Grou is in doarp yn de gemeente Ljouwert. Oant de opheffing fan de gemeente Boarnsterhim yn 2018 wie Grou it haadplak fan dy gemeente. Under Grou falle ek de buorskippen De Burd, Goattum en Suorein.
Skiednis It doarp waard foar it earst yn in skriftlike boarne út de 13e iuw neamd as Growe; yn 1412 as Grouwa, yn 1474 as Grou en yn 1504 as to grow. Growe soe wize kinne op in ril of slinke, mar it soe ek ferwize kinne nei in (útdolle) wetterrin.
thumb|left|Sint-Pitertsjerke Grou ûntstie yn de 8e iuw of earder op in terp. Yn 't earstoan sil it plak net grutter west ha as in buorskip. Alhoewol't it doarp mar lyts wie, waard der yn it begjin fan de 12e iuw in yn ferhâlding ta it plak in grutte tsjerke boud, dy't oan de hillige apostel Petrus (Piter) wijd waard. Fan de oarspronklik romaanske tsjerke binne yn it muorrewurk noch dielen fan dowestien.
Ynearsten wie de ekonomy fan Grou rjochte op lânbou, mar sûnt de 15e iuw waard de hannel en skipfeart jimmeroan wichtiger. Dêrtroch waard it doarp grutter en bloeiend. It doarp wie trochsnien mei fearten en havens. In soad werven en seilmakkerijen sieten yn de havens om Grou hinne. In soad dêrfan is noch werom te finen yn de strjitnammen, dy't ferneamd waarden nei it grutte tal dimpte fearten. Lang wie it doarp allinne oer it wetter te berikken. Pas yn 'e 18e iuw waard Grou ek oer de dyk tagonklik. thumb|left|Grou foar de oarloch Yn de 19e iuw naam it belang fan de skipfeart en de fiskerij ôf, mar dat waard goedmakke troch de komst fan it spoar en bettere diken en it ûnstean fan yndystry lykas Halbertsma's Houthannel, it masjinefabryk fan Volma en it suvelfabryk. Mei de fabriken groeide de befolking en waarden nije wenten nedich troch de oanlis fan Easterfjild, de earste wyk bûten it âlde doarp. Fral nei de Twadde Wrâldkriich wreide it doarp him út en hjoed-de-dei is it doarp fjouwerris sa grut as it Grou fan foar 1945.
Yn de rin fan de 20e iuw waard wettersport en toerisme wichtich. Yn Grou fynt alle simmers de start fan it Skûtsjesilen plak.
Foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Grou it haadplak fan de eardere gemeente Idaarderadiel. Nei de oprjochting fan de gemeente Boarnsterhim bleau Grou it haadplak fan de gemeente. Yn 2014 waard Boarnsterhim opheft en sûnt falt Grou ûnder de gemeente Ljouwert.
Mienskip thumb|260px|Loftfoto fan Grou It doarp hat in feriening foar Pleatslik Belang. "De Grouster" is de online krante fan Grou. De skelnamme foar Grousters is tsiisferdûnsers. De Grousters krigen dy bynamme nei't de spylman op in feest net mei jild betelle wurde koe en syn spyljen mei in tsiis betelle waard.Doarpsargyf, oproppen 1 maaie 2023
Tsjerken
De PKN-gemeente Grou-Jirnsum makket gebrûk fan de midsiuwske Sint-Pitertsjerke. Yn de Haadstrjitte stiet de ûnopfallende skûltjserke fan de Mennistegemeente Mid-Fryslân.
De grifformearde tsjerke waard nei de foarming fan in PKN-gemeente yn 2008 bûten gebrûk steld. Foar it lêst waard dêr yn 2017 in tsjinst fierd. Nei in restauraasje waard de tsjerke as arsjitektenburo yn gebrûk nommen.Gereformeerde Kerken, oproppen 1 maaie 2023 Tusken 1930 en 1976 hie Grou ek noch in herfoarme kapel oan de 1e Easterfjildstrjitte foar de rjochtsinnich herfoarmen. Nei it sluten waard de kapel ôfbrutsen. Skoallen Sevenwolden (VMBO/MAFÛ/HAFÛ VWO) Iepenbiere basisskoalle 'De Twa Fisken' Kristlike basisskoalle Nijdjip' Sûnt 2012 binne de twa basisskoallen op it plak kommen fan it eardere swimbad.
Ferienings Atletykferiening Athleta Badmintonklub Raak 'm Damklub De Toer Follybalferiening Grou '64 Folkstúnferiening Grou Feriening Foar Folksfermaken Fuotbalferiening GAVC (webside) Fûgelwacht Grou Iisklub Grou Keatsferiening It Wetterlân Klaverjas Oan 'e Mar Kuorbalferiening Mid Fryslân Toanielferiening Krite Grou Mingd Koar Grou (webside) Roeiferiening SRSV Tennisferiening Grou Wettersportferiening Frisia Sylferiening Oostergo Grouster Wettersportferiening (webside)
Befolkingsferrin Yn 1844 wennen fan de 1.825 minsken 1.429 minsken yn de doarpskearn. De rest (23%) fan de befolking wennen op it lân en yn de buorskippen. Troch it ferdwinen fan it tal boerebedriuwen en it groeien fan de doarpskearn wenne yn de jierren 1980 noch mar 4% fan de Grousters yn it bûtengebiet.Ut: Dit was Idaarderadeel Jier 1844 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2010 2015 2020 Ynwenners 1.825 3.453 3.522 3.880 4.129 4.600 5.869 5.615 5.768 5.768 Jier 2022 Ynwenners 5.690
Berne yn Grou Pibo Ovittius fan Abbema (± 1542-1618), predikant Andries Roorda (1649-foar 1697), legerkaptein Rinse Klazes Koopmans (1770-1826), teolooch Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), skriuwer, dichter Tsjalling Hiddes Halbertsma (1792–1852), skriuwer Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797–1858), skriuwer, dichter Auke Boonemmer (1823-1894), skriuwer fan toanielstikken Tsjalling Eeltsjes Halbertsma (1848-1912), skriuwer Hjerre Gjerrits van der Veen (1816-1887), skriuwer. Gerrit Tiemersma (1835-1923), skriuwer Sikke Sibes Koldijk (1861-1927), dichter Simke Molenaar (1874-1965), deklamator Rixt (pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen (1887–1979) Simke Molenaar (1874-1965), kabaretier Tsjits Peanstra (1924-2014), Frysk dichteresse Atje Keulen-Deelstra (1938-2013), reedrydster Herman Rouwé (1943), roeier Haitske Valentijn (1954), reedrydster Syds Wiersma (1963), dichter Henk Rouwé (1964), roeier Jan van der Leij (1952), skriuwer Ulke Brolsma (1943), skriuwer
Sint-Piter thumb|260px|Sint-Piter op it Fryske hynder De patroanhillige fan it doarp is Sint-Piter, dy't ek beskermhillige fan de fiskers is. De midsiuwske tsjerke wie foar de reformaasje wijd oan Sint-Piter en wurdt ek no noch sa neamd. De feestdei fan Sint-Piter falt neffens de tradysje op 22 febrewaris, mar neffens de kristlike tradysje wurdt it fierd op de jûn foar dy dei. Sint-Piter komt op de sneon foar 21 febrewaris yn Grou oan en op 21 febrewaris giet Sint-Piter by de skoallen del. it Sint-Piterfeest fan Grou waard yn 2018 byskreaun yn de Ynvintaris Immatrieel Erfgoed Nederlân.
Bruorren Halbertsma De Bruorren Halbertsma binne yn Grou hikke en tein. Se hawwe in soad dien foar it Frysk. Hja skreaunen bg.‘Rimen en Teltsjes’. Eeltsje Halbertsma (1797-1858), wie húsarts en skreau de tekst fan it Fryske Folksliet. By de tagong fan it Wilhelminapark stiet in boarstbyld út 1904 fan him. Yn Museum de Trije Gritenijen is in soad werom te finen fan dizze bruorren.
Keunstiisbaan Op 23 desimber 2007 hat Grou in sportprimeur troch in earste iisbaan fan keunststof yn de iepenloft te iepenjen. It saneamde "Glice-iis" is betocht troch Eric Sinnema út Aldtsjerk en is neffens Sinnema net te fergelykjen mei keunststofiisbanen dy't yn de Feriene Steaten foarkomme.
Ynfrastruktuer Ferbinings Behalve oer it wetter is Grou fia de wei en oer it spoar te berikken. It is ien fan de stasjons oan it spoar fan Swol nei Ljouwert, en it leit oan de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean. Hjirmei hat Grou ek in part op-en-del-reizgers.
Bustsjinst Troch Grou rinne de folgjende buslinen:
Line 1: Busstasjon Ljouwert - Grou fia Julianaleane Line 28: It Hearrenfean - Grou fia Akkrum
De buslinen troch Grou wurde fersoarge troch Qbuzz.
Wetterdoarp thumb|260px|Haven Grou Grou leit oan de Pikmar, it Prinses Margrietkanaal en it âlde rivierke de Grou. Troch de lizzing by al dat wetter krige it doarp de foarm fan in arsjipeldoarp (besteande út lytse eilantsjes) en is der in soad wettersport en toerisme. Under oaren is Grou it plak fan sylferiening Eastergoa, fan it SKS-skûtsje it Doarp Grou, en fan de sylskoalle Oer 't Hout yn kombinaasje mei Stayokay Grou. Ek binne der yn Grou ferskate jachtwerven te finen.
Strjitten De strjitten yn Grou.
Musea thumb|260px|Eardere gemeentehûs fan Boarnsterhim Museum Beskerming Befolking Museum Hert fan Fryslân (tydlik sletten; mooglik weriepening yn in takomstich Multyfunksjoneel Sintrum)Side Museum Hert fan Fryslân
Keppelings om utens Doarpsargyf Pleatslik Belang Side Sint-Piter FB-side Grou eartiids Doarpsfilm De Dorpsfilm van Grouw is in film dy't Johan Adolfs yn 1964 oer it doarp makke hat. De film (44:35, sûnder lûd) is by it Frysk Film Argyf bedarre en hjir te besjen.
Publikaasjes - Grou 2000 - Paad troch Grou - Oorlog in en om Grou 1940-1945 - Werom nei Grou
Sjoch ek Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân
Kategory:Doarp of stêd yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Doarp of stêd yn Boarnsterhim Kategory:Doarp of stêd yn Idaerderadiel Kategory:Beskerme doarpsgesicht yn Nederlân