Géjanna Dijkstra-Buma (Eksmoarre, 1978 - Boalsert, 18 april 2026) wie in keatster út Boalsert. Se hat mei har maat Afke Hylkema 103 earste prizen wûn.

Jeugd Yn har bertedoarp Eksmoarre wenne ek Sjouke de Boer dy't ek altyd in soad krânsen oan de muorre hingjen hie. Har earste maten wiene Monique Gjaltema en Alinda Kleefstra. Letter waarden dat Wiesje van der Berg en Sandra Goodijk. Noch wer letter waarden dy ynruile foar Afke Hylkema en Riska Hazenberg.

PC Yn 1996 wie se ferliezend op de Froulju's PC, mar de fjouwer jier dêrnei wûnen se de PC. Yn 2001 waard Riska Hazenberg ferfongen troch Wiesje van der Berg. Trije kear PC-winst en dêrnei twa oerwinnings mei Debora Oosterman as foarynse. Har trener wie doe Johannes Brandsma.

Oare prizen Se wie yn 2006 twa kear Nederlânsk kampioen en wûn 9 kear de Froulju's PC. Sa wûn se de Klaas Kingma Sportpriis 2007. Dy priis wurdt om it jier útrikt oan in persoan of feriening út Boalsert dy't him ûnderskieden hat. Yn dat jier waard se ek winner fan it Jierklassemint en is yn 2008 oanfierster fan it Ivich keatsklassemint foar Froulju: 683 punten, 164 earste prizen, 62 twadde prizen, 9 kear de Froulju's-PC winst en twa kear it Frouljusbûn foar Boalsert. Yn har lêste keatsjier 2008 wûn se noch 16 krânsen en mei 59 punten twa punten mear as yn har topjier 2006.

Géjanna Dijkstra-Buma ferstoar op 18 april 2026 yn de âldens fan 48 jier, oan de gefolgen fan boarstkanker.

Prizen 1993 - Bûnspartij Famkes 1e priis 1993 - Froulju's PC PC 2e priis 1992 - Bûnspartij Froulju 3e priis 1993 - Bûnspartij Froulju 4e priis 1994 - Bûnspartij Froulju 2e priis 1994 - Froulju's PC 3e priis 1995 - Bûnspartij Froulju 5e priis 1997 - Bûnspartij Froulju 3e priis 1997 - Froulju's PC PC 1e priis 1998 - Froulju's PC PC 1e priis 1999 - Froulju's PC PC 1e priis 2000 - Bûnspartij Froulju 3e priis 2000 - Froulju's PC PC 1e priis 2001 - Froulju's PC PC 1e priis 2002 - Bûnspartij Froulju 1e priis 2003 - Bûnspartij Froulju 2e priis 2003 - Froulju's PC PC 1e priis 2004 - Froulju's PC PC 1e priis 2005 - Froulju's PC PC 1e priis 2006 - Bûnspartij Froulju 1e priis 2006 - Froulju's PC PC 1e priis 2009 - Bûnspartij Froulju 1e priis 2011 - Bûnspartij Froulju 3e priis 2012 - Bûnspartij Froulju 3e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:Persoan berne yn Eksmoarre Kategory:Persoan berne yn 1978 Kategory:Persoan stoarn yn 2026