Surhústerfean is ien fan de tolve doarpen fan de Fryske gemeente Achtkarspelen.

By it doarp hearre ek de buorskippen Blauhûs, in diel fan Koartwâld en It Wyldfjild. De Fjouwerhústerwei is ferneamd nei de buorskip Fjouwerhûzen.

Surhústerfean hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.

Skiednis Surhústerfean is oan ein 16e iuw ûntstien doe't de earste turfgravers en skippers harren dêr nei wenjen setten. It ha benammen de muontsen west dy't fan ynfloed west hawwe op it ûntstean. Hja hearden ta de pioniers fan de ferfeanting, dêrnei kamen al rillegau de ambachtslju en winkellju. thumb|left|250px|De eardere feart fan Surhústerfean De namme fan it doarp betsjut letterlik 'Surhuzumerfean', de feangrûnen súdlik fan it tsjintwurdich lytsere, mar âldere Surhuzum. De abt fan it kleaster Jeruzalim yn Gerkeskleaster sluet doe in kontrakt mei Utertske ûndernimmers om de hege feanen ôf te graven. De wiken en de feart (Dimpte Feart) dy't troch de flekke rûnen binne tichtsmiten.

Súdeastlik fan it doarp begjint it âlde rivierke de Lauwers, al is dat dêr net mear as in foege sleat.

Tsjintwurdich hat Surhústerfean ekonomysk sjoen in regionale funksje, mei in foech winkelbestân, ferskate hoarekafoarsjennings en in tal yndustriële bedriuwen. thumb|260px|Toerplein Menisten De Meniste Gemeente fan Surhústerfean ûntstie om 1600 by de ferfeantings. Om 1620 hat der seker al in fermanje stien om't de earste bekende learaar Gabbe Paulus stoar yn 1643. De predikanten yn letter tiid (lykas D. Pekelharing) hawwe in bydrage levere oan de ferbettering fan Surhústerfean. De hjoeddeiske fermanje is fan 1804. Fan 1720 oant 1729 hat der in groep Dútske menisten yn Surhústerfean of omkriten wenne. Se lieten har dope yn in poel by Koartwâld. Fan harren is fierders net folle bekend. Fan Surhústerfean gienen sy oer Rotterdam mei it skip ‘Allen’ nei de Feriene Steaten fan Amearika. Se fêstigen har yn Pennsylvania en foarmen dêr de Church of Brethren

Mienskip De flekke hat in feriening foar Doarpsbelang dy't gearkomsten hat yn multyfunksjoneel sintrum It Fleckehûs. It doarp hat as basisskoallen It Skriuwboerd, De Bernebrêge en De Hoekstien. As eveneminten wurde alle jierren in kross hâlden, in hurdfytswedstryd (de Profomgong fan Surhústerfean) en in konkoers hippyk. Der is ek in VVV-kantoar yn Surhústerfean. Fan 1945 oant 2019 wie der yn Surhústerfean in selsstannige boekhannel fêstige, Boekhannel Douma.

Flekke De Fryske Rie foar Heraldyk hat it doarp Surhústerfean op 4 septimber 1986 de erkenning 'Flekke' takend. Flek of flekke is yn Fryslân de ûnoffisjele oantsjutting fan in grut doarp, dat eins yn de ûntwikkeling fan doarp nei stêd stykjen bleaun is. Se hiene faak mear rjochten as de trochsneed doarpen, lykas rjocht fan waach en rjochtspraak. De flekken wurde ferdield yn de iere en lettere flekken. Drachten, De Gordyk, It Hearrenfean en Surhústerfean hearre ta dy lêste groep. Se binne yn de 17e en 18e iuw ta ûntwikkeling komd. De flekkewapens ûnderskiede har fan de gewoane doarpswapens, trochdat se wol in kroan fiere.

Tsjerken thumb|260px|Doarpstsjerke Doarpstsjerke (earder herfoarme, tsjintwurdich PKN-gemeente) De Flambou (earder grifformeard, tsjintwurdich PKN-gemeente) De Regenboog (Kristlike grifformearde frijmakke gemeente) De Vluchtheuvel (Baptistegemeente) Keninkryksseal (Jehova's tsjûgen) thumb|260px|Fermanje Skoallen Surhústerfean hie yn de jierren 1980 noch fjouwer skoallen foar fuortset ûnderwiis. Foar dy tiid wie der sels ek noch in Lânbouskoalle oan de Dimpte Feart. Yn de jierren 1980 ferdwûn de húshâldskoalle oan De Dellen, dy't ferboud waard ta tsjerke. Nei't ek de iepenbiere MAFU oan de Jan Binnesleane ferdwûn, wiene der noch twa: de kristlike MAFU (Lauwers Kolleezje) en it Singelland Kolleezje, dy't yn 2016 fusearren ta de Skoalle Mienskip Singelland.

Iepenbiere Skoalle Mienskip Singelland Kristlike basisskoalle 'De Bernebrêge' Kristlike basisskoalle 'De Hoekstien' Iepenbiere basisskoalle 'It Skriuwboerd'

Ferienings Brassband Blaast de Bazuin De Trochsetters - toaniel BC '85 - badminton WSBF - gymnastyk VCS - follybal Fuotbalferiening Surhústerfean Fuotbalferiening 't Fean '58 Fûgelferiening Surhústerfean (Webstee) Fûgelwacht Stynsgea/Surhuzum (webstee) Fuotbalferiening 't Fean 58 (webstee) Kuorbalferiening KV It Fean Skeelerferiening Frouljuskoar 'Noaten op 'e Sang' Befolkingsferrin Jier 1955 1960 1965 1970 1973 1990 2004 2008 2010 2021 Ynwenners 2.801 3.140 3.524 4.026 4.602 5.866 5.740 5.757 5.874 6.055

Bekende Feansters Joop Atsma, earder steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Milieu en hurdfytspommerant Adri de Boer (1956), trûbadoer Betty de Boer (1971), VVD-politika Klaas-Harm Dykstra (1979), muzikant Eerde Schippers (1956), arsjitekt Aaldert Jan Schuilenga (1943-2020), CDA-politikus Taeke Schuilenga (1878-1943), koekefabrikant Meindert Talma (1968), popmuzikant en skriuwer Dieuwke Weening-Meijer (1921-1990), skriuwster Jan Hepkes Wouda (1862-1939), fellekeapman, ek wol de Feanster liger neamd. Ien fan de bekende eardere doarpsfigueren. Oare bekende doarpsfigueren binne Eare Hut en Jantsje Sint, beide yn it doarp suver allinne bekend ûnder harren bynammen.

Bustsjinst De busline troch Surhústerfean wurdt fersoarge troch Qbuzz. De folgjende line rydt troch Surústerfean:

Line 12 Bûtenpost - Drachten fia Surhústerfean: Bûtenpost - Stynsgea - Surhuzum - Koartwâld - Switserloane - De Wielewaal - Nije Jirden - Havenstrjitte - Nij Ophûs - Blauhûs - De Rottefalle - Drachten Line 13 Ljouwert - Drachten fia Surhústerfean: Ljouwert - Tytsjerk - Quatrebras - Noardburgum - Jistrum - Koatstertille - Droegeham - De Harkema - Nije Jirden - De Wielewaal - Switserloane - Van Duinenstrjitte - Master Klokmanstrjitte - Schuilengaloane - Toerplein - Havenstrjitte - Nij Ophûs - Blauhûs - Boelensloane - De Houtigehage - Drachtster Kompenije - Drachten

Musea Museum Ot en Sien

Strjitten Alle strjitten yn Surhústerfean.

Sjoch ek Fryske doarpen Koartwâld (mûne) Museumpleats Ot en Sien

Keppeling om utens Thússide fan Achtkarspelen Webstee Surhústerfean

Kategory:Doarp of stêd yn Achtkarspelen