Foarfallen maart 8 - Der wurdt in begjin makke mei it ôfgraven fan de dunen by Breesaap foar de oanlis fan it Noardseekanaal. april 9 - De Súdlike generaal Robert E. Lee en syn Noardlike wjergader Ulysses S. Grant tekenje yn it Gerjochtsgebou fan Appomattox, yn Firginia, de oerjefte fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika. Hjirmei wurdt de Amerikaanske Boargeroarloch nei fjouwer jier beëinige mei in Noardlike oerwinning. augustus 2 - Dirk Ynzes de Boer, Pieter Ynzes de Boer en Pieter Pieters Hiddinga winne yn Frjentsjer de 15e PC. oktober 14 - By it Ferdrach fan de Lytse Arkansas stimme fiif Yndiaanske folken fan 'e súdlike Grutte Flakten deryn ta om harren lân ôf te stean oan 'e Feriene Steaten. desimber 24 - De Ku Klux Klan wurdt oprjochte yn Pulaski (Tennessee).

Berne 31 jannewaris - Henri Desgrange, Frânsk sportbestjoerder en organisator fan de Omgong fan Frankryk († 1940) 10 maart - Pim Mulier, Nederlânsk sjoernalist en sportbestjoerder († 1954) 13 juny - William Butler Yeats, Iersk dichter († 1939) 25 july - Jac. P. Thijsse, Nederlânsk ûnderwizer en natoerbeskermer († 1945) 11 augustus - Frank T. Hopkins, Amerikaansk hynsteman († 1951) 15 augustus - Johan Bernard Schepers, Frysk skied- en letterkundige († 1935) 23 septimber - Emma baronesse Orczy, Hongaarsk-Ingelsk skriuwster († 1947) 19 novimber - Pieter Baukes Yetsenga, Frysk keatser († 1943) 1 desimber - Ate Dykstra, Frysk-Amerikaansk politikus († 1953) 8 desimber - Jean Sibelius, Finsk komponist († 1957) 27 desimber - Teatse Eeltsje Holtrop, Frysk skriuwer en oersetter († 1925) 30 desimber - Rudyard Kipling, Ingelsk skriuwer en dichter († 1936) datum ûnbekend Swurddrager (Sword Bearer), opperhaad fan 'e Krieën († 1887)

Ferstoarn 14 april - Sjoerd Bonga, Frysk topografysk tekener en skilder (* 1794) 15 april - Abraham Lincoln, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1809) 23 april - Silas Soule, Amerikaansk militêr en abolysjonist (* 1838) 26 april - John Wilkes Booth, Amerikaansk akteur en moardner fan Abraham Lincoln (* 1838) 5 juny - John Richardson, Skotsk biolooch en ûntdekkingsreizger (* 1787) septimber - Ald Opperhaad Smook (Old Chief Smoke), opperhaad fan 'e Lakota (* 1774) 10 desimber - kening Leopold I fan Belgje (* 1790) 14 desimber - Jan Hendrik van Boelens, Nederlânsk jurist en politikus (* 1792)

Literatuer romans Lewis Carroll, Alice's Adventures in Wonderland (oerset yn it Frysk as Alice yn Wûnderlân) Jules Verne, De la Terre à la Lune (oerset yn it Frysk as In Reis nei de Moanne)

Kategory:19e iuw