Foarfallen jannewaris 10 - De earste metro fan de wrâld wurdt yn London iepene. juny 20 - West-Firginia wurdt as 35e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. july 1 - It Keninkryk fan de Nederlannen skaft de slavernij ôf yn Suriname en op de Nederlânske Antillen. 1-3 - Yn 'e Slach by Gettysburg, it bloedichste treffen fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, hawwe de Súdliken de mooglikheid om 'e oarloch te winnen fan it Noarden, mar litte se har dy kâns ûntglûpe. 29 - Pieter Ulbes Rijpma, Jan Bangma en Frans Frederiks Felkers winne yn Frjentsjer de 13e PC. desimber 16 - De 22-jierrige Gerard Adriaan Heineken keapet de bierbrouwerij "De Hooiberg" yn Amsterdam.

Berne 1 jannewaris - Pierre de Coubertin, Frânsk sportbestjoerder en stifter fan de moderne Olympyske spullen († 1937) 12 jannewaris - Outram Bangs, Amerikaansk biolooch († 1932) 6 maart - Sjirk Linses van der Burg, Frysk beweger en notaris († 1932) 10 juny - Louis Couperus, Nederlânsk skriuwer († 1923) 29 juny - Sije Laverman, Frysk skriuwer († 1919) 14 july - Charles Le Goffic, Bretonsk dichter, skriuwer en skiedkundige († 1932) 28 septimber - kening Karel I fan Portegal († 1908) 14 oktober - Gabriël van Schouwen, Frysk dokter († 1913) desimber - Swarte Wapity (Black Elk), medisynman fan 'e Lakota († 1950) 19 desimber - Theo van Hoytema, Nederlânsk tekener, litograaf en boekbânûntwerper († 1917)

Ferstoarn 3 july - Lytse Krie (Little Crow), opperhaad fan 'e Eastlike Dakota (* 1810) 20 septimber - Jacob Grimm, Dútsk taalkundige en mearkeskriuwer (* 1785) 17 septimber - Alfred de Vigny, Frânsk skriuwer (* 1797) 15 novimber - kening Freark VII fan Denemark (* 1808)

Kategory:19e iuw