Quirinus Harder (Rotterdam, 1801 – Flissingen, 1880)Quirinus Harder op WieWasWie.nl wie in Nederlânsk arsjitekt dy't ferskate fjoertuorren ûntwurpen hat.

Hy wie haadkonstrukteur fan de boukundige tsjinst fan it loadswêzen. Harder hat fanwege it Ryk ferskate fjoertuorren ûntwurpen. Dy waarden makke fan getten izer, dat as boumateriaal yn de midden fan de 19e iuw nij wie. It brûken fan getten izer foar fjoertuorren begûn yn Grut-Brittanje. Faaks hat Harder dat dêr sjoen op in stúdzjereis.

Harder syn fjoertuorren 1863 - Fjoertoer Aailân (Tessel) 1866 - Fjoertoer fan Breskens 1875 - Westkapelle Laag 1875 - Fjoertoer fan Scheveningen 1976 - Fjoertoer fan Flylân (Fjoerdún) 1877 - Fjoertoer fan Den Helder (Lange Jaap) 1878 - Lege fjoertoer fan IJmuiden 1880 - Fjoertoer fan It Amelân (Bornrif)

Foto's

Sjoch ek Fjoertuorren yn Fryslân

Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Persoan berne yn 1801 Kategory:Persoan stoarn yn 1880