Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1980-er jierren. Foarfallen febrewaris 21 - De Trettjinde Alvestêdetocht wurdt wûn troch Evert van Benthem út St. Janskleaster yn in tiid fan 6.47 oere. maart 11 - Nei it ferstjerren fan Konstantin Tsjernjenko wurdt Michail Gorbatsjov beneamd ta de nije siktaris-generaal fan 'e Sovjet-Uny. maaie 29 - It Heizeldrama: by slimme opskuor tusken oanhingers fan 'e fuotbalklubs Juventus FC en Liverpool FC falle yn it Heizelstadion yn Brussel 38 deaden. juny 7 - De lêste rit op it spoar fan 'e Nederlânske Tramwei Maatskippij wurdt riden. 14 - Frankryk, Dútslân en de Benelúkslannen slute it Ferdrach fan Schengen. Se regelje frij grinsferkear foar harren ynwenners troch ôfskaffing fan de grinskontroles. 25 - Air India-flecht 182 stoart del yn 'e Atlantyske Oseaan besuden Ierlân troch in bomoanslach troch Kanadeeske Sikhs. Alle 329 ynsittenden komme om. july 10 - Der fynt yn 'e haven fan Auckland, yn Nij-Seelân, in bomoanslach plak op it skip de Rainbow Warrior, fan 'e miljeubeskermingsorganisaasje Greenpeace. De dieders binne leden fan 'e Frânske geheime tsjinst. By de oanslach komt de Nederlânske fotograaf Fernando Pereira om. 13 - yn Ingelân en de Feriene Steaten wurdt it Live Aid-benefytkonsert hâlden. 31 - Ruudt Rutten, Johannes van Dijk en Tjerk de Groot winne yn Frjentsjer de 132ste PC. Johannes van Dijk wurdt útroppen ta kening. augustus 3 - Premiêre fan de Frysktalige film De Dream, fan Pieter Verhoeff. 20 - Yn 'e Feriene Steaten rekket de polityk yn ûnstjoer as it Iran-Contraskandaal oan it ljocht komt: it regear fan presidint Ronald Reagan hat wapens ferkocht oan fijân Iraan en it dêrmei fertsjinne jild trochskood nei de Contra-rebellen yn Nikaragûa. septimber 19 - By de swiere ierdbeving fan Meksiko-Stêd falle teminsten 5.000 en mooglik wol 45.000 deaden. oktober 1 - De Israelyske loftmacht fiert in bombardemint út op it PLO-haadkertier yn Tunis. Dêrby komme 270 minsken om it libben, foar it meastepart Tunezyske boargers. 15 - Michael Gorbatsjov yntrodusearret syn polityk fan perestrojka, werstrukturearring. 31 - 6 novimber - Wubbo Ockels is de earste Nederlanner yn de romte. novimber 4 - Minister Nelie Smit-Kroes fan Ferkear docht yn in benzinestasjon by Geldrop de earste PIN-betelling yn Nederlân. 22 - Firma Microsoft bringt it bestjoeringsprogramma Windows 1.0 op de merk, de earste grafyske ynterfaasje foar persoanlike kompjûters.
Berne jannewaris 3 - Nicole Beharie, Amerikaansk aktrise 7 - Lewis Hamilton, Ingelsk koereur 23 - Doutzen Kroes, Frysk fotomodel en mannekên 31 - Roelof Bouwmeester, Frysk hurdsiler febrewaris 1 - Mason Moore, Amerikaansk pornoaktrise 6 - Vicki Chase, Amerikaansk pornoaktrise 16 - Tatiana Pratley, Frysk toanielregisseur 17 - Gideon Samson, Nederlânsk berneboekeskriuwer 19 - Arielle Kebbel, Amerikaansk aktrise en model maart 2 - Diamond Kitty, Amerikaansk pornoaktrise 8 - Ewa Sonnet, Poalsk neakenmodel en sjongster 9 - Pastor Maldonado, Fenezolaansk autokoereur 12 - J. Mac, Amerikaansk pornoakteur 14 - Eva Angelina, Amerikaansk pornoaktrise 16 - Nynke de Jong, Frysk sjoernaliste en skriuwster 19 - Yolanthe Cabau van Kasbergen, Nederlânsk aktrise en presintatrise 23 - Memphis Monroe, Amerikaansk pornoaktrise 24 - Charley Atwell, Ingelsk neakenmodel 28 - Bella Bellz, Amerikaansk pornoaktrise april 1 - Imanuelle Grives, Nederlânsk aktrise 2 - Lara Baldesarra, Kanadeesk sportpresintatrise 15 - Amy Ried, Amerikaansk pornoaktrise 22 - Noortje Herlaar, Nederlânsk aktrise 22 - Dionne Stax, Nederlânsk nijslêzeresse maaie 3 - Femke Hoeksma, Frysk sjongster fan 'e popgroep Three-ality 8 - Nikkie Plessen, Nederlânsk aktrise en model 17 - Christine Nesbitt, Kanadeesk reedrydster 19 - Chris de Wagt, proffuotballer en fuotbaltrainer († 2020). 20 - Chris Froome, Britsk hurdfytser 23 - Wim Stroetinga, Frysk hurdfytser juny 4 - Dominique Gisin, Switsersk skyster 5 - Bruce Venture, Amerikaansk pornoakteur 19 - Carmel Moore, Ingelsk pornoaktrise july 10 - Miljuschka Witzenhausen, Nederlânsk presentatrise 23 - Renze Pieter Hiemstra, Frysk keatser 31 - Alissa White-Gluz, Kanadeesk sjongeres augustus 7 - Margot Boer, Frysk reedrydster 14 - Ashlynn Brooke, Amerikaansk pornoaktrise 22 - Kether Donohue, Amerikaansk aktrise 28 - Kjetil Jansrud, Noarsk skyer septimber 15 - Kayden Kross, Amerikaansk pornoaktrise 13 - Thomas Prager, Eastenryksk fuotballer 20 - Franceska Jaimes, Kolombiaansk pornoaktrise 30 - Sheena Shaw, Amerikaansk pornoaktrise oktober 4 - Eve Laurence, Amerikaansk pornoaktrise 11 - Michelle Trachtenberg, Amerikaansk aktrise († 2025) 11 - Annette Gerritsen, Nederlânsk reedrydster 19 - Laurens Dassen, Nederlânsk politikus
novimber 11 - Elske DeWall, Frysk sjongeres 12 - Rick Brink, Nederlânsk politikus en minskerjochte-aktivist († 2024) 12 - Arianny Celeste, Amerikaansk model 16 - Sanna Marin, Finsk politika 27 - Criss Strokes, Amerikaansk pornoakteur 30 - Kaley Cuoco, Amerikaansk aktrise 30 - Chrissy Teigen, Amerikaansk model en presintatrise desimber 13 - Frida Hansdotter, Sweedsk skyster 17 - Katie Kox, Amerikaansk pornoaktrise datum ûnbekend Ojuungerel Ganchujagiin, Mongoalsk model Jill McLain, Amerikaansk model
Bisten 26 maaie - Sunny Boy, ferneamde fokbolle († 1997)
Ferstoarn jannewaris 19 - Eric Voegelin, Dútsk-Amerikaansk heechlearaar (* 1901) 27 - Arend Hauer, Nederlânsk akteur (* 1909) 28 - Alfredo Foni, Italjaansk fuotbaltrainer en fuotballer (* 1911) febrewaris 26 - Hil Andringa, Frysk byldzjend keunstner (* 1896) maart 16 - Hendrik Twerda, Frysk skiedkundige (* 1904) 18 - Abe Brouwer, Frysk skriuwer (* 1901) 23 - Anton Constandse, Nederlânsk sjoernalist (* 1899) 23 - Henricus Keikes, Frysk sjoernalist (* 1926) 28 - Henry Hansen, Deensk hurdfytser (* 1902) april 12 - Truus Schröder-Schräder, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1889) 15 - Jack Medica, Amerikaansk swimmer (* 1914) 20 - Charles Richter, Amerikaansk seismolooch, bekend fan de skaal fan Richter (* 1900) 27 - Benjamin Pieter Liese, Nederlânsk politikus (* 1909) maaie 6 - Pete Desjardins, Amerikaansk keunstdûker (* 1907) 11 - Garmt Stuiveling, Nederlânsk skriuwer (* 1907) 15 - Emerson Spencer, Amerikaansk atleet (* 1906) 26 - Riek van Rumt, Nederlânsk turnster (* 1897) juny 6 - Siem Vroom, Nederlânsk akteur (* 1931) 17 - Jacob Walstra, Frysk atleet (* 1918) 23 - Sake van der Ploeg, Frysk fakbûnslieder, politikus en boargemaster (* 1920) 29 - Jan Oppedijk, Frysk politikus (* 1892) 30 - Maria van Everdingen, Frysk byldhouster (* 1913) july 4 - Jan de Quay, premier fan Nederlân (* 1901) 8 - Gerrit Feenstra, Frysk arsjitekt (* 1890) 13 - Dirk de Zee, Frysk politikus (* 1904) 15 - Durk Mozes, Frysk fakbûnslieder (* 1894) 22 - Matti Järvinen, Finsk spearwerper (* 1909) 27 - Sjoerd Spanninga, Frysk dichter (* 1906) augustus 26 - Piet Jongeling, Frysk sjoernalist, fersetsstrider, politikus en berneboekeskriuwer (* 1909) septimber 2 - Abe Lenstra, Frysk fuotballer (* 1920) 6 - Léon Orthel, Nederlânsk komponist (* 1905) 7 - Jacoba van Velde, Nederlânsk skriuwster (* 1903) 17 - Carmen Barth, Amerikaansk bokser (* 1912) 30 - Simone Signoret, Frânsk aktrise en skriuwster (* 1921) oktober 7 - Gerrit Biersteker, Nederlânsk predikant (* 1896) 18 - Janwillem van den Berg, Frysk spraakwittenskipper en medysk fysiolooch (* 1920) 21 - Sierd Geertsma, Frysk keunstskilder, tekener en dichter (* 1896) 31 - Aage Meinesz (Aage M.), Nederlânsk bankrôver (* 1942) novimber 12 - Owen Churchill, Amerikaansk siler (* 1896) 14 - Ab Hofstee, Nederlânsk akteur (* 1919) 24 - Kees Buddingh', Nederlânsk dichter (* 1918) 26 - Sylvain Poons, Nederlânsk akteur (* 1896) 30 - Cornelis Roggen, Skylger skriuwer, dichter en taalaktivist foar it Aastersk (* 1900) desimber 2 - Ype Poortinga, Frysk skriuwer (* 1910) 3 - Jan Brandt Corstius, Nederlânsk letterkundige (* 1908) 5 - Oreste Capuzzo, Italjaansk turner (* 1908) 27 - Harold Whitlock, Ingelsk atleet (* 1903) 27 - Dian Fossey, Amerikaansk biologe en natoerbeskermster (* 1932) 30 - Ansco Dokkum, Roeier en Hurdsiler (* 1904)
Literatuer romans Patrick Süskind, Das Parfum (oerset yn it Frysk as It Parfum) koarte ferhalen Lois McMaster Bujold, Barter
Films Back to the Future The Breakfast Club De Dream Ewoks: The Battle for Endor Legend Mad Max Beyond Thunderdome Police Academy 2: Their First Assignment Rambo: First Blood Part II Red Sonja Rocky IV A View to a Kill Witness
Tillefyzje Ewoks Star Wars: Droids
Kategory:20e iuw