Foarfallen 23 febrewaris - Yn it Teksaanske San Antonio begjint it belis fan 'e Alamo, wêrby't in pear hûndert Teksaanske opstannelingen troch in grutte Meksikaanske troepemacht belegere wurde. 24 febrewaris - De Amerikaanske wapensmid Samuel Colt krijt in patint foar de Colt revolver 2 maart - De Konvinsje fan 1836 ropt de ûnôfhinklikheid fan 'e Republyk Teksas út. 6 maart - De Slach om de Alamo fynt plak, wêrby't it Teksaanske garnizoen fan dat fort by San Antonio ûnder de foet rûn wurdt en hast alle ferdigeners de dea fine. 28 maart - By it Ferdrach fan Washington steane de Odjibwe- en Ottawa-Yndianen it súdlike en sintrale part fan Neder-Michigan ôf oan 'e Feriene Steaten. 21 april - De Teksanen ûnder Sam Houston ferslane it Meksikaanske leger yn 'e Slach oan de San Jacinto, en stelle dêrmei de ûnôfhinklikheid fan 'e Republyk Teksas feilich. 15 juny - Arkansas wurdt as 25e steat talitten ta de Amerikaanske Uny.
Berne 8 jannewaris - sir Lourens Alma-Tadema, Frysk-Ingelsk keunstskilder († 1912) 16 juny - Wesley Merritt, Amerikaansk militêr († 1910) 14 july - Dirk Fontein de Jong, Frysk ûndernimmer, bestjoerder en politikus († 1898) 26 oktober - Johannes Dirks Baarda, Frysk notarisklerk en skriuwer († 1903) datum ûnbekend Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders (Young-Man-Afraid-of-His-Horses), opperhaad fan 'e Lakota († 1900)
Ferstoarn 6 maart - William Barret Travis, Amerikaansk militêr (* 1809) 7 maart - Jan Cornelis Pieter Salverda, Frysk dichter en skriuwer (* 1783) 10 juny - André-Marie Ampère, Frânsk natuerkundige (* 1775) 28 juny - James Madison, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1751) 14 july - Willem Bartel van der Kooi, Frysk keunstskilder (* 1768) 21 augustus - Edward Turner Bennett, Ingelsk biolooch (* 1797) 6 oktober - Johannes Jelgerhuis, Nederlânsk keunstskilder, yllustrator en akteur (* 1770) 6 novimber - kening Karel X fan Frankryk (* 1757)
Kategory:19e iuw