thumb|right|200px|Yn de Frijloop thumb|Gevelstien thumb|182x182px|Efterside Pakhûs Cath Feriening In de Vrijloop is fêstige yn Pakhûs Cath, It Syl 13 op De Jouwer

Doel fan de feriening De feriening hat as doel persoanen, wenjend yn gemeente De Fryske Marren, dy't net of net folslein oan it arbeidsproses dielnimme, yn de gelegenheid te stellen harren frije tiid sa sinfol en sa noflik mooglik troch te bringen. Wy tinke nei oer de mooglikheden ta ferjonging fan de doelgroep. Sa wurde der ferskate kursussen en aktiviteiten organisearre troch de Sosjaal Kulturele Kommisje. De feriening draait alhiel op frijwillige eigen leden, dêr't sa'n tweintich behearders fan dy't as gasthear of -dame it besitekaartsje binne fan de feriening. Fertsjintwurdigers út de ferskate groepen fertsjintwurdigje dy yn it algemien bestjoer.

Hoe't it begûn Yn 1978 loek in groepke âld-wurknimmers by Douwe Egberts oan 'e bel. Hja woenen graach geregeld by elkoar komme om aktiviteiten te ûndernimmen. Dêr hienen hja romte foar nedich. Douwe Egberts koe der gjin romte beskikber foar stelle.

Mar in jier letter kaam de oplossing: pakhûs Cath waard net langer brûkt as opslach.

Der waard in feriening oprjochte der't ek oare ienriedigen lid fan wurde koenen. De wurkgroep mocht in diel fan it pakhûs hiere foar in symboalysk bedrach. Ek waard harren wat meubilêr en in pear masines tasein.

Stadichoan kamen der mear leden en yn novimber 1980 waard de Feriening 'In de Vrijloop’ mei 37 leden oprjochte.

Der waard kontakt socht mei sosjale ynstellingen en de feriening krige finansjele stipe. Dêr stie foaroer dat de feriening har wurkpleatsen iepenstelle en kursussen jaan soe, sadat foar minsken dy't lange tiid sûnder wurk sieten of dy't diels arbeidsgeskikt wienen de kâns op wurk grutter wurde soe.

Mar de Sosjale Wetjouwing feroare tige yn de rin fan de jierren. Der bliek net folle ferlet mear te wêzen om jongeren sûnder wurk wat te learen en struktuer te jaan yn harren deistich libben. De feriening rekke groep kwyt.

No bestiet de feriening benammen út pensjonearden en minsken dy't net langer oan it wurk kinne.

It yn it besit krijen fan it gebou Yn 1985 krige de feriening de mooglikheid om it gebou te keapjen. Mar net, sa't bytiden tocht wurdt, foar de symboalyske gûne of euro.

Earst, op 21 novimber 1984, waard om taktyske en strategyske reden Stichting Pakhûs Cath oprjochte. En oan dy stichting waard it gebou yn eigendom oerdroegen. De keapsom wie deselde as de taksaasjepriis.

Nei jeften fan Stichting Westermeer, it 250-jierrich jubileum fan Douwe Egberts en ôflossingen wiene der yn it jier 2003 gjin skulden mear.

Untwikkelingen Earder waard de Stichting Westermeer al neamd as golle stiper. Mar foar de oanskaf fan masinen en wat der allegear noch mear by komt is mear jild nedich. Dêr hawwe yn dy begjintiid ek it Prins Bernhard Fonds en it Koningin Juliana Fonds oan bydroegen.

Omdat Feriening In de Vrijloop in sosjale funksje hie koe der doetiids ek ûnderdak bean wurde oan tal fan hulporganisaasjes, lykas F.S.U., W.U.G. en Versus.

Yn dy tiid waarden der rûnom skilen ophelle, dy’t dan as feefoer by in boer ôflevere waarden. Ek de tsjintwurdige Kringloopwinkel waard yn dy begjinjierren oprjochte.

Sosjaal Kulturele Kommisje (SCC) De sosjaal kulturele kommisje is ynsteld yn 1990. It is syn taak om aktiviteiten te organisearjen en it jierliks ferskinend programmaboekje te meitsjen. Neist in printe programmaboekje is de ynhâld ek te lêzen op de website fan ‘Vereniging In de Vrijloop’. Op dy side is fansels noch mear ynformaasje te finen, sa as de  nijsbrieven.

Foarsitterslist Evert den Drijver 2025 – Thomas de Jong 2017 – 2025 Henk Zwart 2008 – 2017 Wiggert Amsterdam 2002 – 2008 Dhr. W. Bruinsma 1997 – 1999 Dhr. H. Mink 1989 – 1995 Roel Visser 1984 – 1988 Jelle de Jong 1980 – 1984 (earste foarsitter)

It gebou De feriening hat yn de rin fan de tiid ferskate sealen / romten yn it gebou realisearre. Sealen / romten foar 8 persoanen oant mear as 75 persoanen, in biljertseal mei trije biljerttafels, in houtwurkpleats en net te ferjitten in kringloopwinkel. De sealen binne ek te hier foar oare ferienings.

It pakhûs fan Graanhandel G.P. Cath & Zonen, yn 'e folksmûle Pakhûs Cath, waard boud yn 1879 en ferboud yn 1905. Feriening In de Vrijloop is de iennige hierder

Keppeling om utens Webside fan feriening In de Vrijloop

Boarne Ut in presintaasje fan Thomas de Jong (Foarsitter) 2021

Kategory:Organisaasje op De Jouwer Kategory:Fryske biljertklup Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1979