De Stienhústermûne (Nederlânsk: Steenhuistermolen) is in poldermûne en ryksmonumint tichteby Stiens yn de gemeente Ljouwert. It is in houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren, reiddekt en in flecht fan 15,00 m.
Beskriuwing De Stienhústermûne is in mealreeë muonts, dy't likernôch trije kilometer eastlik fan Stiens stiet. De mûne waard yn 1880 boud foar it bemeallen fan de Stienhústerpolder. Nei't de mûne yn 1952 troch in stoarm beskeadige wie, waard oerweage om him te ferfangen troch in wynmotor, mar dat plan waard wer oan de kant skood.
Yn 1962 bruts ien fan de roeden, wat yn 1967 wersteld waard. Twa jier letter ferlear de Stienhústermûne syn funksje, troch't meganysk bemeallen ynfierd waard. Yn 1985 waard de mûne eigendom fan de Stifting De Fryske Mole.
De mûne, dy't yn 2000 restaurearre waard, is op ôfspraak te besichtigjen.
Keppeling om utens De Stienhústermûne op de Moledatabank De Stienhústermûne op de side fan De Hollandsche Molen
Kategory:Stiens Kategory:Mole yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Muonts (mole) Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1880 Kategory:Mole yn Ljouwerteradiel Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwerteradiel