thumb|right|Stânbyld foar it Abe Lenstra Stadion. Abe Lenstra (It Hearrenfean, 27 novimber 1920 - dêre, 2 septimber 1985), ek wol ús Abe, is in Fryske fuotballeginde. Lenstra wurdt wol sjoen as ien fan de bêste Nederlânske fuotballers fan alle tiden. Oer Lenstra binne tal fan ferhalen en sêgen ûntstean.
Hy is ien fan de meast ferneamde Friezen fan alle tiden en is sadwaande ek opnaam yn de Kanon fan de Fryske skiednis.
Lenstra spile it meastepart fan syn karriêre foar FF It Hearrenfean, de klup dêr't letter SK It Hearrenfean út ûntstean soe. Letter spile hy foar Sportclub Enschede en Enschedese Boys. Ek hat hy yn it Nederlânsk alvetal spile.
Nei syn dea is it fuotbalstadion fan SK It Hearrenfean nei Lenstra ferneamd, it Abe Lenstra Stadion.
Libbensrin
Lenstra waard berne op 27 novimber 1920 op It Hearrenfean. Hy wie de soan fan hannelsreizger en fertsjintwurdiger Mindert Jans Lenstra en Janke Abes Suierveld., Kwartiersteat Abe Lenstra It wie in gesin mei trije bern, Jan Lenstra (1919) wie de âldste, Abe wie de middelste en suske Gepke (1930) wie de jongste fan ‘e húshâlding. It wie in read gesin, beide pakes en ek Mindert Lenstra wienen oanhingers fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis, de man dy't yn 1888 foar de Fryske Folkspartij yn de Twadde Keamer keazen waard. Op de Dei fan de Arbeid wappere altyd en oeral de reade flagge yn de strjitte.Mast, J. (2007) – Abe, Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion. Side 10
Doe’t de Twadde Wrâldkriich begûn moasten in soad minsken om him hinne yn tsjinst, mar Abe Lenstra net. Nei alle gedachten hat boargemaster Falkena derfoar soarge dat Lenstra net yn tsjinst kaam. Mar der wurdt ek wol sein dat Abe net yn tsjinst hoegde omdat syn broer Jan al yn tsjinst wie.Mast, J. (2007) – Abe, Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion. Side 46 Ynstee fan de militêre tsjinst krige Abe in baan oanbean as amtner, hy gie oan it wurk by de Ynspeksje Fryslân fan de Rykstsjinst fan de Wurkferromming.Mast, J. (2007) – Abe, Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion. Side 47 Yn 1942 krige Lenstra nij wurk, hy bedarre op it gemeentehûs, dêr’t hy by de evakuaasje boargerbefolking kaam, al gau waard er promovearre ta befolkingsagint en krige hy in kontrakt foar it libben.Mast, J. (2007) – Abe, Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion. Side 53 Dat wie allegear wurk fan boargemaster Falkena. Dy hat yn dy tiid ynsjoen dat Lenstra wolris in wichtich persoan wurde koe foar de gemeente as it giet om de bekendheid fan de gemeente.Mast, J. (2007) – Abe, Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion. Side 47
Yn 1939 hie Lenstra al ferkearing krigen mei Hiltje Wisman, koartwei Hil. Hil wie de jongste thús. It stel troude op 23 augustus 1944 op It Hearrenfean. Sy setten har nei wenjen yn It Oranjewâld. It stel krige twa dochters, Metje (1947) en Janneke (1952). De famylje wie yn 1947 al nei It Hearrenfean ferhuze.Mast, J. (2007) – Abe, Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion.
Nei de oarloch waard Lenstra tige populêr ûnder it folk. Ferskate bedriuwen makken dêr handich gebrûk fan. Bedriuwen as C&A en Coca-Cola krigen Lenstra safier om reklame foar har te meitsjen. Hil Lenstra waard ek frege om soks te dwaan; sy makke reklame foar de Maggi Goudbûljon., Abe Lenstra, op seniorplaza (sjoen op 21 oktober 2009)
Yn 1951 waard Lenstra útroppen ta earste Sportman fan it Jier yn Nederlân, deselde priis soe hy in jier letter ek wer útrikt krije.
Mei it begjin fan it proffuotbal yn 1954 yn Nederlân besocht Lenstra it om noch in pear jier prof te wêzen by Sportclub Enschede. De famylje ferhuze sadwaande nei Ynskede. It soe it plak wêze dêr’t de húshâlding Lenstra lange tiid wenjen bleau.
Yn 1958 waard Abe Lenstra ek sjonger. Foar de beslissingswedstriid mei SC Enschede waard in singel útbrocht mei as titel Abe! Abe Lenstra zingt. Op de A-kant stiet it ferske Geen woorden, maar daden, op de B-kant stiet it ferske Bij ons in Holland. It waard opnaam foar de beslissingswedstriid fan Sportclub Enschede tsjin DOS út Utert. Der waard foarút rûn op in kampioenskip fan Enschede, mar it wie DOS dat de wedstriid wûn en sadwaande kampioen waard. It singel waard amper ferkocht., Abe Lenstra zingt (sjoen op 21 oktober 2009)
Doe’t Lenstra yn 1963 stoppe mei profesjoneel fuotbal kaam hy yn tsjinst fan Amstel Bier, as ynspekteur. Nei de fúzje fan Amstel mei Heineken kaam Lenstra wer op kantoar te sitten, hy krige in administrative funksje. Letter waard Lenstra festigingslieder fan in juwelierssaak fan syn freon Klaas Oosterhof yn Assen., Johan Derksen: 'Abe was een klier van een vent, een nare man' (sjoen op 21 oktober 2009)
Yn 1971 ferhuzen Abe en Hil mei harren jongste dochter nei Staphorst. It hat nea in súkses west dêr, Abe koe him dêr net sette. Yn 1975 waard dan ek wer ferhuze, no nei Almelo.Mast, J. (2007) – Abe, Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion. Side 230 en 232
Yn de maaitiid fan 1977 barde in grut drama yn it libben fan de Lenstra’s. Abe krige ûnder it autoriden in harsenblieding en rekke ferlamme oan de fuotten. Yn de mienskip fan It Hearrenfean kaam in inisjatyf op gong, ûnder de namme Abe weer Thuis, mei Abe syn freon Prins Bernhard as earefoarsitter, waard jild ynsammele om in oanpast hûs op It Hearrenfean te bouwen foar Abe en Hil Lenstra., Abe Lenstra (1920-1985) Van Us Abe tot nationaal idool (sjoen op 21 oktober 2009)
Yn de jierren dy't folgen makke it stel in protte reizen nei ûnder oare de Feriene Steaten. Ek kaam Lenstra in protte by de wedstriden fan de Feenstra Flyers. En ek by de wedstriden fan SK It Hearrenfean wie er altyd oanwêzich. Ferneamd binne de ferhalen dat Abe yn dy tiid troch Riemer van der Velde, de foarsitter fan de klup, troch it stadion riden waard. Under en nei de wedstriid waard dan op alles en elkenien kommentaar levere.
Op 2 septimber 1985 waard it nijs bekend dat Abe Lenstra op 64-jierrige leeftyd ferstoarn wie. Der gie in skok troch it lân, ien fan de bêste fuotballers fan it lân wie net mear. Lenstra ferstoar twa dagen foardat de earste, en oant no ta iennichste, fuotbalynterlân op It Hearrenfean spile waard. Foar de wedstriid waard in minút stilte hâlden.
Lenstra waard op 6 septimber 1985 yn it krematoarium fan Goutum kremearre.
As fuotballer Iere karriêre It fuotbaljen learde Lenstra op de strjitten fan It Hearrenfean., LENSTRA, Abe (1920-1985), Instituut voor Nederlandse Geschiedenis (sjoen op 21 oktober 2009) Op skoalle fuotballe Lenstra yn de skoalfuotbalploech. By in toernoai yn 1931 wie Lenstra de jongste en de lytste, grutsk wie er dat der mei dwaan mocht.Mast, J. (2007) – Abe, Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion. Side 17 De ploech fan Lenstra, wêr’t ek syn broer Jan yn siet, stapten faak as oerwinners fan it fjild, benammen troch de technyske kwaliteiten fan Lenstra sels, mar ek syn broer koe bêst fuotbalje. It jier dêrop, doe’t Lenstra 12 jier wie, stjoerde Syd Castle, de Skotske trainer fan FF It Hearrenfean, in bestjoerder fan de fuotbalklup nei de heit fan Lenstra mei de fraach of dat syn soan ek by de klup fuotbalje mocht, dat koe wol.Mast, J. (2007) – Abe, Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion. Side 18
Yn 1936, doe’t Lenstra 15 jier wie, gie er foar it earst mei de haadploech fan de klup mei. Der moast fuotballe wurde yn Velsen, tsjin VSV, der wienen te min spilers en Lenstra waard mei frege. Oan fuotbaljen kaam hy dy dei noch net ta, wol moast hy opdrave as grinsrjochter. Mast, J. (2007) – Abe, Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion. Side 21 Datselde jier debutearre Abe tegearre mei broer Jan yn it twadde fan de klup. Op 1 maart 1936 moast der tsjin Alcides út Meppel spile wurde, Jan spile linksbûten, Abe rjochtsbinnen. Abe sette trije en Jan seis doelpunten. De âldste fan de twa mocht by it earste bliuwe, Abe moast noch oant de simmer wachtsje foardat syn tiid kaam.
It wie 16 july 1936, in oefentoernoai mei klups út de Gordyk, Noardwâlde, Drachten en It Hearrenfean. Yn de wedstriid tsjin de Gordyk makke Lenstra syn debút, de einstân wie 2-2, mei ien doelpunt fan de jonge Lenstra. Neffens Hepkema’s Courant hat it ‘in prachtige goal’ west.Mast, J. (2007) – Abe, Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion. Side 27 Yn it seizoen 1936/1937 krige Lenstra in basisplak yn it earste alvetal.
Lenstra die it sa goed dat der sels belangstelling fan klups út it útlân kaam foar him. Huddersfield Town, in grutte klup yn dy tiid yn Ingelân, woe him ha. Mar heit en mem Lenstra woenen it net lije dat de lytse Abe nei Ingelân gie. Portret van een sportman: Abe Lenstra. VPRO (sjoen op 21 oktober 2009)
Yn dizze tiid kaam Lenstra ek út foar de fertsjintwurdigjende alvetallen fan Nederlân, mar noch net foar it grutte Oranje, dy tiid kaam letter.
Gloarjetiid by FF It Hearrenfean thumb|left|250px|It stânbyld fan Abe Lenstra foar it stadion fan SK It Hearrenfean.
It seizoen 1937/1938 wie de grutte trochbraak fan Lenstra by It Hearrenfean. Yn de kompetysje gie it mei de ploech net al te bêst, se wienen krek promovearre en der moast hanthavene wurde, mar Lenstra waard al topskutter fan de ploech, mei 24 doelpunten.Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 70 De jierren dêrnei groeiden de klup en Lenstra stadichoan troch yn nivo.
Mei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich waard troch de KNFB besletten dat der net degradearre of promovearre wurde koe. Mar yn it seizoen 1940/1941 wie der doch wer in gewoane kompetysje, lykas yn de jierren dêrnei. Yn it jier 1941/1942 waard de klup sels kampioen, it wie earste fan de njoggen Noardlike Kampioenskippen. Twa kear soe de ploech by it neikommende Nederlânsk kampioenskip twadde wurde.
It wie it begjin fan de gouden ploech mei nammen as Wim Molenaar, Jan Lenstra, Tiemen Veenstra, Germ Hofma, Mollo de Jong, Marten Brandsma en Henny Jonkman, ûnder lieding fan Anton Dalhuysen. Lenstra kaam yn syn bêste jierren en de rom fan him wie sa grut dat It Hearrenfean yn oare parten fan it lân Abeveen (Abefean) neamd waard. De stadions wêr’t Lenstra yn spile sieten fol, de minsken woenen him allegear oan it wurk sjen. Lenstra wie in komplete spiler wurden, hy hie it ynsicht, hy koe mei rjochts en links spylje, hie in geweldige technyk en wie ek nochris tige fluch. De 100 meter rûn Lenstra yn 10,9 sekonden, in Frysk rekord yn dy tiid.Albert van Keimpema (1995) – Een pompeblêd als voetbalhart - 75 jaar Heerenveen 1920-1995. Utjouwerij Banda. Side 44
Ferneamde wedstriden waarden spile yn de jierren fjirtich en begjin jierren fyftich, mei Lenstra faak yn in haadrol. Op 21 juny 1947 waard der in wedstriid yn Maastricht spile, by it skoft stie de ploech mei 4-0 efter, mar úteinlik waard der doch wûn, mei 6-7. Mear ferneamd is de histoaryske wedstriid fan 7 maaie 1950 dy’t It Hearrenfean tsjin Ajax spile. Mei noch mar in healoere op 'e klok stie It Hearrenfean mei 1-5 efter. Der waarden inkele omsettings dien yn de opstelling, en doe kaam it los. Abe Lenstra hie in grut oanpart yn de 5 goals fan It Hearrenfean, sels makke hy de earste twa, dy't yn de rest fan de tiid noch makke waarden. It Hearrenfean wûn sa mei 6-5. Mei troch dat ferlies is Ajax dat jier it lânkampioenskip misrûn., Heerenveen - Ajax 6-5 (1-3), Heerenveen, Sportpark J.H. Kruisstraat, 7 mei 1950 (sjoen op 21 oktober 2009)