Foarfallen 5 maaie - De earste trein op it fêstelân fan Europa riidt yn Belgje, tusken Brussel en Mechelen. 18 juny - De earste stien foar de fermanje fan Akkrum wurdt lein. 30 augustus - Stifting fan Melbourne, yn de Australyske koloanje Fiktoaria. 2 oktober - Mei de Slach by Gonzales brekt de Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch út, wêrby't de provinsje Teksas him besiket los te skuorren fan Meksiko. 1 desimber - Hans Christian Andersen publisearret syn earste boek mei mearkes. sûnder datum - Utfining en ûntjouwing fan it Morse troch Samuel Morse. sûnder datum - De earste trein yn Dútslân riidt tusken Neurenberch en Fürth. sûnder datum - Charles Henry Harrod begjint in tee- en krûdenierswinkel, dy't útgroeie soe ta it Londenske warehûs Harrods. sûnder datum - Charles Darwin nimt by syn reis mei de Beagle de skyldpad Harriet mei nei Ingelân. sûnder datum - Gaspard-Gustave Coriolis beskriuwt foar 't earst it korioliseffekt. sûnder datum - Utfining fan it relais troch de Amerikaan Joseph Henry.
Berne 5 jannewaris - Hendrik van Rijgersma, Frysk dokter, botanikus, soölooch († 1877) 22 jannewaris - Evert Klazes Boorsma, Frysk keatser († 1872) 14 febrewaris - François Haverschmidt (Piet Paaltjens), Frysk dichter († 1894) 9 april - kening Leopold II fan Belgje († 1909) 2 juny - paus Pius X († 1914) 3 oktober - Jacoba Rauwerda, Frysk bordeelhâldster († 1919) 2 novimber - J.J.A Ploos van Amstel, Nederlânsk predikant en teolooch († 1895) 14 novimber - Wilco Rengers, Frysk jurist en politikus († 1916) 30 novimber - Mark Twain, Amerikaansk skriuwer († 1910) 20 desimber - Obbe Rommerts, Frysk útjouwer en fakbûnsman († 1903) datum ûnbekend Hingjende Wolk (Hanging Cloud), froulik kriger fan 'e Odjibwe († 1919) Rein-yn-'t-Gesicht (Rain-in-the-Face), opperhaad fan 'e Lakota († 1905)
Ferstoarn 1 april - Bartolomeo Pinelli, Italjaansk keunstner (* 1781) 8 april - Wilhelm von Humboldt, Dútsk taalkundige en filosoof (* 1767) 8 juny - Gian Domenico Romagnosi, Italjaansk filosoof, ekonoom en jurist (* 1761) 25 juny - Antoine-Jean Gros, Frânsk keunstskilder (* 1771) 27 juny - Evert Sjerps Ferwerda, Frysk timmerman en wiskundige (* 1755) 26 july - Caspar Reuvens, Nederlânsk argeolooch (* 1793) 23 septimber - Vincenzo Bellini, Italjaansk komponist (* 1801)
Literatuer koarte ferhalen Hans Christian Andersen, Fyrtøjet (oerset yn it Frysk as De Tonderdoaze) Hans Christian Andersen, Lille Claus og Store Claus (oerset yn it Frysk as Grutte Klaas en Lytse Klaas) Hans Christian Andersen, Prinsessen på Ærten (oerset yn it Frysk as De Prinsesse op 'e Earte) Hans Christian Andersen,Tommelise (oerset yn it Frysk as Tommelyske) poëzij Edgar Allan Poe, Hymn (oerset yn it Frysk as Hymne)
Byldzjende Keunst
Boukeunst
Kategory:19e iuw