Foarfallen july 3 - Karl Benz yntrodusearret de earste automobyl op benz-ine. 15 - De geregelde feartsjinst Starum-Inkhuzen set útein. augustus 4 - Jacob Klazes Wassenaar, Sjirk de Wal en Klaas Willems Boorsma winne yn Frjentsjer de 35ste PC. Klaas Willems Boorsma wurdt útroppen ta kening. septimber 4 - Nei hast 30 jier kriich jout de Yndiaanske lieder Geronimo him oer.
Berne maart 8 - Germ de Jong, Frysk keunstskilder en tekener († 1967) april 18 - Gauke Boelens, Frysk ûndernimmer en politikus († 1942) 26 - Ma Rainey, Amerikaansk sjongster († 1939) maaie 31 - Goaitsen Burgy, Frysk skriuwer († 1944) july 5 - Willem Drees, premier fan Nederlân († 1988) augustus 21 - Ruth Manning-Sanders, Welsk dichter en skriuwer († 1988) septimber 27 - Lucien Gaudin, Frânsk skermer († 1934) oktober 5 - Han Hollander, Nederlânsk radio-sportferslachjouwer († 1943) 19 - Arjen Goodijk, Frysk arsjitekt († 1952) 22 - Mees Toxopeus, Frysk rêdingsboatskipper en fersetsman († 1974) novimber 30 - Douwe Tot, Skylger fisker en rêdingboatskipper († 1959) desimber 2 - Geart Japiks van den Berg, Frysk rimelder en folksdichter († 1954) 3 - Uiltje Tijmstra, Frysk keatser en skoalmaster († 1965) 11 - Božena Laglerová, Tsjechysk loftfeartpionier († 1941) 16 - Nikolaj Stroennikov, Russysk reedrider († 1940)
Ferstoarn 12 jannewaris - Tjeert Eernstman, Frysk keunstskilder en tekenlearaar (* 1801) 31 jannewaris - Baruch Bendit Dusnus, oerrabbyn fan Ljouwert en ressort Fryslân (* 1811) 5 febrewaris - Tjeerd Annes Keikes, Frysk sulversmid en medaljeur (* 1804) 23 maart - Salomon Siewerd de Koe, Frysk teolooch en predikant (* 1842) 15 maaie - Emily Dickinson, Amerikaansk dichteresse (* 1830) 13 juny - kening Loadewyk II fan Beieren, de "Mearkekening" (* 1845) 4 july - Bizonfâlemakker, opperhaad fan 'e Kry (* 1842) 31 july - Franz Liszt, Hongaarsk komponist (* 1811)
Literatuer romans Robert Louis Stevenson, The Strange Case of Dr Jekyll and Mr Hyde poëzij Louis Couperus, Orchideeën
Byldzjende keunst Lêste útstalling fan it ympresjonisme. It ympresjonisme giet oer yn it postympresjonisme. De Skoalle fan Pont-Aven wurdt oprjochte. Auguste Rodin makket De tút. Auguste Rodin set út ein mei De Boargers fan Calais. 28 oktober - Yn New York wurdt it Frijheidsbyld ûntbleate.
Boukeunst
Kategory:19e iuw