Sportferiening De Houtigehage is oprjochte op 1 april 1929 en spilet op sportpark Duinoord oan de Dúnoardswei yn De Houtigehage. It tenu fan de klup bestiet út in read shirt mei giele baan, swarte broek en reade sokken mei trije giele strepen.

Skiednis Yn de maitiid fan 1929 waard yn it doarpskafee de earste oanset jûn ta de hjoeddeistige fuotbalferiening. Se kamen doe mei it idee om de earder ta siele feriening OKK (Oefening Kweekt Kunst) nij libben yn te blazen. Op 1 augustus 1929 trede de klup ta oant de Fryske Fuotbal Bûn (FVB) en waard yndield yn de 3e klasse C. De namme fan de feriening waard Sportferiening De Houtigehage, mei de kleuren blau-wyt.

It wedstriidfjild wie dêr't no it kluphûs Duinoord stiet. Fanwegen de grutte sânflakte waard it ek wol "de Sahara fan Houtigehage" neamd. Dat sânfjild waard yn 1932 ferlitten. Yn 1936 promovearre de klup nei de KNVB. Yn dyselde jierren waarden de klupkleuren fan De Houtigehage fan blau-wyt wizige yn read-giel.

Houtigehage, de Kategory:De Houtigehage Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1929