Foarfallen 3 maaie - In brân fermoedlik ûntstien troch bliksemynslach, leit in grut diel fan de stêd Delft yn de jiske. Karel fan Gelre besiket mei help fan de Fetkeapers de boargeroarloch in Grins yn syn foardiel te beslissen en de stêd te besetten, mar de ried fan de Stêd behinderet dat. Steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch ferslacht Karel fan Gelre yn de slach by Heiligerlee. Karel moat syn oanspraken op Grinslân en Drinte opjaan. Sebastiaan fan Schonenburch wurdt grytman fan Kollumerlân Menno Simons brekt iepenlik mei de roomske tsjerke 10 desimber , Ferdrach fan Grave: Karel fan Gelre krijt minder rjochten, mar Karel V krijt net it erfrjocht. Denemark ferklearret it keninkryk Noarwegen ta in Deenske provinsje; begjin fan Denemark-Noarwegen. Denemark fiert de Reformaasje yn; it lân wurdt Lutersk. Karel V wurdt lienhear en greve fan de gewesten Grinslân en Drinte.
Berne datum ûnbekend George fan Lalaing, greve fan Rennenberch, Spaansk steedhâlder fan Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel († 1581) Francisco Verdugo, de lêste Spaanske steedhâlder fan Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel († 1595)
Ferstoarn 19 maaie - Anne Boleyn, de twadde frou fan Hindrik VIII fan Ingelân, wurdt ûnthalze fanwege oerhoer. 12 july Erasmus fan Rotterdam, humanist
Kategory:16e iuw