De fjoertoer fan It Amelân wurdt soms Bornrif neamdDe vuurtoren die vuurtoren heet Persbureau Ameland 12 augustus 2019, oproppen op 11 oktober 2022, al krige de fjoertoer by de bou gjin namme mei. De toer waard yn 1880 boud, yn opdracht fan Kening Willem III. De toer fan getten izer is ûntwurpen troch Quirinus Harder en waard boud troch in jitterij yn Dimter. De losse segminten binne nei It Amelân ferskepe en dêr op elkoar setten.
Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam der in nij, swakker ljocht op de toer; sadwaande krige de toer doe de bynamme fan "skimerlampe". Yn 1952 waard der in nij, sterker ljocht op setten. Dit ljocht hat in sterkte fan 4.400.000 candela.
Sûnt ein 2004 is de toer eigendom fan de Gemeente It Amelân en sûnt 26 maart 2005 is de toer wer foar toeristen tagonklik. De toer is in museum dat ûnderdiel is fan it rêdingsmuseum Abraham Fock. Yn de âlde koepel fan de fjoertoer sit in diorama oer it rêdingswêzen. Boppe-yn is in wurkkeamer ynrjochte lykas dy troch de fjoertoerwachter brûkt waard, ek wurde der ekposysjes holden.
De fjoertoer is 55,3 meter heech en hat 14 ferdjippings. De treppe nei boppe hat 236 treden. It optyk komt fan de eardere Fjoertoer Westhaad yn Alddoarp.
Likernôch 80 meter súdeastlik fan d efoet fan de fjoertoer steane de eardere fjoertoerwachterswenten.
Ofbylden </center>
Sjoch ek List fan Fryske musea
Keppelings om utens Webside fan de Fjoertoer It Amelân
Skiednis fan de fjoertoer
Kategory:Bouwurk op It Amelân Kategory:Fjoertoer yn Fryslân Kategory:Ryksmonumint op It Amelân Kategory:Bouwurk út 1880