Foarfallen jannewaris 26 - Slach by Dogaly: It Abessynske leger ferslacht it Italjaanske. 28 - Der wurdt úteinset mei de bou fan de Eiffeltoer. july 26 - Esperanto wurdt publisearre troch Ludovich Zamenhof. augustus 3 - Jacob Klazes Wassenaar, Klaas Willems Boorsma, en Lammert Scheltes Hilarides winne yn Frjentsjer de 36ste PC. Lammert Scheltes Hilarides wurdt útroppen ta kening. septimber 1 - Emile Berliner freget oktroai oan op de grammofoanplaat 4 - Ferdinand Domela Nieuwenhuis wurdt as in foarst ynhelle troch de Amsterdamske arbeiders. Fiif dagen earder is de sosjalistyske oanfierder ûntslein út de finzenis fan Utert, dêr't er in straf útsitten hie fanwege majesteitsskeining. 27 - Troch dagen fûle rein yn Sina rint de Giele Rivier oer. It wurdt de grutste natoerramp yn de hystoarje; 900.000 minsken komme om hals. 30 - Yn Montana brekt troch in misferstân de Krieë-Oarloch út tusken de Feriene Steaten en de Krieën. novimber 5 - Yn it ramt fan 'e Krieë-Oarloch fynt de Slach by Crow Agency plak, wêrby't it Amerikaanske Leger in oerwinning behellet. datum ûnbekend - Ruslân ferlit it Trijekeizersbûn. - Henry Morton Stanley makket de lêste reis, om Emin Pasha út Afrika werom te heljen. - Earste emigraasjeweach fan Russyske joaden yn Palestina.

Berne maart 5 - Pieter Horjus, Frysk winkelman en amateur-archeolooch († 1962) 12 - Jaring Walta, Frysk keunstkilder († 1971) 22 - Chico Marx, Amerikaansk komyk en akteur († 1961) maaie 19 - Harry Chamberlin, Amerikaansk militêr en hynstesporter († 1944) 28 - Jim Thorpe, Amerikaansk atleet († 1953) juny 29 - Geertje Roelinga-De Groot, Aldste persoan fan Nederlân († 1997) july 25 - Carl-Friedrich von Langen, Dútsk baron en hynstesporter († 1934) augustus 5 augustus - Hendrik Voordewind, Nederlânsk skriuwer en plysjeman († 1972) septimber 27 - Rixt, Frysk dichteresse († 1979) 28 - Avery Brundage, Amerikaansk sportbestjoerder, foarsitter fan it IOC († 1975) oktober 8 oktober - Michiel Sjouke Elings Visser, Frysk boer en oersetter († 1971) 23 oktober - William F. Hanson, Amerikaansk komponist en musikolooch († 1969) novimber 15 - Georgia O'Keeffe, Amerikaansk keunstskilder († 1986) datum ûnbekend

Ferstoarn 19 febrewaris - Eduard Douwes Dekker (Multatuli), Nederlânsk skriuwer (* 1820) 13 septimber - Hjerre Gjerrits van der Veen, Frysk ûnderwizer en skriuwer (* 1816) novimber - Swurddrager (Sword Bearer), opperhaad fan 'e Krieën (* 1865) 6 novimber - Eugène Pottier, Frânsk dichter en revolúsjonêr, skriuwer fan De Ynternasjonale (* 1816) 7 novimber - Assuerus Quaestius, Frysk jurist, keunstskilder en keunstsamler (* 1815) 8 novimber - Doc Holliday, Amerikaansk gokker en revolverman (* 1851)

Kategory:19e iuw