Foarfallen jannewaris - It Nederlânske regear tsjinnet in ûntwerp yn by de Twadde Keamer ta grûnwetswiziging. De ministers sille tenei strafrjochtlik ferantwurdlik wêze foar harren hannelingen. Hollân wurdt opspjalten yn 'e provinsjes Noard-Hollân en Súd-Hollân. 6 febrewaris - It Ferdrach fan Waitangi wurdt ûndertekene, dêrmei wurdt de koloanje Nij-Seelân in feit. 6 maaie - Yn Grut-Brittanje wurdt de earste postsegel fan 'e wrâld yn gebrûk nommen. 7 oktober - Kening Willem I fan de Nederlannen docht ôfstân fan de troan en ferlit it lân. 15 desimber - It lichem fan Napoleon wurdt bysetten yn it Hôtel des Invalides yn Parys. sûnder datum - Ozon wurdt ûntdekt troch Christian Friedrich Schonbein.

Berne 3 jannewaris - Damiaan de Veuster, Flaamsk misjonaris op Hawaï († 1888) 16 jannewaris - Edmond Guerrier, Amerikaansk keapman en tolk († 1921) 26 jannewaris - Sierk Coolsma, Frysk sindeling yn Nederlânsk-Ynje († 1926) 10 maart - Frank North, Amerikaansk militêr († 1885) 25 maart - Myles Keogh, Iersk-Amerikaansk militêr († 1876) 2 april - Emile Zola, Frânsk skriuwer († 1902) 7 maaie - Pjotr Iljitsj Tsjaikovski, Russysk komponist († 1893) 2 juny - Thomas Hardy, Ingelsk skriuwer († 1928) 27 july - Ranald S. Mackenzie, Amerikaansk militêr († 1889) 1 septimber - Gerhardus Wijnandus Bruinsma, Frysk dokter en bestjoerder († 1914) 12 septimber - Johan Winkler, Frysk dokter, sjoernalist en taalkundige († 1916) 27 oktober - Joel H. Elliott, Amerikaansk militêr († 1868) 28 oktober - Klaas van Tuinen, Frysk biolooch, ûnderwizer en konservator († 1905) 8 novimber - George Hugh Bourne, Ingelsk hymneskriuwer en predikant († 1925) 10 novimber - Tjeerd Ritskes Velstra, Frysk boer en toanielskriuwer († 1918) 14 novimber - Claude Monet, Frânsk keunstskilder († 1926) datum ûnbekend Amerikaansk Hynder de Jongere (American Horse), opperhaad fan 'e Lakota († 1908) Gal (Gall), opperhaad fan 'e Lakota († 1894) Mâl Hynder (Crazy Horse), opperhaad fan 'e Lakota († 1877) Rikel (He Dog), opperhaad fan 'e Lakota († 1936) Rint-mei-de-Stjerren (Walks-with-the Stars), froulike kriger fan 'e Lakota († 1???) Swarte Bizonfrou (Black Buffalo Woman), Lakota-frou († 18??) Swarte Koallen (Black Coal), opperhaad fan 'e Noardlike Arapaho († 1893) Thomas Tibbles, Amerikaanske sjoernalist, publisist en aktivist († 1928) Wite Earn, opperhaad fan 'e Ponka († 1914)

Ferstoarn 27 maaie - Nicolo Paganini, Italjaansk fioelist en komponist (* 1782) 2 septimber - Franz Meyen, Dútsk biolooch (* 1804) 7 novimber - Jacques MacDonald, Frânsk generaal (* 1765) 23 novimber - Thijs Feenstra, Frysk politikus en keapman (* 1766) 11 desimber - keizer Kokaku fan Japan (* 1771) 23 desimber - Dirk Piebes Sjollema, Frysk keunstskilder (* 1760)

Literatuer ferhalebondels bruorren Halbertsma, Twigen út in Alde Stamme poëzij dichtbondels bruorren Halbertsma, Twigen út in Alde Stamme gedichten Eeltsje Hiddes Halbertsma, De Likeblommen

Kategory:19e iuw