Klaverke Fjouwer is in priis foar dy keatsers dy't de fjouwer wichtichste keatspartijen wûn hawwe: De Freulepartij, de Jong Nederlânpartij, de Bûnspartij foar Senioaren en de PC. De priis is ynsteld troch de PC.

Winners Oant no ta binne der mar fjirtjin keatsers dy't der yn slagge binne dizze fjouwer partijen op har namme te bringen. Foar har nammen stiet it jiertal wêryn de fjirde fan de neamde partijen wûn is:

Jier Namme(leeftiid) Freule JongNederlân de Bond PC 1920 75px Ids Jousma 19 jier 1916 1918 1920 1920 1923 75px Taede Zijlstra 22 jier 1917 1917 1923 1920 1928 Klaas Wiebrens Kooistra 25 jier 1919 1920 1921 1928 1947 Frans Helfrich 22 jier 1936 1938 1947 1942 1960 Dirk van der Zee 23 jier 1953 1956 1959 1960 1974 André Roosenburg 23 jier 1968 1973 1974 1972 1976 Johannes Westra 22 jier 1960 1964 1976 1968 1989 Joop Bierma 27 jier 1978 1982 1982 1989 1991 Erik Seerden 19 jier 1987 1991 1991 1991 2002 75px Jacob Wassenaar 21 jier 1996 2000 2001 2002 2003 Cornelis Terpstra 21 jier 1997 2000 2003 2002 2004 Auke van der Graaf 26 jier 1994 1996 2004 1998 2017 Hans Wassenaar 26 jier 2007 2009 2017 2016 2026 Rick Minnesma 21 jier 2020 2022 2026 2026

Bysûnderheden Ids Jousma en Erik Seerden binne fan dizze 13 dejingen dy't it Klaverke Fjouwer it hurdst yn harren besit hienen. Fjouwer jier nei it winnen fan de Freule wûnen hja de Bûnspartij en de PC. Ids Jousma hie ûnderwilens de Jong Nederlânpartij wûn, Seerden wûn dy yn itselde jier as de oare twa.

Froulju It ekwivalint fan it Klaverke Fjouwer foar froulju is de Fjouwer Wimpels. Kategory:Keatsen Kategory:Fryske sportpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1920