Foarfallen 18 jannewaris - Lima, de haadstêd fan it hjoeddeistige Perû, wurdt stifte troch de Spaanske conquistador Francisco Pizarro. maart - In groep fan likernôch 300 anabaptisten ûnder lieding fan Minne Simens syn âldere broer Piter Simens nimt de Sistersjinzer abdij fan Kleaster Blomkamp, by Boalsert, yn. Se rjochtsje fersterkings op en ferniele de alters en hilligebylden, en stiftsje der harren 'Nij-Jeruzalim'. De Fryske steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch nimt de abdij yn. De oerlibjende de anabaptisten wurde ophongen, ûnthalze of, as it froulju binne, ferdronken. sûnder datum - Marten Luther skaft Sinteklaas ôf; it Krystbern wurdt de bringer fan geskinken.
Berne 22 novimber - greve Jan de Alde fan Nassau-Dillenburch, Dútsk-Nederlânsk ealman, opstanneling en steedhâlder fan Gelderlân († 1606) datum ûnbekend Wigbolt Ripperda, Steatsk militêr († 1573)
Ferstoarn 6 july - Thomas More, Ingelsk filosoof, skriuwer en politikus (* 1478)
Kategory:16e iuw