Joop Boomsma (De Rottefalle, 4 augustus 1945 – Ljouwert, 4 april 2018) wie in Frysk skriuwer, dy't benammen bekend waard fan syn misdieromans.
Libben Jonkheid en oplieding Joop Boomsma waard op 4 augustus 1945 yn De Rottefalle berne as de âldste soan fan Wytske en Siebe Boomsma. Op syn fjirde ferhuzen syn âlden mei him nei Surhústerfean. Nei de legere skoalle gie er nei de Feanster ULO. Sawol op de ULO as letter op de kweekskoalle yn Drachten publisearre Boomsma syn fersen en ferhalen yn de skoalkrante. Ek skreau er yn dy tiid wolris wat foar de pleatslike krante, De Feanster.
Profesjoneel wurkpaad Nei de kweekskoalle kaam Boomsma yn 1968 foar de klasse te stean. Earst op de legere skoalle yn Gouderak, letter oan de mafû yn Gouda. Yn 1975 kaam Boomsma werom nei Fryslân, dêr't er him nei wenjen sette yn Menaam. Hy joech les oan de mafû Nijlân yn Ljouwert oant er op 31 oktober 2006 ophold mei wurkjen.
Karriêre as skriuwer As skriuwer waard Boomsma benammen bekend fan syn misdieromans (lykas Ien foar de Wraak) en koarte ferhalen fan itselde sjenre. Dêrnjonken levere er bydragen oan in grut ferskaat oan tydskriften en kranten, lykas De Strikel, Trotwaer, Sonde en Alternatyf. Fierders skreau er in fjouwertal toanielstikken foar de jongerein en publisearre er yn eigen behear twa dichtbondels.
Boomsma wie ek redakteur by Operaesje Fers en foarsitter fan it Skriuwersboun. Teffens fersoarge er ferskate jierren in literêre rubryk yn it wykblêd Frysk en Frij. Boomsma wie de earste Fryske skriuwer mei in webloch (Skriuwersdeiboek 2001). Op syn webside publisearre er ek geregeldwei nij wurk, sawol proaza as poëzy. Yn 1970, 1971 en 1973 waard oan wurken fan Boomsma de Rely Jorritsmapriis takend. Fan 1994 oant 1996 makke er fierders diel út fan de sjuery fan de Rely Jorritsmapriis en earder, yn 1979, hie er in sit yn de sjuery fan de Gysbert Japicxpriis.
Ferstjerren Boomsma kaam op 4 april 2018 te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 72 jier. Hy liet in frou en twa bern efter, en waard op 10 april yn Goutum kremearre.
Syn meast bekende wurk Frysk om utens (1969) Multipleks (1970) Ierlitte (1972) Dunnik en oar proasa (1974) Ien foar de wraak - misdiedroman, (1988). Kwea jild - misdiedroman, (1989). Picasso, lêste wurk - misdiedferhalen, (1992). In frou mei ljochtblauwe eagen - misdiednovelle, boekewikegeskink, (1994). Yn reek ferflein - misdiedroman, (1998). Skriuwersdeiboek 2001 - ynternetdeiboek, (2002). Om fan dit lân te hâlden - briefwiksel, (2006).
Keppeling om utens Thússide Joop Boomsma
Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk misdieskriuwer Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Frysk blogger Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk misdieskriuwer Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk tydskriftredakteur Kategory:Nederlânsk blogger Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op De Rottefalle Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn 1945 Kategory:Persoan stoarn yn 2018