Weststellingwerf (Nederlânsk en offisjeel: Weststellingwerf; Stellingwerfsk: Weststellingwarf) is in gemeente yn it suden fan Fryslân, mei ynwenners (, boarne: CBS).Informatie gemeente Weststellingwerf, AlleCijfers.nl It hat in oerflak fan 228,45 km², wêrfan 8,15 km² wetter. De gritenij Weststellingwerf waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. Weststellingwerf foarmet mei de gemeente Eaststellingwerf de Stellingwerven. Fanâlds wurdt hjir Stellingwerfsk sprutsen. Hjoed de dei fynt men der ek in soad Frysk- en Nederlânsktaligen.
Geografy left|thumb|250px|left|Kaart fan gemeente Weststellingwerf
De gemeente Weststellingwerf telt 26 wenplakken. It haadplak fan de gemeente is Wolvegea. De Nederlânske plaknamme binne de offisjele.
Doarpen +Fryske nammeStellingwerfske nammeNederlânske plaknammeoantal ynwennersAldeholtpeaHooltpaeOldeholtpade1.095AldeholtwâldeHooltwooldeOldeholtwolde145AldetrineOoldetrieneOldetrijne205AldlemmerOoldelaemerOldelamer225BlesdikeBlesdiekeBlesdijke500De BlesseDe BlesseDe Blesse810BoylBuilBoijl870EasterstreekDe OosterstreekOosterstreek570FinkegeaVinkegeVinkega205WolvegeaWolvegeWolvega13.395De HoeveDe HoeveDe Hoeve390De LangelilleDe LangelilleLangelille275MunnikebuorrenMunnikeburenMunnekeburen460NijeholtpeaNi'jhooltpaeNijeholtpade535NijeholtwâldeNi'jhooltwooldeNijeholtwolde190NijetrineNi'jtrieneNijetrijne135NijlemmerNi'jlaemerNijelamer140NoardwâldeNoordwooldeNoordwolde3.640PepergeaPepergePeperga90SânhuzenZaandhuzenZandhuizen330SkerpenseelScharpenzeelScherpenzeel450SlikenboarchSliekenborgSlijkenburg41SonnegeaSunnegeSonnega240SpangeaSpangeSpanga199SteggerdaSteggerdeSteggerda1.030TeridzertDer IzzerdTer Idzard320 De sifers komme út it jier 2024, fan https://allecijfers.nl/.
Buorskippen De folgjende buorskippen lizze yn de gemeente Weststellingwerf: Boekelte, De Grêft, Rysberkampen en Skoattersyl (diels).
Taal Histoarysk sjoen makket Weststellingwerf ûnderdiel út fan de Stellingwerven, mar it Stellingwerfsk is foar it meastepart al ferdreaun út it gebiet. De taal is benammen ferdreaun troch it Nederlânsk. Dochs bestiet der noch in treftige mienskip Stellingwerfsktaligen yn de gemeente, likernôch 28% fan de minsken hawwe it Stellingwerfsk noch as memmetaal, wylst it Nederlânsk troch 52% en it Frysk troch 18% fan de minsken as memmetaal sprutsen wurdt.De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Producties), ISBN 978-9 00 17 79 047, s. 284. Yn Weststellingwerf bestiet gjin gemeentlik belied op it mêd fan de Fryske taal.De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Producties), ISBN 978-9 00 17 79 047, s. 177.
Wapens en flaggen
Wapens
Flaggen
Untwikkeling ynwennertal Jier 2002 2008 2011 2017 2021 Ynwenners 25.804 25.679 25.846 25.701 26.130
Polityk Ferkiezingsresultaten foar de gemeenteried sûnt 1998:Weststellingwerf, nlverkiezingen.com
Gemeenteriedssiten Partij 1998 2002 2006 2010 2014 2018 2022 VVD 3 4 4 5 5 5 4 Weststellingwerfs Belang 1 4 3 3 3 2 4 CDA 4 5 4 4 4 4 3 Sociaal Duurzaam Weststellingwerf * 5 3 Blijf Stellingwarfs 2 3 GrienLinks 2 2 2 3 2 2 2 D66 1 2 PvdA * 5 5 8 6 5 Weststellingwerf Natuurlijk! * 1 Vrijheid Voor Allen * 1 Sociaal Democratische Partij 4 1 Totaal 19 21 21 21 21 21 21 Opkomst 60,5% 57,1% 58,5% 51,8% 53,7% 55,0% 50,0%
» * Sociaal Duurzaam Weststellingwerf: gearwurking fan PvdA, Weststellingwerf Natuurlijk! en Vrijheid Voor Allen (VVA).
Sjoch ek Fryske doarpen Fryske gemeenten List fan grytmannen fan Weststellingwerf List fan boargemasters fan Weststellingwerf
Keppeling om utens Webstee fan de gemeente
Kategory:Stellingwerven Kategory:Sânwâlden Kategory:Gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851