Smellingerlân (Nederlânsk en offisjeel: Smallingerland) is in gemeente yn it easten fan Fryslân. Op hie dizze gemeente  ynwenners (boarne:CBS). Smellingerlân hat in oerflak fan 126,17 km², wêrfan 7,93 km² wetter.

Skiednis

Het gebiet fan Smellingerlân hat sûnt de lêste iistiid altyd bewenne west, sa hat bliken dien út fynsten fan de Peinder dokter Johannes Siebinga. De namme "Smellingerlân" komt fan it plak Smelle Ie, dêr't al foar 1326 in kleaster wie, dat lang it wichtichste plak yn de omkriten waard. Yn 1392 waard al sprutsen fan "Smellingheradele in de Leppa", mei Smelle Ie as sit fan de grytman.

Archeologysk ûndersyk hat oan it ljocht brocht dat der in migraasje fan westlik Smellingerlân nei eastliker dielen west hat. Itselde ferskynsel hat plak fûn yn Opsterlân en Tytsjerksteradiel. Yn de Kraanlannen en de Flearbosk binne spoaren fan (fersprate) bewenning fûn en ek de ôfgroeven terpkes Klûsewier en Komwier tsjûgje fan mear bewenning foar de 15e iuw. Ynklinking fan fean, sâltwinning út leechfean en tichtslykjen fan de Middelsee sille de oarsaak west hawwe fan it hieltyd wieter wurden fan it westlik part fan Smellingerlân. Yn de perioade 1150-1250 binne der dan ek tsjerken op de eastliker, hegere, grûnen stifte.

Yn de midsiuwen hearde Smellingerlân, de meast súdlike gritenij fan Eastergoa, ta it bisdom Utert. Yn de striid tusken Skieringers en Fetkeapers wie Smellingerlân by de lêsten oansluten en hat it in soad te lijen hân fan plonderingen. De reformaasje sette hjir fral troch nei it ynnimmen fan Grins yn 1594.

Yn de 17e iuw wie it haadplak Aldegea. Yn dy iuw, yn 1641, waard ek de Drachtster kompanjonsfeart groeven, as in feanfeart. De ferfeanting wie gjin súkses, mar waard wol trochset en troch de feart krige dat gebiet in stimulâns, dêr't de flekke Drachten út fuort kaam, it hjoeddeiske haadplak.

De gritenij Smellingerlân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de Gemeentewet fan Thorbecke. By de gemeentlike weryndieling fan 1984 stie Smellingerlân it súdlike diel fan De Alde Feanen ôf oan 'e nije gemeente Boarnsterhim.

Plakken De gemeente Smellingerlân telt 14 wenplakken. It haadplak is de Drachten. De Nederlânske plaknammen binne de offisjele.

Doarpen en flekke De folgjende doarpen en flekke (Drachten) lizze yn de gemeente Smellingerlân: +Fryske plaknammeNederlânske plaknammeOantal ynwennersAldegeaOudega1.665BoarnburgumBoornbergum1.825DrachtenDrachten45.505Drachtster KompenijeDrachstercompagnie1.265De FeanhoopDe Veenhoop255GoaiïngahuzenGoëngahuizen55De HoutigehageHoutigehage940KoartehimmenKortehemmen190NyegeaNijega455De PeinOpeinde1.790De RottefalleRottevalle1.425Smelle IeSmalle Ee55De TikeDe Tike335De WylgenDe Wilgen625 De sifers komme út it jier 2024, fan https://allecijfers.nl/.

Buorskippen De folgjende buorskippen lizze yn de gemeente Smellingerlân: Bûtensfallaat, Dammen, Eibertsgeasten, Flearbosk, De Folgeren, Galhoeke, De Geasten, De Kletten, Klûsewier, De Koai, Luchtenfjild, Middelbuorren, Nijtap, Noarderein, Opperbuorren, Puntpeal, Sânbuorren, Sytebuorren, Stienbergen, It Súd, Suderheide, De Tijen, Utein, It West, Westerein en Wierren.

Mar Op 'e grins fan Tytsjerksteradiel en Smellingerlân leit in mar fan 300 bunder. De mar wurdt De Leijen neamd.

Taal Smellingerlân is in foar it meastepart Frysktalige gemeente. It is foar 60% fan de ynwenners de memmetaal. Foar it Nederlânsk jild dit foar 34%, it Stellingwerfsk 2% en it Stedsk 2%. De oare 2% fan de ynwenners hat in útlânske taal as memmetaal.* (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 274. ISBN 9789001779047

Wapens en flaggen

Wapens

Flaggen

Polityk De gemeenteried fan Smellingerlân bestiet út 31 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018: partijferkiezings 2018Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27. ferkiezings 2022Utslaggen Ljouwerter Krante, 18 maart 2022, s. 27.% sitten%sitten ELP 19,3 7 12,5 4 KristenUny 13,2 4 13,6 4 CDA 12,9 4 14,2 5 PvdA 11,4 4 11,9 4 Smell. Belang 9,1 3 9,0 3 VVD 7,8 2 8,2 3 SP 7,0 2 9,5 3 D66 6,6 2 6,9 2 GrienLinks 6,5 2 7,1 2 FNP 3,6 1 5,2 1 oare partijen 0,0 0 1,8 0 ûnjildich & blanko 0,5 - 0,5 - opkomst/totaal sitten 61,2% 31 53,8% 31

Sjoch ek Fryske doarpen Fryske gemeenten List fan boargemasters fan Smellingerlân

Keppeling om utens Webstee fan de gemeente Webstee Smelne's Erfskip

Kategory:Gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851