Foarfallen maart 30 - De Feriene Steaten en it Keizerryk Ruslân berikke oerienstimming oer de Oankeap fan Alaska. july 1 - De Britske koloanjes Ontario, Kebek, Nij-Skotlân en Nij-Breunswyk foarmje de Kanadeeske Konfederaasje. Kanada kriget selsbestjoer binnen it Britske Ryk. 31 - Auke Miedema, Rein Minnes Schiphof en Klaas Folkerts Post winne yn Frjentsjer de 16e PC. oktober 1 - it earste part fan it Spoar fan Swol nei Ljouwert wurdt iepene. 18 - Mei de Oankeap fan Alaska, bewurkmastere troch de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken William H. Seward en syn Russyske amtgenoat Edûard de Stoeckl, komt in ein oan it bestean fan 'e needlijende Russyske koloanje Russysk-Amearika. It gebiet komt no ûnder de namme Alaska by de Feriene Steaten te hearren. De grins tusken de beide lannen komt yn 'e midden fan 'e Beringstrjitte te lizzen, en rint dêr tusken de beide Diomedeseilannen troch. Bestjoerlik wurdt Alaska foarearst in ûnorganisearre territoarium: it Departemint Alaska. 21-28 - Under de namme fan it Ferdrach fan Medicine Lodge wurde in trijetal ferdraggen sletten tusken it regear fan 'e Feriene Steaten en fiif Yndiaanske folken fan 'e súdlike Grutte Flakten, wêrby't de Yndianen deryn tastimme en jou harren lân op. Dizze ferdraggen komme yn it plak fan it nea útfierde Ferdrach fan de Lytse Arkansas, fan 1865. Datum ûnbekend - Alfred Nobel fynt it dynamyt út. - Samuel Fay krijt it earste patint foar in krammerke út metaaltried.

Berne 9 jannewaris - Theodorus Marius Theresius baron van Welderen, Frysk politikus en bestjoerder († 1945) 18 jannewaris - Rubén Darío, Nikaragûaansk dichter, skriuwer en sjoernalist († 1916) 7 febrewaris - Laura Ingalls Wilder, Amerikaansk skriuwster († 1957) 20 maart - Sjouke de Zee, Frysk skriuwer en propagandist († 1954) 25 maart - Arturo Toscanini, Italiaansk dirigint († 1957) 16 april - Wilbur Wright, Amerikaansk loftfeartpionier († 1912) 27 april - Frédéric Rouge, Switserske skilder († 1950) 7 novimber - Maria Curie-Sklodowska, Poalsk-Frânsk natuerkundige en Nobelpriiswinner († 1934)

Ferstoarn 19 juny - keizer Maksimiliaan fan Meksiko (* 1832) 26 juny - kening Otto I fan Grikelân (* 1815) 22 septimber - Michael Faraday, Ingelsk natuerkundige (* 1791)

Literatuer toaniel Henrik Ibsen, Peer Gynt (oerset yn it Frysk as Peer Gynt)

Kategory:19e iuw