Gysbert Japiks (Boalsert, 1603 – dêre, 1666) wie in Frysk skriuwer, dichter, skoalmaster en foarsjonger. Hy wurdt beskôge as ien fan de wichtichste skriuwers út de Fryske literatuerskiednis. Yn in tiid dat it Frysk syn eardere funksje as skriuw-, bestjoers- en kultuertaal foar in grut part ferlern hie, brûkte Japiks de taal op 'e nij foar literêr wurk fan heech nivo.

Japiks libbe op 'e grins fan renêssânse en barok en beide literêre streamingen binne yn syn wurk werom te finen. Hy skreau poëzij en proaza, makke oersettingen en bewurkingen en berime fyftich psalmen. Dêrby ûntwikkele er in eigen Fryske stavering en in literêre skriuwtaal. Syn wurk stie net los fan de Europeeske literatuer fan syn tiid: hy liet him ûnder oaren ynspirearje troch klassike skriuwers en troch dichters.

By syn libben ferskynde yn 1640 de Friessche Tjerne, it wurk dat syn namme as Frysktalich dichter bekend makke. Syn grutste samling, de Friesche Rymlerye, ferskynde yn 1668, twa jier nei syn dea. Dy bondel waard letter ferskate kearen op 'e nij útjûn en krige grutte betsjutting foar de ûntwikkeling en wurdearring fan it Frysk as literêre taal.

De ynfloed fan Japiks rikte fierder as syn eigen tiid. Syn wurk bleau in wichtich referinsjepunt foar Fryske skriuwers en taalgelearden en krige yn de njoggentjinde iuw op 'e nij in prominint plak yn de Fryske taal- en literatuerbeweging. Nei him is de Gysbert Japicxpriis, de wichtichste literêre priis foar Frysk literêr wurk, neamd. Japiks is ek opnommen yn de Kanon fan de Fryske skiednis.

Namme De famyljenamme fan Gysbert Japiks wie Hol(c)kema. Gysbert brûkte syn famyljenamme net sa faak, oaren nei him likemin. It gefolch is dat it patronymikum (famyljenamme wurdt ôflaat fan de namme fan de heit) Japiks meastentiids as famyljenamme brûkt wurdt. Dêrtroch binne der yn ‘e rin fan de skiednis trije gongbere farianten ûntstien. De skriuwwize ‘Japicx’ komt fan de ûndertekening dy’t Gysbert brûkte yn de brieven oan syn freon Symen Abbes Gabbema. Dy brieven binne opnommen yn de Rymlerye-edysjes fan 1681 en 1684. Om’t de ‘x’ neffens de Fryske staveringsregels net of amper brûkt wurdt (ek net altyd by nammen), is de skriuwwize ‘Japiks’ ûntstien. Dy skriuwwize is ek brûkt op it titelblêd fan 'e Friesche Rymlerye.

Oant 1989 wienen de farianten ‘Jacobs’ en ‘Japiks’ gongber, mar nei’t Philippus Breuker mei de publikaasje fan syn proefskrift de tredde fariant wer ynfierde, waard fannijs oan ‘Japicx’ de foarkar jûn. Foar de ‘Gysbert Japicxpriis’ hat de provinsje Fryslân konsekwint de –cx skriuwwize brûkt. Deselde offisjele skriuwwize is ek oernommen troch it Gysbert Japicxhûs.Webside Gysbert Japicxhûs: Skriuwwize famyljenamme (lêst sjoen op 8 okt. 2020)

Libben Jonge jierren Gysbert Japicx waard berne yn 1603 oan de Wipstrjitte yn Boalsert as soan fan Ancke Willems en Jacob Gysberts. Syn âlden trouden yn 1602 en Gysbert is nei alle gedachten de âldste fan 'e fiif bern dy't se krigen. De famylje makke diel út fan de foarname Boalserter boargerij. Syn heit Jacob Gysberts is bekend as de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal fan it ferneamde stedhûs fan Boalsert. Foaral troch al syn funksjes yn de tsjerke en de polityk wie hy yn syn tiid ferneamd yn Boalsert. Yn de tritiger jierren kaam er yn it stedsbestjoer en waard yn 1640 foar twa jier boargemaster fan Boalsert. thumb|It hjoeddeistige museum Gysbert Japicxhûs wie it bertehûs fan Gysbert Japiks. Gysbert groeide dêrmei op yn in húshâlding dy't net allinnich ekonomysk goed situearre wie, mar ek nau ferbûn wie mei it bestjoerlike en tsjerklike libben fan Boalsert. Syn heit wie ambachtsman, mar hearde tagelyk ta de bestjoerlike elite fan de stêd. Dy maatskiplike eftergrûn joech Gysbert tagong ta ûnderwiis en boeken dy't foar in grut part fan de befolking minder fanselssprekkend wie.

Nei de legere skoalle folge de jonge Gysbert de Latynske skoalle en learde ta skoalmaster. Gysbert kaam nei de Latynske skoalle by syn heit op kantoar. Syn leafde gong doe al út nei de letterkunde.Fan de mear as njoggenhûndert minsken yn Fryslân fan wa’t it boekebesit út it tiidrek 1625–1680 bekend is, hienen mar in stik of fjouwer mear literatuer yn harren boekesamling as hy. Oan de titels is te sjen dat er grut wurden is mei de rederikersliteratuer.Breuker, Philippus, Fryslân yn de Gouden Iuw (2022) 494-495

De Latynske skoalle joech him de klassike foarming dy't letter yn syn wurk dúdlik werom te kennen is. Hy rekke dêr fertroud mei it Latyn en mei de literêre tradysje fan de Aldheid. Ut ûndersyk nei syn letter boekebesit docht fierders bliken dat Japiks in foar syn tiid opfallend grutte belangstelling hie foar Nederlânske letterkunde. Ek teologyske wurken en boeken oer dichtkeunst makken diel út fan syn yntellektuele wrâld.Philippus Breuker, It wurk fan Gysbert Japix, Ljouwert, 1989.

Yn 1624 waard Gysbert as lidmaat fan de grifformearde gemeente yn Boalsert ynskreaun. Dat is ien fan de earste dokumintearre gegevens oer syn eigen libben. Syn tsjerklike eftergrûn soe letter ek in wichtige rol spylje yn syn wurk as foarsjonger en yn syn religieuze poëzij en psalmberimings.Fryske Akademy, De stad Bolsward, oersjoch fan skoalmasters, s. 4.

Wytmarsum en werom nei Boalsert Doe't in jongere broer fan Gysbert yn Wommels skoalmaster wurden wie, keas ek Gysbert foar it ûnderwiis. Yn 1625 waard er skoalmaster yn Wytmarsum, dêr't er likernôch tsien jier wurke. Oer syn libben yn dy jierren is mar in bytsje mei wissichheid bekend. Wol is út 1635 in brief bewarre bleaun dêr't er him tige wanhopich yn utere. Yn datselde jier einige syn wurk as skoalmaster yn Wytmarsum. Wat hy yn de tiid dêrnei krekt dien hat, is net hielendal dúdlik; mooglik hold er in skoft yn Ljouwert ta en hat er eefkes yn Bitgum wurke.Webside Tresoar: biografy Gysbert Japiks

Yn Ljouwert kaam er yn kontakt mei Sijke Salves, mei wa't er yn oktober 1636 troude. In jier letter sette it pear him yn Boalsert nei wenjen, de stêd dêr't Japiks opgroeid wie en dêr't er de rest fan syn libben bliuwe soe. Yn augustus 1637 waard hy dêr beneamd ta skoalmaster oan de stedsskoalle foar jonges. Dêrneist waard er foarsjonger yn de Martinytsjerke. Foar syn wurk as skoalmaster krige er in jiertraktemint fan 247 gûne en foar it foarsjongerskip nochris 40 gûne. De stêd betelle ek in part fan de kosten fan syn ferhuzing.Fryske Akademy, De stad Bolsward, oersjoch fan skoalmasters, s. 4.

It houlik mei Sijke en de beneaming yn Boalsert brochten mear fêstens yn Japiks syn libben. Sijke hie in sidewinkel en Japiks kombinearre syn skoalwurk en tsjerklike taken mei syn tanimmende belangstelling foar literatuer. Yn 1637 skildere Matthijs Harings, in omke fan Sijke, it bekende portret fan Japiks.Breuker, Philippus, Fryslân yn de Gouden Iuw (2022), s. 495.

Japiks bleau oant syn dea oan de Boalserter skoalle ferbûn. Neffens in lettere oerlevering koe er ûnder it lesjaan sa yn syn dichtwurk opgean dat syn learlingen seinen: "master is wer gek". Hoewol't dy anekdoate net út in eigentiidske skoalboarne bekend is, jout se wol it lettere byld wer fan Japiks as in skoalmaster foar wa't de literatuer altyd tichtby wie.

Skriuwer en dichter Gysbert Japiks hie al jong niget oan literatuer. Syn earste Fryske wurk is datearre op 1639, mar hy hie doe ek al stikken yn it Nederlânsk en Latyn skreaun. Gysbert Japiks wie sels meartalich en ek yn syn omjouwing wienen ferskate talen lykas it Frysk, Latyn, Nederlânsk en Frânsk yn gebrûk. Wêrom’t hy nei 1639 krekt begûn is yn it Frysk te dichtsjen, is net wis. Mooglik waard hy stimulearre troch freonen of hy rekke ynspirearre troch it wurk fan de Fryske skriuwer Johan fan Hichtum.Webside https://www.tresoar.nl/literatuur: biografy Gysbert Japiks thumb|De Martinytsjerke dêr't Japiks foarsjonger wie.

Yn 1640 seach syn earste yn print ferskynde wurk, de Friesche Tjerne, it ljocht. De Friessche Tjerne waard yn Ljouwert útjûn troch Claude Fonteyne en makke fuortendaliks yndruk. Yn it wurk lit Japiks sjen dat it Frysk ek brûkt wurde koe foar ambisjeuze literatuer dy't oansleat by de literêre kultuer fan de santjinde iuw. It súkses fan it wurk fêstige syn namme as Frysktalich dichter.

Japiks bleau lykwols yn it deistich libben yn it foarste plak skoalmaster. Syn literêre wurk ûntstie njonken syn berop en syn tsjerklike taken. Dat makket syn relatyf grutte oeuvre opmerklik: sûnder in universitêre of profesjoneel-literêre posysje wist er him dochs te ûntwikkeljen ta in skriuwer dy't kontakt hie mei gelearden en literatoaren yn en bûten Fryslân.

Yn de jierren nei de Friesche Tjerne gie er troch mei it skriuwen fan poëzij en proaza, leafdespoëzij, gelegenheidsdichten en ek in soad psalmberimings. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste iuw noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.Gysbert Japiks yn de Kanon fan de Fryske Skiednis

Yn 1646 hold de ferneamde taalgelearde Franciscus Junius in skoft by Japiks yn Boalsert ta om Frysk fan him te learen en syn wurk te bestudearjen. Junius makke ôfskriften fan ferskate teksten fan Japiks. Dy en oare mei Japiks ferbûne hânskriften kamen letter yn de Bodleian Library yn Oxford telâne en binne dêr bewarre bleaun. It kontakt mei Junius lit sjen dat Japiks syn wurk al yn syn eigen tiid ek bûten Fryslân belangstelling krige. De besite fan Junius wie foar Japiks ek persoanlik fan belang. De gelearde naam syn Frysktalige wurk serieus en stimulearre dêrmei yndirekt de status fan Japiks as skriuwer. Troch sokke kontakten stie de Boalserter skoalmaster, nettsjinsteande syn geografysk beheinde libbensrûnte, yn ferbining mei in folle bredere Europeeske taalwittenskiplike wrâld.

Tusken 1651 en 1655 sette Japiks goed fyftich psalmen oer nei it Frysk.Corporaal, J. (2018). Salang't de beam bloeit - koarte skiedns fan de Fryske literatuer. Ljouwert: Tresoar/De Gordyk:Bornmeer</ref> Japiks krige ek kunde oan de Fryske skiedskriuwer Symen Abbes Gabbema, dy't it wurk fan Japiks postúm ferskine liet yn de Fryske Rymlerye. Fan it tiidrek 1654-1661 binne ferskate brieven tusken Japiks en Gabbema bewarre bleaun.

De korrespondinsje mei Gabbema is ien fan de wichtichste boarnen foar de persoan Japiks. Yn de brieven skreaunen de beide mannen net allinnich oer poëzij, mar ek oer boeken, taal en stavering. Gabbema moedige Japiks oan om syn wurk te skriuwen en út te jaan. De brieven litte tagelyk sjen dat Japiks bewust neitocht oer syn posysje as Frysktalich skriuwer en oer de foarm fan syn taal.Gysbert Japicx, brieven oan Simon Abbes Gabbema, letter opnommen yn de Friesche Rymlerye (1681).

De jierren fyftich fan de santjinde iuw wienen persoanlik in swiere perioade. In folwoeksen dochter stoar yn 1652, syn freon en eardere útjouwer Claude Fonteyne yn 1654 en syn heit yn 1655. Yn 1656 ferlear er op 'e nij twa bern. Yn in brief oan Gabbema út dat jier skreau Japiks dat syn "siongster stil" waard en it dichtsjen ophâlde woe. De persoanlike ferliezen binne dêrmei ek yn syn eigen korrespondinsje werom te finen.Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek, lemma Gijsbert Japiks; Gysbert Japicx, brief oan Simon Abbes Gabbema, 4 febrewaris 1656.

Dochs bleau Japiks ek yn syn lêste libbensjierren dwaande mei syn skriuwerij. Hy hie plannen om syn Fryske oeuvre yn in gruttere samling út te jaan, mar slagge der net mear yn om dy útjefte sels ta stân te bringen.

De pest Gysbert Japiks en Sijke Salves krigen seis bern, fan wa't fiif foar harren âlden stoaren. Harren soan Salves, dy't sjirurch wie, wie it iennichste bern dat yn 1666 noch libbe. Yn septimber fan dat jier stoar Gysbert Japiks yn Boalsert oan de pest. Koart dêrnei stoaren ek syn frou Sijke en harren soan Salves oan deselde sykte.Artikel oer Japiks yn it tydskrift 'Oude Muziek'