it ryksargyf yn Arnhim in oant dan ta net bekend ôfskrift fan it Lânrjocht fan Stellingwerf. It soe gean om in oersetting dy't datearre wurdt út de 15e iuw fan in oarspronklik yn it Latynsk opstelde tekst út de 14e iuw. De tekst kin nije ynformaasje jaan op de midsiuwske skiednis fan de Stellingwerven. berjocht yn de Nieuwe Oostellingwerver

Mienskip Befolking