Foarfallen 9 augustus - Troch it sluten fan it Webster-Ashburton Ferdrach wurdt it ferrin fan 'e grins fêstlein tusken de Feriene Steaten en de Britske koloanjes dy't letter Kanada foarmje sille. 4 oktober - By it earste Ferdrach fan La Pointe steane de Odjibwe-Yndianen it westlike twatrêde part fan Opper-Michigan en de noardlike râne fan Wiskonsin ôf oan 'e Feriene Steaten. sûnder datum - Karl Marx wurdt redakteur by de Rheinische Zeitung.

Berne 6 jannewaris - Salomon Siewerd de Koe, Frysk teolooch en predikant († 1886) 2 febrewaris - Ben Clark, Amerikaansk gids, tolk en ferkenner († 1914) 20 maart - Charley Reynolds, Amerikaansk gids en ferkenner († 1876) 7 july - Augustinus Lycklama à Nijeholt, Frysk steatelid en boargemaster († 1906) 17 septimber - Algernon Smith, Amerikaansk militêr († 1876) 20 septimber - James Dewar, Skotsk útfiner fan de termosflesse († 1923) 21 septimber - sultan Abdúlhamit II fan it Osmaanske Ryk († 1918) datum ûnbekend Bizonfâlemakker, opperhaad fan 'e Kry († 1886)

Ferstoarn 23 maaie - José de Espronceda, Spaansk dichter en skriuwer (* 1808) 20 oktober - Grace Darling, Ingelsk fjoertoerwachteresse (* 1815) 14 novimber - Hendrik de Cock, Nederlânsk predikant, lieder fan de Ofskieding fan 1834 (* 1801)

Literatuer koarte ferhalen Edgar Allan Poe, The Pit and the Pendulum (oerset yn it Frysk as De Skacht en de Slinger)

Kategory:19e iuw