Fuotbalferiening Hurdegaryp is oprjochte op 10 oktober 1962. De klup spilet op sportpark De Warren oan de Jintewarren yn Hurdegaryp. It tenu fan de klup bestiet út in read shirt, swarte broek en sokken yn deselde kleur.

Skiednis Yn 1932 waard der al in snein fuotbalklup oprjochte yn Hurdegaryp. Der waard destiids spile op in terrein dat fergees beskikber steld wie efter de Boargemaster Drijberweg. Yn augustus 1945 gie dy klup op yn de Hurdegaryp Sportferiening. Begjin 1950-er jierren rûn de animo om te fuotbaljen lykwols sterk werom, wat de ein betsjutte fan it fuotbaljen yn Hurdegaryp.

Yn it begjin fan de 1960-er jierren kamen de fuotbalgefoelens dochs wer ta libben en waard op 10 oktober 1962 de SV Hardegarijp oprjochte, in omniferiening mei ûnder oare follybal, tafeltennis, badminton en basketbal. Yn 1981 stapte de fuotbalferiening út dizze omniferiening en gie selsstannich fierder. It fuotbalfjild wie yntusken al ferpleatst nei in terreintsje achter de Plesmanstrjitte. Yn 1971 wie der wer in ferhuzing en doe nei de lokaasje dêr't de klup no noch aktyf is nammentlik it sportkompleks De Warren. Yn 2002 waard der in tribune by it kompleks boud, en is der in ljochtynstallaasje om it wedstriidfjild pleatst.

Hurdegaryp Kategory:Hurdegaryp Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1962