Peter Karstkarel (folút: Gerard Peter Karstkarel; Snits, 23 maart 1945 - Ljouwert, 24 febrewaris 2026) Architectuurkenner en kunsthistoricus Peter Karstkarel (80) overleden Omrop Fyslân, 24 febrewaris 2026 wie in Frysk publisist, (keunst)histoarikus, neerlandikus, arsjitektuerkenner.Literatuerplein oer Karstkarel.

Karstkarel studearre arsjitektuerskiednis yn Grins. Hy krige dêr kolleezje fan ûnder oaren Wim Beeren (1928-2000) en Ed Taverne.

Karstkarel skreau benammen oer arsjitektuer, byldzjende keunst en literatuer. Hy skreau foar de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd (keunstresensint) en Friesland Post. Hy hat oant 2006 wurke as redakteur non-fiksje by de Friese Pers Boekerij. Dêrnei waard er freelance amtner by de gemeente Ljouwert.

Karstkarel wie om 1970 hinne ien fan de oprjochters fan de Stichting MAF (Moderne Architectuur Friesland), dy't monumintale gebouwen beskermje wol.Oer MAF

Soms publisearre Peter Karstkarel, at er dat feiliger fûn, ûnder de skûlnamme Tymen Valk; hy levere sa b.g. koartswilige krityk op syn eigen artikels.

Kulturele manifestaasjes In protte fan de kulturele manifestaasjes dêr't er yn behelle wie, hienen te meitsjen mei klassike muzyk. Teffens wie er inisjatyfnimmer en organisator fan de Slachtemaraton, dy't sûnt 2000 om de fjouwer jier holden wurdt.Noorderbreedte

Publikaasjes Auteur 1985: Leeuwarden 1985: Elfstedentocht langs monumenten en musea 1987: Het Friese landschap in doorsnede 1991: Renaissance in Friesland 1993: Leeuwarden, beeld van een stad 1994: Oranje Nassau & Friesland 1998: Elfstedengids 2000: Klaas Koopmans 2005: 419× Friesland, in beskriuwing fan alle Fryske doarpen, flekken en stêden. Friese Pers Boekerij, ISBN 90-330-1191-3 2006: Bloedmooi Wûnseradiel 2007: Friese hofjes (mei Leo van der Laan) 2007: Onderdak in Achtkarspelen 2007: Alle middeleeuwse kerken-Van Harlingen tot Wilhelmshaven 2009: 323 x Groningen (mei Klaske Karstkarel) 2009: Kloosterpad 1453, Friese Pers Boekerij, ISBN 978-90-330-0928-0 2010: Alle middeleeuwse kerken in Friesland, Noordboek, ISBN 978-90-330-0959-4 2010: Alle middeleeuwse kerken in Groningen en Drenthe, Noordboek, ISBN 978-90-330-0960-0 2011: Sierlijk bouwen, Friese Pers Boekerij, ISBN 978-90-330-0902-0 2021: Wel aardig nou? Autobiografische schetsen, Bormeer Noordboek

Sekundêre auteur 1985: Kerken in Friesland (mei Sytse ten Hoeve) 1987: Wat wil Rome met Friesland ? (mei oaren) 1990: Stinsen en states (mei Ronald Elward) 1996: De Elfsagentocht (mei Lilian Ruijters) 1996: Leeuwarden (mei Johan Witteveen) 1997: Elfstedentocht 1997 (einred.) 1998: Woonhuizen in Friesland (mei oaren) 1999: Kloosterpad (mei Nanka Karstkarel) 2000: Architectuur in Fryslân (mei Jouke van den Bout en Arp Ernst) 2001: De Slachte (mei Ultsje Hosper en Siem van der Woude) 2002: Margareta de Heer (± 1600 - ± 1665) (mei Veerle Mans en Philippus Breuker) 2002: Barend Blankert (mei Albert Blankert, Pien Braat, Grace Westendorp en Harry R. Tupan) 2003: Friesland, een contrastrijke provincie (mei Erik Hesmerg en Willem Stegenga) 2003: Koningin van de Potmarge (mei Koos Foekema en Truus Duisterwinkel) 2003: Friesland, een contrastrijke provincie (mei Erik Hesmerg en Willem Stegenga), Friese Pers Boekerij, ISBN 90-330-1166-2

Redaksje 1983: Frisia illustrata (mei Gert Elzinga en Dick van der Maarel) 1989: Monumentaal Friesland 1990: Natuurgetrouw (mei Johan Fokkema e.o.) 1999: Friesland (mei Herman Conens, Theo de Witte en Johan Witteveen)

Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk keunsthistoarikus Kategory:Frysk keunstkritikus Kategory:Frysk literatuerkritikus Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk boekeredakteur Kategory:Sulveren Anjer Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1945 Kategory:Persoan stoarn yn 2026