Fuotbalferiening HJSC (Hommerts-Jutryp Sport Combinatie) is oprjochte op 12 april 1947 en spilet op Sportpark Oan it Far yn De Hommerts. It tenu fan de klup bestiet út in grien shirt, wite broek en griene sokken mei in wyt board.
Skiednis De offisjele oprjochtingsdatum fan de fuotbalferiening HJSC is 12 april 1947. Mar yn de argiven fan de eardere gemeente Wymbritseradiel komt de namme HJSC al yn de 1930-er jierren foar. Dat mooglik is der sprake fan in trochstart fan de feriening. De klupkleuren waarden om praktyske redenen grien-wyt dit omdat de kuorbalferiening yn dizze kleuren sporten, en de fuotballers dy't ek by it kuorbal aktyf wiene mei dizze kleuren gjin ekstra sportklean oan hoegden te skaffen.
HJSC Kategory:De Hommerts Kategory:Jutryp Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1947