Fuotbalferiening Heech is oprjochte op 19 juny 1931 en spilet op Sportpark Heech oan de Skatting. It tenu fan de klup bestiet út in read-wyt streke shirt, wite broek en sportsokken.

Skiednis De feriening waard oprjochte op 19 juny 1931 en krige de namme H.V.C. Dat wie de ôfkoarting fan: Heeger Voetbal Club. Fan hegerhân (KNVB/FVB) moast de namme yn 1945 lykwols wizige wurde yn Fuotbalferiening Heech.

Yn it begjin nei de oprjochting wie it dreech om in fjild te finen wêrtroch't der net folle of gjin kompetysjewedstriden spile wurde koene. De feriening ferkaste wol fjouwer kear fan plak, ear't se op it hjoeddeiske plak oan de Skatting terjochte koene. De feriening spilet hjir sûnt augustus 1946 har wedstriden. De earste jierren krige de klup tastimming om jin yn inkelde lokalen fan de oan de oare kant fan de dyk lizzende eardere suvelfabryk "Op Hoop van Zegen" te ferklaaien. Yn augustus 1962 koene eigen klaaikeamers by if fuotbalfjil yn gebrûk naam wurde. Yn de twadde helte fan de 1970-er jierren waard in gravelfjild mei ljochtynstallaasje oanlein, waarden de klaaikeamers renovearre en útwreide, kaam der in twadde fjild, en ek in kantine.

Oan 'e ein fan it seizoen 1988-1989 waard de feriening stjoerleas. By it flaggeskip (Heech 1) wiene wedstriidformulieren net korrekt ynfolle. Heech rekke as straf alle punten kwyt en degradearre nei de 2e klasse F.V.B. (Frysk Fuotbal Bûn). Neist in pear persoanlike skorsingen waard it sittende bestjoer as "polityk" einferantwurdlike foar ien jier skorst. It hat bliken dien dat it bestjoer doetiids net op de hichte wie fan ien en oar. It ris sa grutske fuotbalbolwurk wie djip fallen. Leden, âld-bestjoerders, frijwilligers en oare persoanen dy't de klup in waarm hert tadroegen giene mei sukses oan slach om de feriening wer op de rails te krijen.

Yn 2006 sette der frouljusalvetal útein, Op 1 jannewaris 2009 waard der in gearwurkingsferbân mei IJ.V.C. fan Drylts oangien om it frouljusfuotbal foar beide ferienings te behâlden. It frouljusteam Heech/IJ.V.C. wie berne. Mei yngong fan it seizoen 2014/2015 is de frouljustak opheft. Trochdat it net langer slagge om genôch froulju byinoar te krijen foar in alvetal.

Heech Kategory:Heech Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1931