Foarfallen jannewaris 29 - Kansas wurdt as 34e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. febrewaris 8 - Sân Súdlike steaten dy't har ôfskaat hawwe fan 'e Feriene Steaten rjochtsje de Konfederearre Steaten fan Amearika op. (Hjir slute har neitiid noch fjouwer oare Súdlike steaten by oan.) maart 17- Kening Fiktor Emmanuël II fan Piemont-Sardynje proklamearret it keninkryk Itaalje. april 12 - De Amerikaanske Boargeroarloch tusken de Noardlike Feriene Steaten en de Súdlike Konfederearre Steaten brekt út mei de besjitting troch de Súdliken fan it Noardlike Fort Sumter, yn 'e haven fan Charleston (Súd-Karolina). july 31 - Pieter Ulbes Rijpma, Pieter Baukes Rijpma en Rients Doekles Yntema winne yn Frjentsjer de 11e PC.
Berne 6 jannewaris - Victor Horta, Flaamsk arsjitekt († 1947) 8 jannewaris - Ietje Kooistra, Frysk pedagoge en feministe († 1923) 19 jannewaris - Georg Christiaan Slieker, (earste) Frysk (én Nederlânsk) bioskoophâlder († 1945) 28 febrewaris - Eli Heimans, Nederlânske ûnderwizer en natuerbeskermer († 1914) 31 maaie - William S. Hofstra, Amerikaansk ûndernimmer en filantroop († 1932) 26 augustus - Émile Hamonic, Bretonsk útjouwer en fotograaf († 1943) 4 oktober - Frederic Remington, Amerikaansk keunstskilder († 1909) 10 oktober - Fridtjof Nansen, Noarsk ûntdekkingsreizger († 1930) datum ûnbekend Oldig Boekhoff, Eastfrysk predikant en bibeloersetter († 1920)
Ferstoarn 2 jannewaris - kening Freark Willem IV fan Prusen (* 1795) 1 maaie - Marten Annes Ypma, Frysk predikant (* 1810) 25 juny - sultan Abdúlmadjyd I fan it Osmaanske Ryk (* 1823) 11 novimber - kening Peter V fan Portegal (* 1837)
Literatuer koarte ferhalen Hans Christian Andersen, Hvad Fatter Gjør det Er Altid det Rigtige (oerset yn it Frysk as Wat Heit Docht, Is Altyd Bêst) Hans Christian Andersen, Sneemanden (oerset yn it Frysk as De Snieman)
Kategory:19e iuw