Jan Marcus Posthuma (Dokkum, 11 juny 1963) is in earder Frysk follybalinternational en heart ta de 'gouden generaasje' dy't yn 1996 Olympysk kampioen waard yn Atlanta. Jan Posthuma wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.

Jan Posthuma die trijeris mei oan de Olympyske Spullen. De earste Simmerspullen dêr't Posthuma oanmeidie wie yn 1988 yn Seoel. Yn Súd-Korea waard it Nederlânsk follybalteam fiifde. Yn 1992 waard hy by de Simmerspullen yn Barselona mei it Nederlânsk team twadde efter Brazylje. Fjouwer jier, yn 1996 letter wie hy lid fan it Nederlânsk team dat goud ferovere yn Atlanta troch Itaalje yn de finale te ferslaan. Yn totaal hat Jan Posthuma 352 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech. Ynterlannen oersjoch NeVeBo

Yn 2008 die nei ûndersyk yn it sikehûs bliken dat Jan Posthuma noaskanker hie. By syn earste frou hat Posthuma twa jonges, by de twadde frou hat er twa dochters.Ljouwerter Krante 31 desimber 2010, bylage "het beste", side 31. (Sjoen op 3 jannewaris 2011)

Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers

Kategory:Frysk follyballer Kategory:Frysk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1963